Harderwyk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
L Ieneach fan 'e Esk hat de side Hurderwyk omneamd ta Harderwyk: sjoch stimming op Wikipedy oerlis:Mienskip
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 15 jul 2019 om 21.29

Loftfoto fan it âde sintrum fan Hurderwyk

Hurderwyk (Nederlânsk: Harderwijk, Nedersaksysk: Harderwiek) is in stêd en gemeente yn de provinsje Gelderlân, mei 40.388 ynwenners (1 jannewaris 2003), en mei in oerflak fan 48,27 km², wêrfan 10,04 km² wetter.

Skiednis

De stêd Hurderwyk krige yn 1231 de stedsrjochten fan Greve Otto II. Fan 1285 oant 1628 wie de stêd part fan de Hânze. Yn 1503 wie der in grutte brân yn Hurderwyk, en hjirtroch en troch it fersânjen fan de Sudersee by Hurderwyk naam it belang fan de stêd ôf. Yn 1648 waard hjir de Universiteit fan Hurderwyk oprjochte, dy't yn 1811 troch Napoleon wer sletten is. Yn de 19e iuw waard Hurderwyk meast in fiskersplak, mar yn de 20e iuw hawwe it toerisme, en de drûchlizzen fan Flevolân wêr foar groei soarge.

Plakken

De stêd Hurderwyk is de haadstêd fan de gemeente. Fierder heart noch it doarpke Hieren by de gemeente Hurderwyk.

Lizzing

Hurderwyk leit oan't it Wâlderwiid, en op de râne fan de Feluwe. De stêd leit oan it spoardyk fan Swol nei Utert. Hurderwyk hat ek in dolfinarium.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Flagge fan de provinsje Gelderlân
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar
wizigje