Puzelwurdboek: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Side makke mei "thumb|100px|In [[Frysk Puzelwurdboek]] In '''puzelwurdboek''' of '''Puzelensylopedy''' is in wurdboek dat as help brûkt wurde kin by it oplo..."
 
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
[[File:Frysk Puzelwurdboek.jpg|thumb|100px|In [[Frysk Puzelwurdboek]]]]
[[File:Frysk Puzelwurdboek.jpg|thumb|100px|In [[Frysk Puzelwurdboek]]]]
In '''puzelwurdboek''' of '''Puzelensylopedy''' is in [[wurdboek]] dat as help brûkt wurde kin by it oplossen fan [[krúswurdpuzel]]s, [[filippine]]s, [[trochrinner (puzel)|trochrinners]] en oare puzelsoarten.<ref> H.J. Verschuyl -''Van Dale Groot Puzzelwoordenboek''; (2019) ISBN 9789460770838</ref>
In '''puzelwurdboek''' of '''Puzelensylopedy''' is in [[wurdboek]] dat as help brûkt wurde kin by it oplossen fan [[krúswurdpuzel]]s, [[filippine]]s, [[trochrinner]]s en oare puzelsoarten.<ref> H.J. Verschuyl -''Van Dale Groot Puzzelwoordenboek''; (2019) ISBN 9789460770838</ref>


Oars as in gewoan wurdboek giet in puzelwurdboek fan maklik nei slim. Yn in wurdboek wurde slimme wurden ienfâldich útlein. In puzelder siket lykwols in wurd by de omskriuwing. De lemmata binne bytiden op wurd én as omskriuwing opnomd. Ek wurde wol ôfkoartings en nammen fan organisaasjes opnomd.<ref>Th. Kooijman – ''Nieuw handboek voor de puzzelaar deel 1 en 2''; (2012) ISBN 9789000307180</ref>
Oars as in gewoan wurdboek giet in puzelwurdboek fan maklik nei slim. Yn in wurdboek wurde slimme wurden ienfâldich útlein. In puzelder siket lykwols in wurd by de omskriuwing. De lemmata binne bytiden op wurd én as omskriuwing opnomd. Ek wurde wol ôfkoartings en nammen fan organisaasjes opnomd.<ref>Th. Kooijman – ''Nieuw handboek voor de puzzelaar deel 1 en 2''; (2012) ISBN 9789000307180</ref>

De ferzje fan 2 des 2019 om 13.14

In Frysk Puzelwurdboek

In puzelwurdboek of Puzelensylopedy is in wurdboek dat as help brûkt wurde kin by it oplossen fan krúswurdpuzels, filippines, trochrinners en oare puzelsoarten.[1]

Oars as in gewoan wurdboek giet in puzelwurdboek fan maklik nei slim. Yn in wurdboek wurde slimme wurden ienfâldich útlein. In puzelder siket lykwols in wurd by de omskriuwing. De lemmata binne bytiden op wurd én as omskriuwing opnomd. Ek wurde wol ôfkoartings en nammen fan organisaasjes opnomd.[2]

Troch de fermelding fan it tal letters by elk synonym of oplossingswurd kinne puzelders flugger in kar meitsje út de oanbeane oplossingswurden.[3]

Puzelwurdboeken befetsje neist foarbylden en synonimen faak in soad rubriken, lykas topografyske nammen, komponisten, jonges- en famkesnammen, skilders, fûgels en wittenskippers. De meast útwreide puzelwurdboeken besteane út meardere dielen.[4][5]

Ien fan de earste makkers fan Nederlânske puzelboeken wie Henk Verkuyl. Syn earste puzelwurdboek ferskynde yn de ierren sechtich fan de tweintichste iuw.[6] Oare makkers fan Nederlânske puzelwurdboeken wiene Jan Meulendijks en Dick Beekman.

