Jannum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Letter mear. It stik rattelet oan alle kanten
Rigel 69: Rigel 69:
{{koördinaten|53_18_44_N_5_54_19_E_type:city_zoom:15_region:NL|53° 19' NB, 5° 54' EL}}
{{koördinaten|53_18_44_N_5_54_19_E_type:city_zoom:15_region:NL|53° 19' NB, 5° 54' EL}}


{{commonsBalke|Janum}}
{{commonsBalke|Jannum}}


[[Kategory:Jannum| ]]
[[Kategory:Jannum| ]]

De ferzje fan 11 okt 2019 om 19.39

Jannum
Himrik fan Jannum
gemeente Noardeast-Fryslân
Gritenij Dantumadiel
Stimmen 9
Ynwenners (2018) ↓40
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 53° 18' NB, 5° 54' EL
Netnûmer 0519
Postkoade 9107
Webstee {{{webstee}}}
Jannum

Jannum is in plak yn de gemeente Noardeast-Fryslân dat fan 1984 oant 2019 yn de gemeente Ferwerderadiel lei. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 hearde it ta Dantumadiel. It hat no 63 ynwenners (1 jannewaris 2014). It hawwe mear west, mar ek minder. Van der Aa neamt 100 ynwenners. In iuw earder, by de folkstelling fan 1744, wienen dat 44.

Skiednis

Kleaster

Der wurdt tocht dat Jannum sûnt de 13e iuw bewenne west hat. It kleaster Klaarkamp hie yn it doarp in protte yn 'e molke te krommeljen. Mar fanwegen de bêste grûn hienen ek oare pommeranten yn Dantumadiel grûn yn Jannum, dy't se djoer ferhiere koenen. Sa is Jannum, al lei it benoarden de Dokkumer Ie, in part fan Dantumadiel wurden.

De pastoar waard troch Klaarkamp beneamd, mar yn Jannum wie gjin úthôf fan Klaarkamp. Nei de Reformaasje waard Jannum mei Burdaard kombinearre.

Alde ferbinings

Jannum wie ek wichtich yn de ferbining tusken Ljouwert, Ferwert en Dokkum. De rydwei tusken dy plakken rûn oer Jannum. Troch de Jannumer Feart, in sydfeart fan de Ie, setten ek skippers harren dêr ta wenjen.

Ferwerderadiel

Jannum wie sa in part fan Dantumadiel, mar waard oer lân hielendal troch Ferwerderadiel omsletten. De winkellju kamen út Reitsum en Ginnum. By de grinswiziging yn 1984 waard Jannum in part fan Ferwerderadiel. Om it doarp libben te hâlden waard dan ek oansluting fûn by de Flieterpen: Ginnum, Jannum, Reitsum en Lichtaard. Jannum hat fanwege de bysûndere bebouwing dan ek de status fan beskerme doarpsgesicht krige.

De tsjerke

De tsjerke fan Jannum

De romaanskgoatyske tsjerke fan Jannum is om 1300 hinne boud, mar it âldste part, it koar, is fan likernôch 1200. De tsjerke bestie út twa parten. It iene part wie foar de likebruorren fan it kleaster en it oare part fan de geastliken. Yn de twadde helte fan de 16e iuw is it nedige feroare.

Restauraasje

De tsjerke rekke sûnt dy tiid hieltyd mear ferwaarloaze. Dêrom waard der tusken 1942 en 1944 in restauraasje útfierd ûnder lieding fan de arsjitekt J.J.M. Vegter. Dat wie ek om boufakkers út Dútslân te hâlden. De wichtichste feroaring dy't Vegter oanbrocht hat, wie it oanbringen fan in hingjende klokkestoel oan de westkant. Dêr hinget no de klok út 1489. Fierders hat er besocht de tsjerke wer werom te bringen nei de Midsiuwske foarm.

Museum

Doe't de restauraasje klear wie moast de tsjerke in bestimming hawwe. Dy kaam yn 1947 doe't it Frysk Museum dêr in úthôf stifte. Jannum krige sa syn tsjerkemuseum. Dit waard de op ien nei grutste kolleksje fan sarkofagen, deksels en stiennen kisten. De âldsten stamme út de 12e iuw. Ek oare tsjerklike stikken út de kolleksje hawwe yn Jannum in plak krige.

Letter hat it Frysk Museum de úthoven ôfstjitten. Yn Ferwerderadiel waard doe de Stifting Monuminten Ferwerderadiel oprjochte. Dy hat tsjerke en museum ûnder syn hoede nommen. De tsjerke dy't altyd noch eigendom wie fan Herfoarme Gemeente Burdaard/Jannum, is ek oan de stichting ferkocht.

Mienskip

De eardere grifformearde tsjerke yn Reitsum is Doarpshûs foar de fjouwer doarpen fan Flieterpen. It nijsblêd ferskynt 11 kear yn't jier.

Befolking

Diakonijwenten

By tsjerke steane trije diakonijwenten út de 17e iuw. Dizze binne no restaurearre en ynrjochte as fjouwer fakânsjewenten foar lju dy't de lanlike rêst sykje.

Strjitten

Iedyk, Iewal, Jannumerwei, Tsjerkestrjitte.

Ferskaat

Jannum leit oan de rûte fan de Alvestêdetocht, de riders komme twa kear by it doarp tusken Dokkum en Bartlehiem del.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jannum fan Wikimedia Commons.