Fryske Top 100: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L →‎2017: Ik haw der in stipskrapke fan makke.
Rigel 61: Rigel 61:
Mei 37.570 stimmen waard in rekôr oantal kearen stimd. Der kamen 16 nije nûmers binnen. 14 fan dy 16 stienen net earder yn de list. Heechste binnenkommer wiene de ''Greidebern ft. [[Wiebe Kaspers]]''. Mei harren nûmer ''[[Nim my mei dy mei]]'' woene sy mear omtinken krije foar
Mei 37.570 stimmen waard in rekôr oantal kearen stimd. Der kamen 16 nije nûmers binnen. 14 fan dy 16 stienen net earder yn de list. Heechste binnenkommer wiene de ''Greidebern ft. [[Wiebe Kaspers]]''. Mei harren nûmer ''[[Nim my mei dy mei]]'' woene sy mear omtinken krije foar
de greidefûgel. De yn septimber ferstoarne [[Rients Gratama]] wie mei it nûmer ''De bugel van looft den Heer'' 36 plakken omheech gien.
de greidefûgel. De yn septimber ferstoarne [[Rients Gratama]] wie mei it nûmer ''De bugel van looft den Heer'' 36 plakken omheech gien.
De grutste stiger fan dit jier is it duo Weima & van der Werf mei it nûmer ''Do'', hja stiigden yn totaal fjirtich plakken.
De grutste stiger fan dit jier is it duo Weima & van der Werf mei it nûmer ''Do''; hja stiigden yn totaal fjirtich plakken.

=== 2018 ===
=== 2018 ===
In rekôroantal fan 51.825 stimmen waard dit jier útbrocht.<ref>[https://www.lc.nl/friesland/Recordaantal-stemmen-voor-Fryske-Top-100-23996219.html ''Recordaantal stemmen voor Fryske Top 100'' yn: Ljouwerter Krante, 26 desimber 2018]</ref> Der waard in opfallend soad aksje fierd om nûmers yn de Fryske Top 100 te krijen.<ref>[https://www.omropfryslan.nl/nieuws/856815-fryske-top-100-nog-nooit-zo-populair-bij-publiek-en-artiesten ''Fryske top 100 nog nooit zo populair bij publiek en artiesten'', Omrop Fryslân, 27 desimber 2018]</ref> Der wiene achttjin nije binnenkommers, wêrfan twa yn de top 10. [[Oele Plop]] stjitte mei syn debútnûmer ''[[Ik wie smoar]]'' as heechste nije binnenkommer Gurbe Douwstra fan it earste plak. It nûmer ''[[Maten]]'' fan [[The Bounty Hunters]] kaam nij binnen op it achtste plak. De Hûnekop en Piter Wilkens hiene de measte notearrings yn de list, mei elk njoggen.
In rekôroantal fan 51.825 stimmen waard dit jier útbrocht.<ref>[https://www.lc.nl/friesland/Recordaantal-stemmen-voor-Fryske-Top-100-23996219.html ''Recordaantal stemmen voor Fryske Top 100'' yn: Ljouwerter Krante, 26 desimber 2018]</ref> Der waard in opfallend soad aksje fierd om nûmers yn de Fryske Top 100 te krijen.<ref>[https://www.omropfryslan.nl/nieuws/856815-fryske-top-100-nog-nooit-zo-populair-bij-publiek-en-artiesten ''Fryske top 100 nog nooit zo populair bij publiek en artiesten'', Omrop Fryslân, 27 desimber 2018]</ref> Der wiene achttjin nije binnenkommers, wêrfan twa yn de top 10. [[Oele Plop]] stjitte mei syn debútnûmer ''[[Ik wie smoar]]'' as heechste nije binnenkommer Gurbe Douwstra fan it earste plak. It nûmer ''[[Maten]]'' fan [[The Bounty Hunters]] kaam nij binnen op it achtste plak. De Hûnekop en Piter Wilkens hiene de measte notearrings yn de list, mei elk njoggen.

De ferzje fan 25 jun 2019 om 10.33

Fryske Top 100
Muzyksjenre ferskaat
Type programma Frysk
Utstjoerings
Tiid 31 desimber
Omrop Omrop Fryslân
Perioade 2004 - no
Temaside  Media

De Fryske Top 100 is in muzyklist en muzykprogram dat Omrop Fryslân sûnt 2004 alle jierren op âldjiersdei útstjoert op de radio en telefyzje. Yn 1995 kaam de earste útstjoering as idee fan Rein Tolsma en Geert van Tuinen. Oant en mei 2003 stjoerde de Omrop de Fryske Top 40 op Twadde Krystdei út. Letter wie der ek in útstjoering mei Piter Wilkens. Minsken koenen doe harren favorite listke opstjoere mei in brievekaart, it late der ta dat de postbussen útpûlen. Yn 1999 wie der gjin útstjoering, dy waard yn 2000 ferfong troch de Fryske Top 100. It waard sa'n súkses dat yn it programma wolris in houliksoansyk dien waard. De lêste jierren is it in multymediaal barren dat ek op telefyzje te sjen is.