Yn 1984 ferskynde it Fryske Puzelstipe fan Jaap Wolthuizen. It boekje joech ûnder oare listen mei plantenammen, ynsekten en plaknammen. [7] Yn 1992 ferskynde by de Afûk it Frysk Puzelwurdboek fan Douwe van der Meulen.[8]

Wurdlisten op oantal letters

In spesjaal puzelwurdboek hat listen mei wurden dy’t yndield binne op letteroantall. De wurden binne dêrby alfabetysk en leksikografysk oardere op wurdlingte. At yn in krúswurdpuzel bygelyks in wurd socht wurdt fan seis letters, wêrfan de earste, fyfte en seisde letters fûn binnne, kinne de listen neisocht wurde.[9]

Retrogade

By de 'omkearde puzelwurdboeken' binne de wurden fan de wurdlisten fan efterút alfabetisearre (retrogade).[10] Sa kin bygelyks in oplossingswurd fûn wurde dêr’t allinnich de lêste letter fan bekend is. Retrogade wurdboeken kinne en br6ukt wurde foar oare doeleinen: sa kinne bygelyks wurde fûn wurde dy’t einigje op '-keunst' of '-sân'.[11] Yn retrogade wurdlisten kinne ek rymwurden socht wurde.

Yn Fryslân ferskynde it Omkearwurdboek fan de Fryske taal op basis fan 58.000 lemmata fan it Frysk Wurdboek.[12][13][14]Yn 1992 folge in mear útwreide werprintinge.

Kryptogrammen

In spesjaal puzelwurdboek waard makke foar leafhawwers fan kryptogrammen.[15] De wurden yn de Cryptokraker stiene rubrisearre yn listen mei wurden fan likense lingte. De folchoarder binnen elke list gie op alfabetyske omskriuwing. Sa begûn de list fan 7-letterwurden mei de letter 'A': strijken – Aaien over het wasgoed

Digitale wurdboeken

De ynhâld fan puzelwurdboeken waard letter digitalisearre. De earste digitale puzelwurdboeken ferskynden op CD. Sa ferskynde yn 2002 by T&O yn Grins it Frysk Puzelwurdboek digitaal as ‘Fryske Puzelensyklopedy’ . By digitale wurdboeken kinne puzelwurden opsocht wurde foar missende letters yn wurden.[16] Neist it opsykjen fan synonimen en puzelwurden kinne ek anagrammen opsocht wurde. Sa wurde by it ynfoljen fan de gearstaljende letters fuort alle wurden toand dy’t fan dit anagram makke wurde kinne Letter koe de ynhâld fan de CD op ynternet opsocht wurde.

Neist listen foar puzelders kamen der ek listen foar wurden dy’t brûkt wurde koene foar it taalspultsje Wordfeud. [17]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. H.J. Verschuyl -Van Dale Groot Puzzelwoordenboek; (2019) ISBN 9789460770838
  2. Th. Kooijman – Nieuw handboek voor de puzzelaar deel 1 en 2; (2012) ISBN 9789000307180
  3. Dr. Verschuyl – Van Dale Puzzelwoordenpocket; (2010) ISBN 9789066488922
  4. Henk Cornelissen - De Puzzelencyclopedie in 2 delen; REBO productions, Lisse ISBN 90366610052.
  5. Evert Schotpoort – Giga Groot Puzzelwoordenboek; 1193 pagina’s, útjouwerij Atrium (2010) ISBN 9789059471962
  6. Liesbeth Koenen - Het vermogen te verlangen (9 letters): gesprekken over taal en het menselijk brein; útjouwerij Fosfor (1990) ISBN 9789462251182
  7. Jaap Wolthuizen – Fryske Puzelstipe – listen mei puzelwurden Afûk ISBN 90 62732607
  8. Douwe van der Meulen - Frysk Puzelwurdboek útjouwerij Afûk, Ljouwert; ISBN 906273 403 0]
  9. Puzzelwoorden op Maat; uitgeverij Luitingh, Laren 1976 ISBN 9024503388
  10. Th.Kooijman - Nieuw Handboek voor de puzzelaar; Van Holkema & Warendorf/Unieboek Houten (1988) ISBN 90 269 5001 2
  11. Van Dale Dr. Verschuyl omgekeerd puzzelwoordenboek (2008) ISBN 9789066488366
  12. ’’Baggeraars en gijzelaars’’ yn: Ljouwerter Krante, 11 jannewaris 1991
  13. ’’Kent u mijnheer Cammincha?’’, yn: Ljouwerter Krante, 16 augustus 1991
  14. Anne Dykstra, Jochem Reitsma en Willem Visser Omkearwurdboek fan de Fryske taal, útjouwer Fryske Akademy, Ljouwert (1987) ISBN 90-6171-679-9
  15. M.Sanders - Nieuwe Cryptokraker; (1993) útjouwerij De Denker, Vaassen
  16. Woordenboek.NU
  17. Wordfeudwoorden.nl