Noardeast-Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
L →‎Polityk: boargemaster
Rigel 61: Rigel 61:


==Polityk==
==Polityk==
Waarnimmend [[boargemaster]] fan Noardeast-Fryslân wie it earste jier [[Haijo Apotheker]] fan [[D66]]. Begjin [[jannewaris]] [[2020]] wurdt er opfolge troch de eardere [[FNP]]-[[deputearre]] [[Johannes Kramer]].

De [[gemeenterie]] fan Noardeast-Fryslân bestiet út 29 sitten. Op [[21 novimber]] [[2018]] fûnen der fanwegen it oprjochtsjen fan 'e nije gemeente (tuskentiidske) weryndielingsferkiezings plak foar de gemeenterie fan Noardeast-Fryslân. De útslach fan dy [[ferkiezing]]s wie sa:<ref>[https://www.herindeling-noardeastfryslan.nl/uitslag-gemeenteraadsverkiezingen-2018-noardeast-fryslan/ Boarne: Utslaggen fan 'e weryndielingsferkiezings op 'e webside fan 'e Gemeente Noardeast-Fryslân.]</ref>
De [[gemeenterie]] fan Noardeast-Fryslân bestiet út 29 sitten. Op [[21 novimber]] [[2018]] fûnen der fanwegen it oprjochtsjen fan 'e nije gemeente (tuskentiidske) weryndielingsferkiezings plak foar de gemeenterie fan Noardeast-Fryslân. De útslach fan dy [[ferkiezing]]s wie sa:<ref>[https://www.herindeling-noardeastfryslan.nl/uitslag-gemeenteraadsverkiezingen-2018-noardeast-fryslan/ Boarne: Utslaggen fan 'e weryndielingsferkiezings op 'e webside fan 'e Gemeente Noardeast-Fryslân.]</ref>
{| class="wikitable"
{| class="wikitable"

De ferzje fan 18 okt 2019 om 23.02

Noardeast-Fryslân

De R.J. Cleveringslûzen, tusken Waadsee en Lauwersmar.
flagge wapen

wapen fan Noardeast-Fryslân
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Haijo Apotheker (waarnimmend)
sifers en geografy
haadplak Dokkum
grutste plak Dokkum
ynwennertal 45.157 (2018)
befolkingstichtens 121,8 / km²
oerflak 516,45 km²
● wêrfan lân 374,67 km²
● wêrfan wetter 140,78 km²
tal stêden 1
tal doarpen 52
ferkearsieren N355, N356, N357, N358
skiednis
oprjochte 2019
oant 1851 Gemeente Dokkum
Gritenij East-Dongeradiel
Gritenij Ferwerderadiel
Gritenij Kollumerlân
Gritenij West-Dongeradiel
Gritenij Dantumadiel (diel)
1851 – 1984 Gemeente Dokkum
Gem. East-Dongeradiel
Gem. Ferwerderadiel
Gem. Kollumerlân
Gem. West-Dongeradiel
Gem. Dantumadiel (diel)
1984 – 2019 Gem. Dongeradiel
Gem. Ferwerderadiel
Gem. Kollumerlân
oar
netnûmer 0511, 0518, 0519, 0594, 058
postkoade 9073–9074, 9101–9156,
9170–9199 9291–9299,
9851–9853
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside noch gjint
Topografyske kaart fan Noardeast-Fryslân

Noardeast-Fryslân (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Noordoost-Friesland) is in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân. Dizze gemeente ûntstie by in gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 2019 út 'e eardere gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân.[1] Op 31 desimber 2018 hie Noardeast-Fryslân 45.157 ynwenners.[2]

Namme

De namme 'Noardeast-Fryslân' waard op 30 maart 2017 fêststeld troch de gemeenterieden fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân, nei't dêroer in referindum holden wie ûnder de ynwenners fan 'e trije gemeenten. By dy folksriedplachting waarden trije nammen oan it elektoraat foarlein; de oare beiden, dy't it ôfleine tsjin 'Noardeast-Fryslân', wiene 'Dokkumerlân' en 'Ie- en Lauwerslân'.

Plakken

De gemeente Noardeast-Fryslân bestiet út ien stêd (Dokkum) en 52 doarpen (offisjele wenkearnen). Dokkum is fierwei it grutste plak en fanwegen syn min ofte mear sintrale lizzing waard it ek it haadplak en bestjoerssintrum fan Noardeast-Fryslân.

Foarskiednis

Oarspronklik wie it de bedoeling dat behalven Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân ek de gemeente Dantumadiel opgean soe yn Noardeast-Fryslân. De neamde fjouwer gemeenten fúzjearren dêrta op amtlik nivo op 1 jannewaris 2017. Dantumadiel loek him lykwols letter werom út 'e plande bestjoerlike fúzje.[3] Dantumadiel nimt sûnt de foarming fan Noardeast-Fryslân tsjinsten ôf by de nije fúzjegemeente sûnder sels in op 'e nij amtlik apparaat opboud te hawwen.

Taal

Yn Noardeast-Fryslân wurde behalven Frysk en Nederlânsk ek twa Stedske dialekten (Dokkumersk en Kollumersk) sprutsen, mei dêropta twa Nedersaksyske dialekten, te witten: Kollumerlânsk en Pompstersk.

Polityk

Waarnimmend boargemaster fan Noardeast-Fryslân wie it earste jier Haijo Apotheker fan D66. Begjin jannewaris 2020 wurdt er opfolge troch de eardere FNP-deputearre Johannes Kramer.

De gemeenterie fan Noardeast-Fryslân bestiet út 29 sitten. Op 21 novimber 2018 fûnen der fanwegen it oprjochtsjen fan 'e nije gemeente (tuskentiidske) weryndielingsferkiezings plak foar de gemeenterie fan Noardeast-Fryslân. De útslach fan dy ferkiezings wie sa:[4]

partij stimmen % riedssitten
CDA 3.763 22,9% 7
FNP 2.633 16,0% 5
S!N 2.188 13,3% 4
KristenUny 2.062 12,5% 4
VVD 1.931 11,7% 3
PvdA 1.570 9,5% 3
GBNF 1.068 6,5% 2
ELP NEF 947 5,8% 1
Waadpartij 257 1,7% -
ûnjildich & blanko 46 0,3%
totaal 16.456 *46,4% 29

*) Opkomstpersintaazje.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Noardeast-Fryslân nieuwe gemeentenaam, op de gemeentlike webside fan Kollumerlân.
  2. Bosma, Willem, Marginale groei naar hoogste inwonertal ooit, yn: de Ljouwerter Krante, 31 desimber 2018, s. 26.
  3. Kommerie, J., Inwoners Dantumadiel denken mee over nieuwe burgemeester, yn: de Dokkumer Krante, 19 april 2017.
  4. Boarne: Utslaggen fan 'e weryndielingsferkiezings op 'e webside fan 'e Gemeente Noardeast-Fryslân.

 
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)