Marije (mem fan Jezus): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Ik tink dat dy dissipline wol gewoan "mariology" hjit. Dat wurd is yn it Gryksk foarme en net yn it Frysk.
kt
Rigel 11: Rigel 11:
}}
}}


[[Kategory:Marije (mem fan Jezus)| ]]
[[Kategory:Joadsk persoan yn de Romeinske Tiid]]
[[Kategory:Joadsk persoan yn de Romeinske Tiid]]
[[Kategory:Persoan yn it Nije Testamint]]
[[Kategory:Persoan yn it Nije Testamint]]

De ferzje fan 27 sep 2019 om 21.58

Pieta ,Vincent van Gogh

Marije (fan Gryksk Μαρία), Mirjam (fan Hebriuwsk מרים) of Maryam (fan Arabysk مريم) is yn it Nije Testamint en yn de Koran de mem fan Jezus. Neffens de kristlike tradysje is hja de dochter fan Joachim en Anna;[1] yn de Koran wurdt melding makke fan Imraan as har heit.[2] Foar katoliken is hja de wichtichste hillige. Yn de Roomsk-katolike Tsjerke en Eastersk-ortodokse Tsjerke hat Marije as Mem fan God in wichtige rol yn it leauwenslibben. Yn de otterdokse tsjerke is de wenstige útdrukking foar Marije Memme Gods en net Marije. Der is binnen de teology sels in folsleine dissipline dy't him spesjaal op har rjochtet: de mariology. Ferskate liturgyske feesten en heechfeesten wurde ta eare fan har fierd.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Lukas 3:23 begjint in geslachtsregister by Jozef, dat hielendal oars is as dat yn Matteüs. Neffen guons moat de tekst yn Lucas lêzen wurde as: Hy wie, sa't algemien oannomd waard, de soan fan Jozef, mar yn werklikheid (fia Marije) de soan fan Eli. Dit wurdt berikt troch de yntroduksje yn de Grykske tekst wat oars te setten. It wurd soan wurdt faak brûkt ynstee fan ôfstammeling.
  2. Dit kin ek symboalysk opfet wurde: Anton Wessels, De Koran ferstean, ISBN 90 242 4115 4, fiifde printinge 2001, side 10