Paolo Veronese: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 20: Rigel 20:
| webside =
| webside =
}}
}}
'''Paolo Caliari''' (* 1528 yn [[Verona]] – † 19 april 1588 yn [[Feneesje]]), bekend ûnder de namme ''' Paolo Veronese''' wie in [[Itaalje|Italjaanske]] skilder yn de tiid fan de [[renêssânse]]. Hy is benammen bekend fanwegen de tige grutte doeken mei [[Kristendom|kristlike]] en [[Mytology|mytologyske]] foarstellings lykas de "Brulloft yn Kana" (1563) en "It Feest yn it Hûs fan Levi" (1573).
'''Paolo Caliari''' (* 1528 yn [[Verona]] – † 19 april 1588 yn [[Feneesje]]), bekend ûnder de namme ''' Paolo Veronese''', wie in [[Itaalje|Italjaanske]] skilder yn de tiid fan de [[renêssânse]]. Hy is benammen bekend fanwegen de tige grutte doeken mei [[Kristendom|kristlike]] en [[Mytology|mytologyske]] foarstellings lykas de "Brulloft yn Kana" (1563) en "It Feest yn it Hûs fan Levi" (1573).


Mei [[Tytsiaan]] fan in âldere generaasje en [[Tintoretto]] wie Veronese ien fan de trije grutte keunstners, dy't de [[Feneesje|Feneesjaanske]] skilderkeunst fan de ''cinquecento'' en de lette-renêssânse yn de 16e iuw dominearren.
Mei [[Tytsiaan]] fan in âldere generaasje en [[Tintoretto]] wie Veronese ien fan de trije grutte keunstners, dy't de [[Feneesje|Feneesjaanske]] skilderkeunst fan de ''cinquecento'' en de lette-renêssânse yn de 16e iuw dominearren.

De ferzje fan 19 aug 2019 om 10.33

Paolo Veronese
Selsportret
Selsportret
persoanlike bysûnderheden
echte namme Paolo Caliari
oare namme Paolo Veronese
nasjonaliteit Italjaansk
berne 1528
stoarn 19 april 1588
wurkpaad
berop/amt Keunstskilder

Paolo Caliari (* 1528 yn Verona – † 19 april 1588 yn Feneesje), bekend ûnder de namme Paolo Veronese, wie in Italjaanske skilder yn de tiid fan de renêssânse. Hy is benammen bekend fanwegen de tige grutte doeken mei kristlike en mytologyske foarstellings lykas de "Brulloft yn Kana" (1563) en "It Feest yn it Hûs fan Levi" (1573).

Mei Tytsiaan fan in âldere generaasje en Tintoretto wie Veronese ien fan de trije grutte keunstners, dy't de Feneesjaanske skilderkeunst fan de cinquecento en de lette-renêssânse yn de 16e iuw dominearren.

Bekend as skilder dy't him talei op kleureffekten en nei in perioade fan maniëristysk wurk ûntwikkele Paolo Veronese in troch Tytsiaan beynfloede naturalistyske styl fan skilderjen.

Syn meast ferneamde wurken binne ferhalende doeken, útfierd yn in dramatyske en kleurrike styl fol mei preal en arsjitekturale eleminten. Fral ferneamd binne de grutte skilderijen fan bibelske feesten mei tal fan persoanen, skildere foar de refters fan de kleasters fan Feneesje en Verona. Ek joech er fan de Feneesjaanske skilders de toan oan by it oanbringen fan fresko's op plafonds. It measte fan syn wurk bleau op it plak, of teminsten yn Feneesje. It wurk fan Veronese dat yn musea hinget binne benammen de lytsere skilderijen lykas portretten, dy't lykwols net altiten it meast typysk foar de skilder of ta it bêste fan syn wurk wurde rekkene.

Wurk (karút)

  • Brulloft fan Kana, 1562/63, Louvre, Parys
  • Kroaning Marije, 1555, San Sebastiano, Feneesje
  • Foarstellings fan de skiednis fan Ester, 1556, San Sebastiano, Feneesje
  • It Miel by de Fariseeër Simon
  • De Famylje fan Darius foar Aleksander, National Gallery fan London
  • Oanbidding fan de Kenings, sûnt 1855yn de National Gallery fan London
  • De Salving fan Kening David, 1555, Kunsthistoarysk Museum, Wenen
  • De opwekking fan de soan fan de widdo yn Nain, 1565-1570
  • Slach by Lepanto, 1571, Gallerie dell'Accademia, Feneesje
  • Allegory fan de Leafde, 1575, National Gallery yn Londen
  • Perséus befrijdt Andromeda, 1576–1578, Musée des Beaux-Arts, Rennes
  • (taskreaun) Katarina Cornaro jout de Kroan fan Syprus oan de Doge fan Feneesje
  • It Miel yn it Hûs fan Levi, 1573, Galleria dell´Accademia, Feneesje
  • It Fizioen fan de hillige Helena, 1580, Fatikaansk Museum, Rome
  • Venus en Adonis Museo del Prado, Madrid
  • Lucretia, 1580-1583, Kunsthistoarysk Museum fan Wenen.

Ofbylden