Hânfyts: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
taal (mar hjir is mear te dwaan)
Ji-Elle (oerlis | bydragen)
+pict
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Kompaktes Handbike.jpg|thumb|Oankeppel-hânfyts]]
[[Ofbyld:Kompaktes Handbike.jpg|thumb|Oankeppel-hânfyts]]
[[File:Alter Rollstuhl mit Handkurbeln r.jpg|thumb|In âlderwetske hânfyts]]
[[File:Alter Rollstuhl mit Handkurbeln r.jpg|thumb|In âlderwetske hânfyts]]
[[File:A handicapped person -sport-.jpg|thumb|Hânfyts yn [[Benyn]]]]
In '''hânfyts''' is in [[fyts]] dy't oandreaun wurde kin mei gebrûk fan de earmen.
In '''hânfyts''' is in [[fyts]] dy't oandreaun wurde kin mei gebrûk fan de earmen.



De ferzje fan 3 mai 2020 om 07.14

Oankeppel-hânfyts
In âlderwetske hânfyts
Hânfyts yn Benyn

In hânfyts is in fyts dy't oandreaun wurde kin mei gebrûk fan de earmen.

De hânfyts

De fyts waard útfûn om minsken mei in lichaamlike beheining oan de fuotten dy't dêrtroch gebrûk meitsje fan in rolstoel in gruttere aksjeradius te geven. It op gong bringen is dus mooglik mei in selde systeem as by in gewoane fyts, alinne dizze wurdt mei de hannen/earmen betsjinne wurdt en net mei de fuotten/skonken. Yn Nederlân, It fytslân by útstek, is it gebrûk fan de hânfyts foar transport, rekreaasje as topsport tige populêr. Dat is te sjen oan it oantal oanbieder, gebrûkers, produkten, eveneminten en klups rûnom de sport dy't bekind stiet as hânfytsen. Der binne grofwei twa soarten hânfytsen te ûnderskieden: de oankoppel-hânfyts en de fêstframe-hânfyts. fan beide types besteane ferskeidene farianten oanpast op it soart gebrûk.

De oankeppel-hânfyts

De ankeppel-hânfyts bestiett út in tsjil ynklusief oandriuwmechanisme dat oan de rolstoel befestige wurdt. Dat wurdt op san manier dien dat de foartsjillen fan de rolstoel de grûn net mear reitsje, en dêrtroch in fyts mei trije tsjillen ûntstiet. De oankeppel-hânfyts is bedoeld foar transport en lichte sportaktiviteiten bygelyks toertochten fan 25 à 30 km. De neidruk fan it ûntwerp leit op de gebrûksfreonlikens, en dan foaral op de manier fan oankeppeljen. Faaks bart it oankeppeljen mei behelp fan in pen yn gatferbinning tusken de fuotten fan de fytser. Mar der binne ek oankoppelsystemen wêr't by de fytser de hânfyts oan it frame fan de rolstoel klikt.

De Fêstframe-hânfyts

De fêstframe-hânfytsen binne fytsen dy't net oan de rolstoel keppelle hoege te wurden. Se ha in selsstannich frame meastentiids mei trije tsjillen. Dizze fytsen wurde brûkt foar de sportyfere aktyfyteiten bygelyks hurdfytswedstriiden en de langere toertochten fan 30 oant sa'n 200 km bygelyks de fyts-âlfestêdentocht op pinkstermoandei. De neidruk fan it ûntwerp leit op erodynamyka. Dizze hânfytsen ha troch it fêste frame in bettere weilizzing en rydt lichter dan in ankeppel-hânfyts. De sithâlding op in fêstframe-hânfyts kin ferskille, it kin in gewoane sithâlding wêze mar ek op 'e knibbels as lizzend sa âs op in lisfyts. De snelhyd fan dizze fytsen is sa'n twa kear sa grut as by in rolstoel.

Earm Krêft

De lizzende sithâlding fan de Earm krêft hânfytsen (Arm Power) soarget derfoar dat de hânfyts fanút de skouders en earmen bewage wurd. De sit is efteroer en met de fuotten nei foaren. Dizze hânfytsen wurde yn it wedstriid circuit brûkt troch fytsers dy't klassifisearre binne yn de klassen H1 oant en mei H3. [1][2]

Earm Romp Krêft

De knibbel sithâlding fan de Earm Romp krêft hânfytsen (Arm Trunk Power) soarget derfoar dat de hânfyts fanút de romp, skouders en earmen wurd aandreaun. De sit is foaroer, op 'e knibbels. Mei dizze sithâlding kin de folsleine romp brûkt wurde foar de oandriuwing. Dizze hânfytsen wurde yn it wedstriid circuit brûkt troch fytsers dy't binne klasifisearre yn de H4 klasse. [3][4]

De Elektryske hânfyts

De elektryske hânfyts wurdt troch in elektromotor op gong brocht soms as trapûndersteuning en soms as een soarte fan brommer. Meastal is de elektryske hânfyts een oankeppel-hânfyts. Mei in elektryske hânfyts kin ûngefear tusken de 6 en 20 km yn 't oere riden wurde.

ATB-hânfyts

De ATB-hânfyts ek wol mountain(hân)fyts en Off road hânfyts neamt is geskikt foar it fytsen fan de ûngelykense rûge net ferhude paden. De ATB-hânfyts is meastentiids in fêstframe-hânfyts en hat dikke bannen mei in soad profyl.

Regels

In hânfyts is in fyts, in fytser dy't gebrûk makket fan in hân moat sich foar de feiligens en de dúdelikens nei it oare ferkear hâlde oan de foar fytsers jildende ferkearsregels. Een fêstframe-hânfyts falt kwa fergoedingen ûnder de sportrolstoelen omdat dit soarte fan hânfytsen foaral foar de sport en langere toertochten brûkt wurde. Mar yn it ferkear moat hja sich ek hâlde oan de foar fytser jildende regels. dêrom heart in hânfyts ek lykâs gewoane fytsen wêr mooglik dêlsetten te wurden op de dêrfoar aanwêzen plakken. Ek heart in hânfytser by it ôfslaan in signaal mei de earm te jaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) handbiken.nl classificatie voor handbikers
  2. (ned) DoublePerformance.nl Arm Power
  3. (ned) handbiken.nl classificatie voor handbikers
  4. (ned) DoublePerformance.nl Arm Trunk Power