Eli Asser: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 24: Rigel 24:
==Keppelings om utens==
==Keppelings om utens==
*[http://www.onsamsterdam.nl/component/content/article/15-dossiers/833-de-vaste-route-van-eli-asser ''De vaste route van Eli Asser, Onsamsterdam.nl]
*[http://www.onsamsterdam.nl/component/content/article/15-dossiers/833-de-vaste-route-van-eli-asser ''De vaste route van Eli Asser, Onsamsterdam.nl]
*[http://www.50pluswijzer.nl/90-jarige-taalvirtuoos-eli-asser-nog-altijd-actief/]
*[http://www.imdb.com/name/nm0039827/ IMDb-profyl]
*[http://www.imdb.com/name/nm0039827/ IMDb-profyl]



De ferzje fan 24 des 2019 om 17.58

Eli Asser yn 1990

Elias (Eli) Asser (Amsterdam, 22 desimber 1922 - dêre, 25 jannewaris 2019) wie in Nederlânsk senarioskriuwer en lietsjeskriuwer fan joadsk komôf.

Libben

Asser wie de jongste soan fan Isaäc Asser (1883-1942), in merkkeapman dy't skearmeskes ferkocht en syn twadde frou Johanna van West (1892-1942). Heit Asser hie út syn earste houlik mei Esther Kreveld (1892-1943) al in soan. Nei Eli kaam der noch in dochter. Assers heit, syn mem, de earste frou fan syn heit en syn broer en suster kamen om yn de ferneatigingskampen.

Yn de Twadde Wrâldkriich wurke er ûnder oaren by de Joodsche Raad en as learling-ferpleger yn de Joadske psychiatryske ynrjochting Het Apeldoornsche Bosch. Op de jûn foar't alle pasjinten troch de besetter fuorthelle waarden, begjin 1943, dûkte Asser tegearre mei syn freondinne ûnder.[1] Letter soe er syn ûnderfinings ferwurkje yn it toanielstik Aan de vooravond. Asser siet dêrnei in skoft ûnderdûkt by in in boer in Fryslân.

Wurkpaad

Asser waard nei de befrijïng sjoernalist. Hy wurke foar it Haagsch Dagblad en it wykblêd Vrij Nederland. Asser bruts troch as tekstskriuwer yn 1953 mei de koartswillige radiostrip Mimosa (letter Mimoza, MInisterie van MOeilijke ZAken) by de VARA. Dat programma, mei yn de haadrollen Ko van Dijk, Johan Kaart en Conny Stuart en de special effects lûdsman Jan Oradi, wie tige populêr.

Letter skreau Asser reklameteksten en makke er ûnder oaren komedys foar de KRO en de AVRO. Nasjonaal ferneamd waard er mei de komedysearjes dy't yn de jierren 1969-1972 troch de KRO útstjoerd waarden:

Hy skreau ek de lietteksten foar dy rigen, bygelyks Het zal je kind maar wezen, op muzyk set fan Harry Bannink en fertolke troch Adèle Bloemendaal. Mei dy lêste en mei Leen Jongewaard wurke er ek oan teätershows. Yn 1979 makke er in musical-ferzje fan it klassike toanielstik Potasch & Perlemoer.

De lietteksten fan Asser waarden bondele ûnder de titel: Het zal je kind maar wezen; verzamelde liedteksten. Hy publisearre 2004 it boek Alles is meegenomen, dat foar it grutstepart bestiet út brieven dy't hy en syn frou Eefje (Eva Croiset 1923-2002) elkoar skreaune yn harren ûnderdûktiid.

Asser wie yn 2008 te sjen yn in ôflevering fan de dramasearje Keyzer & De Boer Advocaten as de joadse hear Simon.[2]

Eli Asser is de heit fan trije bern, ûnder oare Hella Asser (de oarehelte fan kabaretier Freek de Jonge).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ze zouden een krankzinnigengesticht toch niet naar Polen verplaatsen? Oorlogsmonumenten.nl
  2. Oflevering 39 Klokkenluider, útstjoerd op 24 febrewaris 2008.