Springe nei ynhâld

Rottumereach: ferskil tusken ferzjes

L
st
L (corr using AWB)
L (st)
Yn [[1998]] hat der in soad dúnôfslach west oan de noardwestside fan it eilân. Om it hûs fan de lêste foud net in proai fan de weagen wurde te litten is oan'e ein fan it jier it âlde foudshûs ôfbrutsen troch Rykswettersteat. As ferfangende behuzing binne in oantal keten delsetten. Ek de kaap, in gesichtsbepalend kenmerk fan it eilân, is koart dêrnei, yn it neijier fan 1999, 150 meter súdoan fersetten omdat er troch alle dúnôfslach hast op it strân komd wie te stean. Om skea oan de kwetsbere natoer foar te kommen is dêrby in omwei fan sa'n twa kilometer makke. Ek it fûgelwachtershûs op Rottumereach is wyls ôfbrutsen.
 
Mei trochdat it ûnderhâld, dêr't nei de besetting fan it eilân wer mei útein set wie, neat úthelle hie tsjin de grutte ôfslach oan de ein fan de jierren '90, is yn 2002 besluten om ek op Rottumereach allinnich noch twarrestwaris jiers de oanspielde rommel op te rêden. Dit skjinmeitsjen wurdt dien troch frijwilligers ûnder lieding fan in meiwurker fan Rykswettersteat. Dêrneist wurde by inkele lytse geulen om it oanlânjen folgje te kinnen prikken setten.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
12.648

bewurkings