Unbesmodzge Untfinzenis fan de Jongfaam Marije: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "thumb|200px|<center>''Immaculate Conception, Peter Paul Rubens''</center> De '''Unbeflekte Untfinzenis''' (Lat..."
 
kt
Rigel 21: Rigel 21:
File:Antonio Ciseri, immacolata. Firenze, Chiesa del Sacro Cuore.jpg|''Antonio Ciseri (1821–1891)''
File:Antonio Ciseri, immacolata. Firenze, Chiesa del Sacro Cuore.jpg|''Antonio Ciseri (1821–1891)''
</gallery></center>
</gallery></center>

[[Kategory:Marije (mem fan Jezus)| ]]
[[Kategory:Roomsk-Katolike Tsjerke]]
[[Kategory:Anglikaanske Tsjerke]]

De ferzje fan 27 sep 2019 om 22.57

Immaculate Conception, Peter Paul Rubens

De Unbeflekte Untfinzenis (Latynsk: Immaculata conceptio) is de roomsk-katolike lear dat de jongfaam Marije fanôf it momint dat se ferwekt waard (dus noch foar har berte), frij fan sûnde wie.

Yn de pauslike bul Ineffabilis Deus fan 1854 naam paus Pius IX it dogma oan fan de ûnbeflekte ûntfinzenis fan de Jongfaam Marije. De bul folge op in tiid fan de tanimmende folksferearing fan Marije, dy't fanôf it begjin fan de 19e iuw oplôge. Karakteristyk foar dy tiid wiene ek de talrike ferskinings fan de Jongfaam Marije. De ferneamdste Marije-ferskining soe plak fûn ha yn Lourdes, dêr't Marije oant 16 kear ta oan Bernadette Soubirous ferskynde. Neffens it proto-evangeelje fan Jakobus wie Marije frij fan erfsûnde.

De feestdei fan it feest fan de ûnbeflekte ûntfinzenis is op 8 desimber fêststeld, njoggen moanne foar it âldere feest van de Berte fan Marije. As dy datum op in advintssnein falt skood de dei op nie 9 desimber. Yn in soad katolike lannen is it in frije dei.

Oare tsjerken

De protestantske tsjerken wize de ûnbeflekte ûntfinzenis ôf mei in ferwizing nei bibelteksten dat allinne Jezus sûnder sûnde wie. Ek de otterdokske tsjerken diele de katolike lear fan de ûnbeflekte ûntfinzenis net.

Ikonografy

De foarstelling fan Maria Immaculata yn de keunst toant yn 'e regel in steande Marije sûnder it bern Jezus en meastentiids op in moannesikkel en op wolken, fakentiden ek noch op in wrâldbol mei in slang, it bibelske symboal fan de sûnde. De holle fan Marije wurdt omfieme mei in krâns fan, yn 'e regel tolve, stjerren. Dêrnjonken wurde op skilderijen fakentiden ek roazen of leeljes ôfbylde.

De keunstsinnigens fan de Maria Immaculata berikte in hichtepunt yn de Spaanske Gouden Iuw mei keunstwurken fan û.o. Bartolomé Esteban Murillo, José Antolínez, Jusepe de Ribera, Zurbarán, Juan Carreño de Miranda, Francisco Rizi en Mateo Cerezo.