Seizoen (omrop): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
nije side
 
kt
 
Rigel 5: Rigel 5:
}}
}}


[[Kategory:Telefyzje]]
[[Kategory:Telefyzjeterm]]
[[Kategory:Radio]]
[[Kategory:Radioterm]]

De hjoeddeiske ferzje sûnt 29 jul 2019 om 21.24

In seizoen is by de omrop in perioade wêryn't in fêste jierprogrammearring op 'e radio en tillefyzje jildt. Yn Nederlân ûnderskiedt men datoangeande in winterseizoen en in simmerseizoen. It 'winterseizoen' rint fan septimber oant juny en falt dêrmei likernôch gear mei it skoaljier. Yn septimber wurde dêrby faak nije tillefyzje- en radioprogramma's yntrodusearre. Oant juny giet men troch mei it útstjoeren fan nije programma's, mar sadree't it simmerseizoen begjint, hâldt men dêr yn 'e regel fierhinne mei op, om't it net leannet en stjoer sokke djoere progamma's út as in protte minsken op fakânsje binne en de sjochsifers dus hoe dan ek dochs leech bliuwe sille. Dêrom wurdt it simmerseizoen oer it algemien folpland mei (goedkeape) werhellings en oare (nije, mar goedkeap te meitsjen) programma's, lykas kwissen. Langrinnende tillefyzjesearjes besteane ek út ferskate 'seizoenen', wêrby't mei 'seizoen' in rige fan it tal ôfleverings bedoeld wurdt dat yn in jier makke en útstjoerd wurdt. Foar komeedzje-, drama- en plysjesearjes, dy't bedoeld binne om ien kear yn 'e wike útstjoerd te wurden, binne dat meastal 24 ôfleverings of dêromtrint, mar yn it gefal fan soapsearjes, dy't faak op deistige basis útstjoerd wurde, kinne it folle mear wêze.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: dizze side.