Minos: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
kt
Rigel 9: Rigel 9:
[[Kategory:Aldgryksk persoan fan Kreta]]
[[Kategory:Aldgryksk persoan fan Kreta]]
[[Kategory:Legindarysk persoan]]
[[Kategory:Legindarysk persoan]]
[[Kategory:Fiktyf Gryksk persoan]]

De ferzje fan 8 mai 2020 om 19.30

Minos (Aldgryksk: Μίνως) wie yn de Grykske mytology de kening fan Kreta, al is it net wis oft dizze kening al of net wier bestien hat. De Minoyske beskaving is nei him neamd.

Minos, yllustraasje fan Gustave Doré

Neffens de Grykske mytology wie Minos de soan fan Seus en Jeropa. Hy soe troud wêze mei Pasifae en wie heit fan ûnder oaren Ariadne, Mandubrasius, Deukalion, Fedra, Glaukos en Katreus. Hy waard kening fan Kreta doe't kening Asterion stoar. Minos ferbanne syn broers Radamantys en Sarpedon, dy't ek oanspraak makken op 'e troan. Minos wenne yn it paleis fan Knossos. Hy liet in doalhôf bouwe wêryn't de Minotaurus opsletten waard.