Fiskmarter: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Fisher_map.png ferfange troch Fisher_area_without_borders.png (troch CommonsDelinker om't: File renamed: Criterion 4 (harmonizing names of fi
Rigel 13: Rigel 13:
}}
}}
|-
|-
|[[File:Fisher map.png|right|thumb|250px|It [[ferspriedingsgebiet]] fan 'e fiskmarter.]]
|[[File:Fisher area without borders.png|right|thumb|250px|It [[ferspriedingsgebiet]] fan 'e fiskmarter.]]
|-
|-
|}
|}

De ferzje fan 31 des 2019 om 11.21

Berjocht:Soarte útwreide
It ferspriedingsgebiet fan 'e fiskmarter.

De fiskmarter (Latynske namme: Martes pennanti) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), it skaai fan 'e marters (Martes) en it no monotypyske (út ien soarte besteande) ûnderskaai fan 'e fiskmarters (Pekania). De fiskmarter is lânseigen yn it meastepart fan súdlik Kanada en yn beheinde dielen fan 'e legere achtenfjirtich Feriene Steaten. Dit bist dielt syn ferspriedingsgebiet mei in oare martersoarte, de Amerikaanske marter (Martes americanai), mar is dêrfan te ûnderskieden trochdat er grutter en dûnkerder fan kleur is.

Etymology

De fiskmarter wurdt sa neamd om't de Ingelske namme foar dit bist fisher ("fisker") is. Nettsjinsteande dat yt dizze martersoarte mar komselden fisk. De namme fisher komt fan 'e namme dy't de Nederlânske kolonisten fan Nij-Nederlân oan dit bist joegen: fisse of visse, fanwegen it feit dat de pelzen fan 'e fiskmarter, dy't de Yndianen harren ferkochten, sa lieken op dy fan 'e murd (Mustela putorius). De (doetiidske) beneaming fisse of visse foar murdepelzen kaam wer fan it Frânske fiche of fichet. De wittenskiplike namme foar de fiskmarter is Martes pennanti, nei de soölooch Thomas Pennant, dy't dit bist yn 1771 beskreau. De Abenaky-Yndianen neame de fiskmarter pekan, en dêfan is de namme fan it ûnderskaai Pekania ôflaat.

Oarsprong

Der bestiet bewiis dat de foarâlden fan 'e fiskmarter ûnder it Plioseen, sa'n 2,5 oant 5 miljoen jier lyn, út Aazje nei Noard-Amearika kommen binne, dêr't it ûnderskaai fan 'e fiskmarters (Pekania) him neitiid fierder ûntjoech. As soarte giet de fiskmarter likernôch 125.000 jier tebek. De fynst fan fossilen bewiist dat it areaal fan 'e fiskmarter yn prehistoaryske tiden oansjenlik grutter wie as no.

Fersprieding

De fiskmarter komt foar yn it grutste part fan súdlik Kanada, mei útsûndering fan 'e noardlike útein fan 'e Grutte Flakten, yn Alberta en Saskatchewan, en it uterste súdwesten fan Britsk-Kolumbia. Ek op Vancouvereilân, oan 'e westkust, en op Prins Edwardeilân, Kaap Bretoneilân en Nijfûnlân, oan 'e eastkust, ûntbrekt er. Ofsjoen dêrfan strekt it ferspriedingsgebiet fan 'e fiskmarter him út fan 'e kust fan 'e Stille Oseaan, yn Britsk-Kolumbia, nei it easten ta. It rint mei in slinger nei it noarden ta om 'e Grutte Flakten hinne, wêrby't de noardgrins oan 'e súdlike igge fan 'e Grutte Slavemar leit. Fia de noardlike igge fan 'e Grutte Marren rint it dan fierder nei it easten ta oant it yn súdlik Kebek en yn Nij-Breunswyk en Nij-Skotlân útkomt oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan.

In fiskmarter yn 'e bosk, by Ipswich, yn Massachusetts.

Bûten Kanada komt de fiskmarter foar yn it uterste súdlike puntsje fan 'e Alaska Panhandle, en fierders yn dielen fan 'e legere 48 Feriene Steaten. Dêr is er lânseigen yn it noardlike part fan Nij-Ingelân en yn 'e Appalachen oant yn Pennsylvania en West-Firginia; fierders bewesten de Grutte Marren, yn noardlik Minnesota, noardlik Wiskonsin en Opper-Michigan; en teffens yn 'e Rocky Mountains fan Idaho en westlik Montana en Wyoming, yn 'e Cascadesbergen fan Washington, Oregon en Kalifornje, en yn dy lêste steat ek yn 'e Sierra Nevada, dy't it súdlikste punt fan 'e fersprieding foarmje.

