Jehannes de Krigertsjerke (Moskou): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
Flag_of_Moscow.svg ferfange troch Flag_of_Moscow,_Russia.svg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: to avoid confusion with other moscows).
Rigel 12: Rigel 12:
| bestjoerlike ienheid 3 =
| bestjoerlike ienheid 3 =
| namme bestjoerlike ienheid 3=
| namme bestjoerlike ienheid 3=
| plak = [[File:Flag of Moscow.svg|20px]] [[Moskou]]
| plak = [[File:Flag of Moscow, Russia.svg|20px]] [[Moskou]]
| adres = 46, Ul. Bolsjaja Jakimanka
| adres = 46, Ul. Bolsjaja Jakimanka
| koördinaten =
| koördinaten =

De ferzje fan 19 des 2019 om 20.01

Jehannes de Krigertsjerke

Иоанновоининская церковь

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres 46, Ul. Bolsjaja Jakimanka
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1709-1713
arsjitekt Ivan Zarûdny (?)
boustyl Barok
offisjele webside
hram-ioanna-voina.ru

De Tsjerke fan de Hillige Jehannes de Kriger (Russysk: Церковь Иоанна Воинаis) is in Russysk-otterdokske tsjerke yn it distrikt Jakimanka fan Moskou, Ruslân. De tsjerke datearret út de tiid doe't Peter de Grutte regearre en waard boud tusken 1704 en 1717. It ûntwerp fan de tsjerke wurdt taskreaun oan de arsjitekt Ivan Zarûdny, alhoewol't dêr gjin wissichheid oer bestiet.

It gebiet tusken de hjoeddeiske strjitte dêr't de tsjerke oan stiet en de rivier de Moskva strûpte der eartiids yn de maaitiid jimmeroan ûnder. Hjir leine delsettings fan de Streltsy, Poalen en boeren. Neffens de oerlevering soe Peter de Grutte tidens in ynspeksje fan de wetterskea syn each fallen litten hawwe op de skeinde Jehannestsjerke út 1625. Hy joech doe de opdracht om de tsjerke op in heger en feiliger plak te bouwen. It hek om de tsjerke waard letter yn 1754-1758 boud.

Yn de jierren 1779-1791 waard de tsjerke beskildere mei fresko's fan Gabriel Domozjirov. Tagelyk krige de tsjerke in ikonostase fan Vasily Bazjenov. It wurk fan Domozjirov en Bazjenov gyng lykwols yn de jierren 1860 ferlern.

De tsjerke yn de 19e iuw

It godshûs hat slim te lijen hân tidens de besetting fan Moskou troch Frânske troepen. De tsjerke waard troch Napoleon's troepen plondere en ûnthillige. Neitiid koe de tsjerke mei jeften de skea wer herstelle en yn 1840 hie de tsjerke har oarspronklike alluere werom.

De tsjerke bleau as ien fan de net folle tsjerken it hiele Sovjet-tiidrek iepen. Likegoed gyng de kristenferfolging yn dy tiid ek net foarby oan de parochy fan Jehannes de Kriger. Yn 1922 waarden alle weardefolle saken fan de tsjerke konfiskearre en yn itselde jier waard de preester fan de tsjerke, Christoffel Nadezjdin, der fan beskuldige de konfiskaasje fan tsjerklike eigendommen te sabotearjen en mei oaren eksekutearre. De preester waard nei it ynstoarten fan de Sovjet-Uny as nije martler hillich ferklearre troch de Tsjerke. Nei de revolúsje waard de tsjerke boppedat in sammelplak fan ikoanen en reliken út tsjerken dy't troch de kommunisten sloopt waarden. Yn 1928 krige de ikonostase fan de fernielde Tsjerke fan de Trije Hiërargen by de Reade Poarte in plak yn de tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]