Wynjammer: ferskil tusken ferzjes
No edit summary |
LNo edit summary |
||
Rigel 3: | Rigel 3: | ||
'''Wynjammer''' is de oantsjutting foar in, meast dwers túchd, grut [[sylskip]] dat in de [[19e iuw]] en it begjin fan de [[20e iuw]] brûkt waard yn keapfardij, nei it ferdwinen fan de [[klipper|klippers]]. |
'''Wynjammer''' is de oantsjutting foar in, meast dwers túchd, grut [[sylskip]] dat in de [[19e iuw]] en it begjin fan de [[20e iuw]] brûkt waard yn keapfardij, nei it ferdwinen fan de [[klipper|klippers]]. |
||
De term ferwiist nei it typyske âljend lûd dat ûntstiet at de wyn troch it túch fan stieltried blaasd, in hiel oar lûd as wat it âlderwetske touwurk joech. De meast foarkommende, meast effisjinte wynjammertugaazje wie de fjouwermêst [[bark]]; it resultaat fan lange aerodynamyske stúdzje en |
De term ferwiist nei it typyske âljend lûd dat ûntstiet at de wyn troch it túch fan stieltried blaasd, in hiel oar lûd as wat it âlderwetske touwurk joech. De meast foarkommende, meast effisjinte wynjammertugaazje wie de fjouwermêst [[bark]]; it resultaat fan lange aerodynamyske stúdzje en iuwen fan ûnderfining mei de seefeart. |
||
De wynjammer wie bedoeld foar tige lange reizen. Sy ferfierden meast bulklading, sa as [[hout]], [[nôt]], en [[gûano]], op ynterkontinintale reizen. Yn it begjin koenen sy de konkurinsje mei steamskippen noch oan, omdat sy hurder woene en gjin wetter en stienkoal hoechden yn te nimmen. |
De wynjammer wie bedoeld foar tige lange reizen. Sy ferfierden meast bulklading, sa as [[hout]], [[nôt]], en [[gûano]], op ynterkontinintale reizen. Yn it begjin koenen sy de konkurinsje mei steamskippen noch oan, omdat sy hurder woene en gjin wetter en stienkoal hoechden yn te nimmen. |
De ferzje fan 19 jul 2019 om 18.25
Wynjammer is de oantsjutting foar in, meast dwers túchd, grut sylskip dat in de 19e iuw en it begjin fan de 20e iuw brûkt waard yn keapfardij, nei it ferdwinen fan de klippers.
De term ferwiist nei it typyske âljend lûd dat ûntstiet at de wyn troch it túch fan stieltried blaasd, in hiel oar lûd as wat it âlderwetske touwurk joech. De meast foarkommende, meast effisjinte wynjammertugaazje wie de fjouwermêst bark; it resultaat fan lange aerodynamyske stúdzje en iuwen fan ûnderfining mei de seefeart.
De wynjammer wie bedoeld foar tige lange reizen. Sy ferfierden meast bulklading, sa as hout, nôt, en gûano, op ynterkontinintale reizen. Yn it begjin koenen sy de konkurinsje mei steamskippen noch oan, omdat sy hurder woene en gjin wetter en stienkoal hoechden yn te nimmen.
De Finske reder Gustaf Erikson út Mariehamn, Ålandseilannen, wie ferneamd om syn fleat fan wynjammers dy't er noch yn it wurk hie tusken beide wrâldkrigen. Oare bekende rederijen dy't it lang mei sylskippen útholden hawwe wiene F. Laeisz fan Hamburch en A.D. Bordes út Dúntsjerk (Frankryk).
Ferskate fan dizze skippen binne der noch - as skoalleskip, museumskip of omboud ta restaurant. Ek kin dit skipstype noch sjoen wurde by eveneminten sa as SAIL Amsterdam, de Kielwike en Hanse Sail.
Ferneamde wynjammers
De meast grutte wynjammer wie France II. De grutste dy't no noch bestiet is dee fjouwermêst bark Moshulu, no in restaurantskip yn Philadelphia, PA, FSA. In oarenien dy't noch fard is it Russysk skoalleskip Sedov, ek in fjouwermêst bark. De lêste wier oarspronklike wynjammer is de Pommern, no in museumskip yn Mariehamn.
- Balclutha
- Falls of Clyde
- France II
- Herzogin Cecilie
- Kruzenshtern
- Moshulu
- Omega (bark)
- Pamir
- Passat
- Peking
- Pommern
- Potosi
- Preußen
- Sedov
- Star of India
-
Moshulu
-
it folskip Preußen
-
Potosi
-
France II krekt foar har earste reis, Bordeaux 1912
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tall ships fan Wikimedia Commons. |