Uterlike skaaimerken

manlike fiskmarters hawwe trochinoar in totale lichemslingte fan 90-120 sm, mei in gewicht fan 3½-6 kg, wylst de wyfkes yn trochsneed 75-95 sm lang binne, mei in gewicht fan 2-2½ kg. It grutste dokumintearre fiskmartermantsje weage 9 kg. Behalven it ferskil yn grutte en gewicht komt der by de fiskmarter net folle seksuële dimorfy foar. De pels fan in fiskmarter is tsjûk en ticht, en winterdeis dûnkerbrún oant swart fan kleur; by 't simmer is de kleur yn 'e regel ljochter. Fiskmarters ferhierje tusken septimber en desimber.

In fiskmarter yn 'e snie.

Oan eltse poat hat de fiskmarter fiif teannen mei ynlûkbere klauwen. De poaten binne bûtenproporsjoneel grut yn ferhâlding ta it lichem, wat it makliker makket om op in tsjûk sniedek te rinnen of te draven. Rûge hierren op 'e soallen soargje derfoar dat de fiskmarter sels op 'e glysterichste ûndergrûnen goed út 'e fuotten kin. De ankelgewrichten binne folle mobiler as by de minske, en kinne hast 180 graden yn 't rûn draaie, sadat fiskmarters ek earsten klimmers binne, en mei de kop nei ûnderen ta by beammen del gean kinne.

Biotoop

Fiskmarters binne boskbewenners, en hoewol't se treflik klimme kinne, bringe se it meastepart fan 'e tiid troch op 'e wâldflier. Se komme foar yn sawol nullewâld as yn mingd wâld en lykje har dêr like thús te fielen. Wol jouwe se dúdlik de foarkar oan trochrinnend wâldgebiet yn tsjinstelling ta fragmintaryske perselen wâldlân mei romte dertuskenyn. Om't se ridlik grutte beammen nedich binne om har nêst yn te meitsjen, kinne se yn jonge oanplant net bestean.

Hâlden en dragen

Fiskmarters binne benammen aktyf om 'e jûnsskimer en de moarnsdage hinne. Se hâlde gjin wintersliep en libje oer it algemien in solitêr bestean, dat inkeld yn 'e peartiid ferbrutsen wurdt. It territoarium fan in fiskmarter kin útinoar rinne fan 6,6 km² by 't simmer oant goed 14 km² winterdeis. Ofhinklik fan 'e terreinsgesteldheid en it foarkommen fan proaidieren kin dat sels oprinne oant 20 km². De territoaria fan mantsjes en wyfkes oerlaapje inoar.

In fiskmarter klimt yn in beam.

De peartiid fynt by fiskmarters ein maart, begjin april plak, wêrnei't in ferlingde draachtiid de ymplantaasje fan 'e befruchte aaisel yn it limoer tsien moanne lang ophâldt, oant mids febrewaris fan it folgjende jier. De eigentlik draachtiid, dy't dan begjint, duorret sa'n 50 dagen, wêrnei't it wyfke in nêst en 1-4 jongen smyt. Net mear as 7-10 dagen letter wurdt it wyfke djoeisk en begjint de peartiid wer.

De wyfkes meitsje in nêst yn in holle beam, dêr't de jongen blyn en helpleas te wrâld komme, hoewol't se al wol foar in diel oerdutsen binne mei sêft hier. Mei 3 wiken begjinne de jongen op eigen manneboet om te krûpen en mei 7 wiken geane de eachjes iepen. Noch in wike letter begjinne se te klimmen. Mei 8-10 wiken wurde se ôfwûn en begjinne se fêst foer te fretten. As se 4 moannen âld binne, kinne se net mear oer de wei mei har nêstgenoaten en noch in moanne letter wurde se troch it wyfke ferdreaun en moatte se harsels sjen te rêden. Fiskmarters binne mei in jier geslachtsryp en fêstigje dan ek in eigen territoarium.

Behalven de minske hawwe fiskmarters net in protte natuerlike fijannen. Ynsidinteel falle se wolris ta proai oan 'e reade lynks (Lynx rufus), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de poema (Puma concolor), de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de grizzlybear (Ursus arctos horribilis), de grize wolf (Canis lupus) of de prêrjewolf (Canis latrans).

