Proefbuorkerij: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
nije side
 
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
 
Rigel 6: Rigel 6:


{{boarnen|boarnefernijing=
{{boarnen|boarnefernijing=
*{{Berjocht:NEfF|2173-2174}}
*{{NEfF|2173-2174}}
}}
}}



De hjoeddeiske ferzje sûnt 5 sep 2019 om 06.47

In proefbuorkerij of proefbedriuw is in pleats mei buorkerij dy't brûkt wurdt foar it beproevjen en ferlykjen fan lânboumetoaden en -wurktugen. Ek hat it yn 'e regel de funksje fan sintrum foar wittenskiplik ûndersyk, dêr't nije lânboumetoaden op alderhanne mêd ûntwikkele wurde. Dingen dêr't yn it ferline op proefbuorkerijen ûndersyk nei dien is, binne bygelyks bedonging, de gearstalling fan feefoer, de bou en ynrjochting fan stâlen, de ferliking en feredeling fan lânbougewaaksen, natoerbehear en it krijen fan biogas út biomassa. Proefbuorkerijen waarden eartiids opset en eksploitearre troch belange-organisaasjes fan boeren, keuringstsjinsten, fabrikanten en oerheidsynstellings.

Yn Fryslân bestiene bygelyks twa proefbuorkerijen dy't rjochte wiene op 'e kowehâlderij: Wielsicht, yn Ryptsjerk, dat yn 'e hannen wie fan 'e Fryske Maatskippij fan Lânbou, en Bosma Zathe, yn Oerterp, dat rund waard troch it Kristlik Boere en Túnkers Bûn (CBTB). Fan 1974 ôf bleau yn Noard-Nederlân inkeld Bosma Zathe oer, dat doe ûnder mienskiplik bestjoer kaam fan 'e Fryske Mij, de CBTB en de Grinslânske stânsorganisaasjes. Yn 2000 ferhuze Bosma Zathe nei Ljouwert, dêr't it op in nije lokaasje de namme Nij Bosma Zathe oannaam. It kaam doe ûnder Wageningen University and Research (WUR) te fallen. Yn 2011 waard it omfoarme ta de Dairy Campus, dat fan 2016 ôf it iennichst oerbleaune Nederlânske proefbedriuw foar de melkfeehâlderij wie.

Yn Grinslân wiene oarspronklik twa proefbedriuwen foar de bou fêstige. Ien dêrfan, Feddemaheerd yn Kloosterburen, rjochte him benammen op ûndersyk nei poatjirpels. Dat bedriuw gie yn 1990 ticht. Tagelyk dêrmei waard troch de Stichting Proefboerderijen Noordelijke Akkerbouw (SPNA) in modern proefbedriuw op it mêd fan 'e bou stifte yn Muntsjesyl, krekt oer de Fryske grins yn Kollumerlân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: