Prinsetún: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
plaatsje
Bettere ôfbylding fan skilderij Bonga
Rigel 1: Rigel 1:
[[File:516455 Muziekkoepel.jpg|thumb|De muzykkoepel fan de Prinsentún (2016)]]
[[File:516455 Muziekkoepel.jpg|thumb|De muzykkoepel fan de Prinsentún (2016)]]
[[Image:Prinsentuin Leeuwarden.jpg|thumb|De Prinsetún yn Ljouwert yn de [[19e iuw]]<br><small>troch [[Jacob Bonga]]</small>]]
[[Image:Jacob Symons Bonga - Feest in de Prinsentuin in Leeuwarden.jpg|thumb|De Prinsetún yn Ljouwert yn de [[19e iuw]]<br><small>troch [[Jacob Bonga]]</small>]]
'''De Prinsetún''' is in park oan de noardkant fan de [[binnenstêd]] fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
'''De Prinsetún''' is in park oan de noardkant fan de [[binnenstêd]] fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
<br>
<br>

De ferzje fan 5 mai 2020 om 13.11

De muzykkoepel fan de Prinsentún (2016)
De Prinsetún yn Ljouwert yn de 19e iuw
troch Jacob Bonga

De Prinsetún is in park oan de noardkant fan de binnenstêd fan Ljouwert.
Yn 2004 is oan in grutte ferbouwing begûn. It park waard foar in grut part op 'en nij oanlein nei in eartiidsk ûntwerp. De stedsjachthaven waard ek ferboud.

Skiednis

Om 1650 hinne waard der op dit plak in park/lusthôf oanlein yn opdracht fan prins Willem Freark fan Nassau-Dietz. In earebetoan oan de ein fan de 80-jierrige oarloch en de frede fan Münster. Dit gedielte fan de stêd soe noch sa’n 150 jier ôfsluten bliuwe foar it publyk. Yn opdracht fan Kening Willem I waard it park iepenbier. Hy skonk de Prinsetún oan de Ljouwerter befolking. It park waard faker ferboud, yn 1734 yn Le Nôtrestyl oant it yn 1795 frij tagonklik waard.

Om 1822 hinne waard de tún ferboud troch Lucas Pieters Roodbaard. Nei wer in oantal ferbouwings waard de tún yn 2004 wer foar it grutste part in de styl brocht sa't Roodbaard dy destiids oanlizze litten hie. Der waarden doe ek akkomodaasjes boud foar de stedsjachthaven.

De Ljouwerter Theo Douma betocht en boude de hjoeddeiske horekafoarsjenning mei de namme De Koperen Tún, neamd nei de roman van Simon Vestdijk. It etablissemint waard yn 1989 troch de widdo Mieke Vestdijk offisjeel iepene.

In de tún stiet ek it Pier Pander Museum, dat yn 1954 iepene waard.

Galery

Trivia

  • De tún út de roman De koperen tún fan Simon Vestdijk is nei alle gedachten de Prinsetún. De wichtichste dielen fan it ferhaal spylje har dêr ôf.