Latynske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L red
Rigel 16: Rigel 16:
|oerflak = ± 339.000 km² <small>(1204)</small>
|oerflak = ± 339.000 km² <small>(1204)</small>
|folksliet =
|folksliet =
|muntienheid =
|muntienheid = hyperpyron
|tillefoan =
|tillefoan =
|ISO 3166-koade =
|ISO 3166-koade =

De ferzje fan 18 sep 2019 om 20.46

Imperium Romaniae
Latynske Ryk fan Konstantinopel
1204 – 1261
flagge wapen
geografyske lokaasje

De grinzen fan it Latynske Ryk 1214.
polityk
haadstêd Konstantinopel
offisjele taal Latyn
Ald-Frânsk
Gryksk
steatsfoarm Feodale kristlike monargy
ûntstien út    it Byzantynske Ryk
opgien yn    it Byzantynske Ryk
no diel fan Grikelân
Bulgarije
Turkije
sifers
oerflak ± 339.000 km² (1204)
bykommende ynformaasje
muntienheid hyperpyron

It Latynske Ryk of Keizerryk Romania (Latyn: Imperium Romaniae) is de namme dy't histoarisi joegen oan de troch de dielnimmers fan de Fjirde Krústocht stifte feodale krúsfearderssteat, dy't op it lân dat op it Byzantynske Ryk ferovere wie. It waard stifte nei de súksesfolle oanfal fan de krúsfarders op Konstantinopel yn 1204 en it hat duorre oant yn 1261. It Latynske Ryk moast it Byzantynske Ryk ferfange as it titulêre Romeinske Ryk yn it easten, mei in westerske roomsk-katolike keizer ynstee fan de eastersk-otterdokske Byzantynske keizers.

Boudewyn IX, de greve fan Flaanderen, waard op 16 maaie 1204 as Boudewyn I as earste keizer fan it Latynske Ryk kroand.

It Latynske Ryk slagge der nea yn politike of ekonomyske dominânsje te krijen oer de oare Latynske krêften, dy't harren nei de Fjirde Krústocht fêstige hiene op it eardere Byzantynske grûngebiet, fral net oer de Republyk Feneesje.

Nei in koart skoftke fan militêre súksessen rekke it Latynske Ryk stadichoan yn it neigean. It hie te lijen fan de oanhâldende kriich tsjin Bulgarije en de noch net ferovere dielen fan it Byzantynske Ryk. Lang om let feroveren de Byzantinen ûnder keizer Michael VIII Palaiologos yn 1261 it gebiet werom. De lêste Latynske hearsker, Boudewyn II, waard ferballe. De keizerlike titel lykwols oerlibbe mei ferskate pretendinten oant yn de 14e iuw.

Keizers

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelskktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Latin Empire