Ferskil tusken ferzjes fan "Fatsoen"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
52 bytes grutter ,  1 jier lyn
L
hjir ek mar by
(nije side)
 
L (hjir ek mar by)
[[File:OdijkMeligheid.jpg|right|thumb|200px|In [[trottoir]]tegel yn [[Odijk]], mei in [[humor]]istyske moanning om 'e [[hûn]] net op 'e stoepe [[kjitte|skite]] te litten.]]
'''Fatsoen''' of '''fatsoenlikens''', of it hawwen fan fatsoen, is in [[minsklik]]e [[eigenskip]] dy't omskreaun wurde kin as it foldwaan oan 'e jildende [[noarmen en wearden]]. It omfiemet in grut tal [[maatskippij|sosjale]] konvinsjes, dy't as ûnderdiel fan 'e [[opfieding]] troch [[âldelju]] oan harren [[bern (persoan)|bern]] bybrocht wurde. In begryp dat wol wat wei hat fan fatsoen is [[moraal]]. De moreaal wurdt lykwols ornaris sjoen as eat mei in heger doel. Fatsoen oan 'e oare kant, hat benammen te krijen mei it deistich [[hâlden en dragen]] fan 'e [[minske]]n. It [[tsjinstelde]] fan fatsoen is '''ûnfatsoen'''.
 
Wat krekt fatsoenlik is, fariëarret sterk neigeraden de [[kultuer]] dêr't men diel fan útmakket. Sa binne yn 'e measte [[lân|lannen]] [[wet]]ten fan krêft tsjin foarmen fan hâlden en dragen dy't ûnfatsoenlik wêze soene, lykas om beskate [[lichem]]sdielen yn [[iepenbiere romte|it iepenbier]] [[bleatens|ûntbleate]] sjen te litten. Wat dat oangiet, binne de ferskillen tusken lannen en kultueren ûnbidige grut. Yn guon kultueren moatte [[manlju]] en/of [[froulju]] bygelyks altyd suver it hiele lichem bedutsen hâlde, wylst yn oare kultueren beide [[sekse]]n ûnder beskate omstannichheden (lykas oan it [[strân]]) frijwol neaken omrinne meie. Ek binnen ien lân kin it fatsoensbegryp lykwols sterk útinoar rinne, ôfhinklik fan 'e [[maatskiplik]]e, [[etnysk]]e en [[religieuze]] eftergrûn fan 'e persoan yn kwestje, of fan it krekte [[geografy]]ske [[plak]] dêr't men jin befynt. [[Klean]] dy't op it [[strân]] akseptabel binne, sille oer it algemien yn in [[winkel|doarpswinkel]] net as fatsoenlik jilde.

Navigaasjemenu