Afrikaanske mûzen en rotten: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
nije side
 
L red
 
Rigel 16: Rigel 16:
| namme6 = [[kjifdieren]] (''Rodentia'')
| namme6 = [[kjifdieren]] (''Rodentia'')
| takson7 = [[ûnderskift]]:
| takson7 = [[ûnderskift]]:
| namme7 = [[mûsfoarmigen]] (''Myomorpha'')
| namme7 = [[mûzen en jerboä's]] (''Myomorpha'')
| takson8 = [[boppefamylje]]:
| takson8 = [[boppefamylje]]:
| namme8 = [[mûzen en rotten]] (''Muroidea'')
| namme8 = [[mûzen en rotten]] (''Muroidea'')
Rigel 41: Rigel 41:
| beskriuwer, jier = Major, 1897
| beskriuwer, jier = Major, 1897
}}
}}
De '''Afrikaanske mûzen en rotten''' ([[wittenskiplike namme]]: ''Nesomyidae'') foarmje in [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[klasse (taksonomy)|klasse]] fan 'e [[sûchdieren]] (''Mammalia''), it [[skift]] fan 'e [[kjifdieren]] (''Rodentia''), it [[ûnderskift]] fan 'e [[mûsfoarmigen]] (''Myomorpha'') en de [[boppefamylje]] fan 'e [[mûzen en rotten]] (''Muroidea''). Dizze famylje omfiemet ferskate [[ûnderfamylje]]s, dy't allegear lânseigen binne op it [[fêstelân]] fan [[Afrika]] of op [[Madagaskar]]. De grutste groepen wurde foarme troch de [[hamsterrotten]], de [[Madagaskarrotten]], de [[klimmûzen]] en de [[rotsmûzen]]. Yn totaal binne der 68 [[soarte]]n. Se meitsje diel út fan 'e [[mûzen en rotten]], in kompleks [[takson]] dat <sup><small>1</small></sup>/<sub><small>4</small></sub> fan alle [[sûchdier]]esoarten fan 'e wrâld beslacht.
De '''Afrikaanske mûzen en rotten''' ([[wittenskiplike namme]]: ''Nesomyidae'') foarmje in [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[klasse (taksonomy)|klasse]] fan 'e [[sûchdieren]] (''Mammalia''), it [[skift]] fan 'e [[kjifdieren]] (''Rodentia''), it [[ûnderskift]] fan 'e [[mûzen en jerboä's]] (''Myomorpha'') en de [[boppefamylje]] fan 'e [[mûzen en rotten]] (''Muroidea''). Dizze famylje omfiemet ferskate [[ûnderfamylje]]s, dy't allegear lânseigen binne op it [[fêstelân]] fan [[Afrika]] of op [[Madagaskar]]. De grutste groepen wurde foarme troch de [[hamsterrotten]], de [[Madagaskarrotten]], de [[klimmûzen]] en de [[rotsmûzen]]. Yn totaal binne der 68 [[soarte]]n. Se meitsje diel út fan 'e [[mûzen en rotten]], in kompleks [[takson]] dat <sup><small>1</small></sup>/<sub><small>4</small></sub> fan alle [[sûchdier]]esoarten fan 'e wrâld beslacht.


==Skaaimerken==
==Skaaimerken==

De hjoeddeiske ferzje sûnt 21 okt 2019 om 20.47

Afrikaanske mûzen en rotten
In Madagaskarreuzerôt of fotsovotsa (Hypogeomys antmena).
In Madagaskarreuzerôt of fotsovotsa (Hypogeomys antmena).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: Afrikaanske mûzen en rotten
   (Nesomyidae)
Major, 1897

De Afrikaanske mûzen en rotten (wittenskiplike namme: Nesomyidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e mûzen en jerboä's (Myomorpha) en de boppefamylje fan 'e mûzen en rotten (Muroidea). Dizze famylje omfiemet ferskate ûnderfamyljes, dy't allegear lânseigen binne op it fêstelân fan Afrika of op Madagaskar. De grutste groepen wurde foarme troch de hamsterrotten, de Madagaskarrotten, de klimmûzen en de rotsmûzen. Yn totaal binne der 68 soarten. Se meitsje diel út fan 'e mûzen en rotten, in kompleks takson dat 1/4 fan alle sûchdieresoarten fan 'e wrâld beslacht.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Afrikaanske mûzen en rotten binne foar it meastepart lytse oant middelgrutte kjifdieren, mar de grutsten binne sa grut is as in knyn. Ofhinklik fan 'e ûnderfamylje en de soarte kinne se op mûzen, rotten, wrotmûzen of hamsters lykje. Op it mêd fan harren dieet rinne se útinoar fan strang fegetarysk oant folslein ynsektivoar. Ek harren hâlden en dragen ferskilt, mei't guon soarten yn 'e beammen libje, wylst oaren ûndergrûnske hoalen grave. Se smite oer it algemien nei in draachtiid fan likernôch seis wiken in nêst fan maksimaal fjouwer jongen.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In protte soarten Afrikaanske mûzen en rotten wiene foarhinne by oare taksonomyske kjifdierefamyljes yndield, mar binne op grûn fan genetysk ûndersyk mei-inoar gearbrocht yn ien famylje. Sa tocht men earder dat de hamsterrotten by de mûseftigen (Muridae) thúshearden, wylst men ornearre dat de wytsturtmûzen teplak brocht wiene by de wrotmûseftigen (Cricetidae).

Famylje-opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.