Mount Melleray Abbey: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
"Waterford_Co_CoA.png" is op Commons fuorthelle Moheen om't: Copyright violation, see c:Commons:Licensing.
Rigel 8: Rigel 8:
| namme bestjoerlike ienheid 1=
| namme bestjoerlike ienheid 1=
| bestjoerlike ienheid 2 = greefskip
| bestjoerlike ienheid 2 = greefskip
| namme bestjoerlike ienheid 2= [[File:Waterford Co CoA.png|20px]] [[Waterford]]
| namme bestjoerlike ienheid 2=[[Waterford]]
| bestjoerlike ienheid 3 =
| bestjoerlike ienheid 3 =
| namme bestjoerlike ienheid 3=
| namme bestjoerlike ienheid 3=

De ferzje fan 21 mrt 2020 om 06.49

Mount Melleray Abbey
bouwurk
lokaasje
lân Ierlân
greefskip Waterford
plak Cappoquin
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1833-20e iuw
boustyl Neogotyk
offisjele webside
Side kleaster

Mount Melleray Abbey is in yn 1833 stifte kleaster fan de trappisten yn Ierlân. It leit op de hellings fan de Knockmealdown Mountains, noardlik fan Cappoquin, yn it katolike bisdom Waterford.

Skiednis

Mei de ûnderdrukking fan kleasters yn it Frankryk fan nei de Frânske Revolúsje kamen guon ûnteigene trappisten yn 1794 nei Ingelân om dêr yn Lulworth, Dorset, it monastike libben fuort te setten. De muontsen koene lykwols yn 1817 a l werom nei Frankryk en stiften dêr yn Bretanje op 'e nij it âlde Abbaye Notre-Dame de Melleray. It kleaster dêr waard al gau drok befolke, mar de Julyrevolúsje fan 1830 brocht nije ferfolgings, benammen foar de muontsen fan bûtenlânske komôf. De abt fan Melleray stjoerde de muontsen no nei Ierlân om dêr in abdij te stiftsjen.

Op 30 maaie 1832 waard it kleaster stifte en bewenne troch in mienskip fan de út Frankryk ferballe Ierske en Ingelske muontsen. Nei ferskate kearen besykjen om in lokaasje foar de bou fan it kleaster te finen, akseptearre abt Vincent de Paul Ryan it oanbod fan Sir Richard Keane om in stik ûnfruchtber ûnlân te hieren fan sa'n 500 hektare, dat ferfolgens útwreide waard oant 700 hektare. By it oanmeitsjen fan it lân krigen de muontsen help fan de plattelânsbefolking.

Yn 1833 waard op it feest fan Sint-Bernardus de earste stien fan de nije abdij lein. Ta oantinken fan it memmekleaster waard it Mount Melleray neamd. It kleaster krige yn 1835 de status fan abdij. Fanút Mount Melleray waard yn dat jier in lytse mienskip muontsen útstjoerd om it Mount Saint Bernard Abbey yn Ingelân te stiftsjen. Oare stiftings fanút Mount Melleray binne yn 1849 New Melleray Abbey by Dubuque yn Iowa (FS), yn 1878 Mount Saint Joseph Abbey yn Roscrea (Ierlân), yn 1938 Mellifont Abbey (Ierlân), yn 1948 Our Lady of Bethlehem yn Portglenone (Noard-Ierlân) en yn 1954 op it Noardereilân Southern Star Abbey (Nij-Seelân).

Under abt Vincent de Paul Ryan waard fierder gien mei de bou fan de abdij, mar hy ferstoar op 9 desimber 1845. Om't ûnder de opfolgers fan abt Vincent de Paul Ryan de aktiviteiten fan de mienskip ferskoden nei it misjonêre wurk, duorre it oant de jierren 1920 ear't de bou fierder eine. Doe kocht Dom Marius O'Phelan de grutte kalkstiennen blokken oan fan it 40 kilometer westlik lizzende Mitchelstown Castle, dat troch lokale IRA-oanhingers op 12 augustus 1922 yn 'e brân stutsen wie. De eigners fan it slot lieten de ruïne yn 1925 ôfbrekke en de stiennen waarden fan Mitchelstown ferfierd nei it plak fan it kleaster.

De opfolgers fan Marius O'Phelan wurken fierder oan de foltôging en de muontsen einigen mei in grut oerskot fan stiennen, dy't se op it fjild om it kleaster hinne opsteapelen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Mount Melleray Abbey