In fiskmarter mei ferskate stikels fan in oerzon yn 'e kop.

Fretten

Fiskmarters binne omnivoaren, dy't in breed ferskaat oan lytsere bisten frette, mar ek wol nuten, beien en poddestuollen lytsman meitsje. Faak litte se in foarkar blike foar de Amerikaanske hazze (Lepus americanus). De fiskmarter is ek ien fan 'e mar in pear rôfdieren dy't súksesfol jacht makket op 'e oerzon of Noardamerikaanske beamkjifstikelbaarch (Erethizon dorsatum). Fierders frette se ek wol ynsekten, aaien, fûgeljongen, lytse sûchdieren en ies. Soms bejeie se ek gruttere bisten, lykas de kalkoen (Meleagris gallopavo). Nettsjinsteande harren namme beplúzje fiskmarters mar komselden fisk.

Undersoarten

Yn 1935 waarden fan 'e fiskmarter trije ûndersoarten identifisearre: de echte fiskmarter (Martes pennanti pennanti), de Britsk-Kolumbiaanske fiskmarter (Martes pennanti columbiana) en de Pasifyske fiskmarter (Martes pennanti pacifica). Ut neier ûndersyk die yn 1959 lykwols bliken dat de ferskillen tusken dizze trije farianten te lyts binne om fan wiere ûndersoarten sprekke te kinnen. Hoewol't de diskusje noch net alhiel ferstomme is, wurdt tsjintwurdich oer it algemien foar wier oannommen dat de fiskmarter gjin ûndersoarten hat.

Status

De fiskmarter hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Fiskmarters hawwe in lange skiednis fan kontakt mei de minske, dy't yn 'e regel yn it neidiel fan 'e fiskmarter beteard is. Se waarden teminsten sûnt de achttjinde iuw en mooglik al earder bejage foar har pels, dy't brûkt waard (en wurdt) om bûntene sjalen, moffen en kragen fan te meitsjen. Benammen yn 'e 1920-er en 1930-er jierren bestie der in grutte fraach nei fiskmarterpelzen, dy't yn 1936, op it hichtepunt, $450 oant $750 it stik kosten. Neitiid rekke de hannel yn sok guod oant de 1970-er jierren yn it neigean, mar sûnt is der in oplibbing geande. Yn 1999 waard yn Kanada $27 foar in fiskmarterpels betelle.

In fiskmarterpels.

As gefolch fan oerbejaging waard de fiskmarter tusken 1900 en 1940 yn 'e súdlike parten fan syn ferspriedingsgebiet mei útstjerren bedrige. Sadwaande waard de jacht op dizze bisten yn 'e Feriene Steaten yn 1934 ferbean, hoewol't it yn Kanada gewoan trochgie. Yn 1962, nei't de Amerikaanske populaasje bekommen wie, waard de fiskmarter ek yn 'e Feriene Steaten wer frijjûn foar de jacht. Yn it ferline (fan 1920 oant de ein fan 'e 1940-er jierren) is wol besocht om fiskmarters yn finzenskip te hâlden foar de pelsfokkerij, mar dat bliek dreech fanwegen de ûngewoane fuortplantingssyklus fan dit bist. Boppedat binne se yn finzenskip fetber foar withoefolle sykten, mei as gefolch dat se ek net in protte yn dieretunen holden wurde.

Fiskmarters wurde troch boeren faak as in pleachdier beskôge, mei't se it foar de moade hawwe om nachtlike oerfallen te dwaan op hinnehokken en ferbliuwen fan oar plomfee, dêr't se dan in wiere slachting oanrjochtsje kinne. Ek wurde fiskmarters wol ferantwurdlik holden foar oanfallen op húsdieren, lykas katten. Undersyk hat lykwols útwiisd dat in protte oanfallen op plomfee en húsdieren dy't oan fiskmarters taskreaun wurde, eins dien wurde troch reade lynksen of prêrjewolven. Unprovosearre oanfallen fan fiskmarters op minsken komme mar uterst selden foar, mar as se har bedrige fiele, sille fiskmarters, krektlyk as alle oare wylde bisten, fan har ôfbite. Der is ien saak bekend út 2009, wêrby't in fiskmarter yn 'e Amerikaanske steat Rhode Island in seisjierrich jonkje oanfallen hawwe soe, en in oare saak, út 2014, wêrby't in fiskmarter in tolvejierrige jonge oanfoel yn Massachusetts.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.