Giusto de' Menabuoi: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Blokhaak externe link
 
Rigel 9: Rigel 9:


{{Boarnen|boarnefernijing=
{{Boarnen|boarnefernijing=
* {{it}} [http://www.treccani.it/enciclopedia/giusto-de-menabuoi_(Enciclopedia-dell'-Arte-Medievale Enciclopedia Italiana di Scienze, Lettere ed Arti (Treccani))
* {{it}} [http://www.treccani.it/enciclopedia/giusto-de-menabuoi_(Enciclopedia-dell'-Arte-Medievale Enciclopedia Italiana di Scienze], Lettere ed Arti (Treccani))
{{reflist}}
{{reflist}}
----
----

De hjoeddeiske ferzje sûnt 14 feb 2020 om 08.27

Koepelfresko doopkapel (Giusto de’ Menabuoi)'

Giusto de’ Menabuoi, ek Giusto da Padova neamd, (Florâns, om 1320 - Padûa, 1391) wie in Italjaanske keunstskilder fan de iere Renêssânse.

Hy wurke yn Lombardije oan in fresko fan it Lêste Oardiel yn de abdij fan Viboldone yn Milaan. Dêrnei ferhûze er nei Padua dêr't er de fresko's foltôge yn in kapel fan de Chiesa degli Eremitani, Sint-Antonius fan Padua-basilyk en fral dy fan de doopkapel fan de domtsjerke fan Padûa.

Tusken 1375 en 1378 brocht Giusto de’ Menabuoi yn opdracht fan Fina Buzzaccarini, de frou fan de hear fan Padûa, Francesco I da Carrara, de fresko's oan yn de doopkapel fan de katedraal fan Padûa. Hja wie fan doel om de doopkapel te brûken as mausoleum fan harren famylje.

Giusto de’ Menabuoi ferstoar yn 1391 yn Padûa.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: