Bagauden: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
 
Rigel 7: Rigel 7:
De beneaming "Bagauden" kearde werom oan de begjin fan de [[5e iuw]], doe't Bagauden parten fan Galje en de [[Ebro]]fallei yn Spanje ûnder kontrôle hienen. Generaal [[Flavius Aetius|Aetius]] brocht it leger tsjin har yn. Mei de ynienstoarting fan it [[West-Romeinske Ryk]] en opkomst fan de Germaanske keninkriken ferdwûn de beneaming Bagauden út de skiednis.

[[Kategory: Romeinske Aldheid]]
[[Kategory:Romeinske Aldheid]]

De hjoeddeiske ferzje sûnt 3 okt 2019 om 11.22

Bagauden wie de beneaming foar kloften opstannige boeren yn it Romeinske Ryk, dy't ûnder de "Krisis fan de 3e iuw", benammen yn Galje it plattelân ûnfeilich makken. De namme betsjutte nei alle gedachten "fjochters".

It begjin fan de Bagauden moat socht wurde yn boeren en stêdsminsken dy't as gefolch fan oanhâldende plondertochten troch Germaanske stammen alles kwyt rekke wienen. Sy foarmen sels wapene kloften om har te beskermjen mar foarseagen har fan libbensûnderhâld likegoed troch te roven en plonderjen.

Nei't in ein kommen wie oan de Germaanske ynfallen waard it leger ynset tsjin de Bagauden. Tusken 284 en 286 waarden sy ferneatige troch de Caesars Maksimianus en Karausius, yn opdracht fan keizer Diokletianus. De lieders fan de Bagauden wienen Amandus en Aelianus.

De beneaming "Bagauden" kearde werom oan de begjin fan de 5e iuw, doe't Bagauden parten fan Galje en de Ebrofallei yn Spanje ûnder kontrôle hienen. Generaal Aetius brocht it leger tsjin har yn. Mei de ynienstoarting fan it West-Romeinske Ryk en opkomst fan de Germaanske keninkriken ferdwûn de beneaming Bagauden út de skiednis.