It giet om de hûndert bêste Fryske nûmers nei de kar fan de minsken dy’t in stim útbrocht hawwe. Om ta de Top 100 te kommen kinne minsken oant en mei Twadde Krystdei harren top fiif fan nûmers ynfolle. Der kin op Fryske ferskes stimd wurde en op ferskes dy't yn in Fryske streektaal songen wurde.

Sûnt 2010 makket Omrop Fryslân om de Fryske Top 100 in telefyzjeprogramma. Yn de rin fan novimber en desimber wurdt mei sân ôfleverings nei âldjiersdei en de Fryske Top 100 tawurke. Yn de ôfleverings wurdt omtinken jûn oan de Fryske muzyk en artysten, ek binne der live optredens en spylje artysten nûmers fan oaren út de Top 100.

Resultaten

Piter Wilkens is ien fan de meast súksesfolle artysten yn de Fryske Top 100.

Begjinjierren

Fan 2001 oant en mei 2007 hat Reboelje mei it nûmer Marije Maria boppe oan de list stien. De band stie lykas Piter Wilkens en De Kast de earste jierren alle kearen yn de Top 10.

2007

Yn 2007 stie Marije Maria fan Reboelje foar de sânde kear op 'e rige boppe oan yn de Fryske Top 100. Dit jier wienen der tolve nijkommers yn de list, wêrfan Rommy it heechste plak behelle mei syn Ave Maria, hy stie op nûmer 4. Piter Wilkens wie de meast neamde artyst yn de list, hy stie mei trettjin nûmers yn de list.

2008

Foar it earst sûnt de begjin fan de Fryske Top 100 yn 2004 stie Reboelje (mei Marije Maria) net mear boppe oan de list. Gurbe Douwstra loske mei Cliffs of Moher Reboelje as de nije nûmer ien ôf. Der stienen tweintich nijkommers yn de list, wêrfan Gezina van der Zwaag & De Bazuin de grutste stigers foarmen mei it ferske Gabriella's Liet, hja kamen op it fiifde plak út.

2009

Yn de list fan 2009 stienen achttjin nijkommers. Lykas yn 2008 stie yn 2009 Gurbe Douwstra op 'e nij mei Cliffs of Moher boppe oan de list fan de Fryske Top 100. Heechste stiger, en ek de heechste nijkommer, fan it jier wie Strawelte, dy't mei it liet De Mem Fan Doutzen op plak 2 te stean kaam. De artyst mei de measte ferskes yn de list wie Piter Wilkens, mei tsien nûmers, wêrfan ien, It paad werom, yn de top tsien. De Kast stie mei seis nûmers en Anneke Douma mei fjouwer nûmers yn de Fryske Top 100. Der waarden likernôch 11.500 stimmen útbrocht.[1]

2010

Der waarden likernôch 12.000 stimmen útbrocht foar de Fryske Top 100 fan 2010, hast likefolle as yn 2009.[2] Der stienen tweintich nijkommers yn de list, de heechste nije binnenkommer fan it jier wie Moaie eagen, fan Strawelte mei Anneke Douma en Harrekieten, it ferske kaam binnen op plak nûmer 14. Lykas yn 2008 en 2009 waard Cliffs of Moher fan Gurbe Douwstra ferkeazen ta beste Fryske nûmers. Die Twa waarden mei har nûmer Fûgels twadde, Marije Maria fan Reboelje stie lykas yn 2009 op it tredde plak. Op 'e nij wie Piter Wilkens de meast foarkommende artyst yn de hitlist. Wilkens stie mei njoggen ferskes yn de list, wêrfan twa nûmers yn gearwurking mei oare artysten.

2011

De Fryske Top 100 waard it meast oer twittere. Sneontemoarn om 7 oere is Omrop Fryslân radio begûn mei it útstjoeren fan de 100 populêrste Fryske platen. Foar it gearstallen fan de list ha 10.000 minsken in top 5 ynstjoerd. Dat betsjut dat der 50.000 stimmen binnenkaam binne. Minsken koene kieze út 1784 ferskes.

De heechste nije binnenkommer stiet op 14. Dat is Sulveren Snie, songen troch Bruno en Judith. Dit nûmer is makke yn de hjerstfakânsje mei de harkers fan de Omrop.

2012

Dit jier wiene der goed 33.000 minsken dy't stimd hawwe. Gurbe Douwstra stie mei Cliffs of Moher ek dit jier wer op it earste plak. Der wiene yn 2012 18 nije nûmers yn de Top 100, Griet Wiersma wie mei it Pake en beppeferske de heechste binnenkommer.

2013

Dit jier wiene der goed 35.000 minsken dy't stimd hawwe. De Wiko's stiene mei It Bûthúsbankje dit jier op it earste plak. Der wiene yn 2013 28 nije nûmers yn de Top 100. trijeentweintich ferskes giene omheech yn de list, sânenfjirtich ferskes sakken en twa bleaune stean. It ferske In part fan dy fan Marcel Smit & Gerbrich van Dekken wie de heechste nije binnenkommer op nûmer tsien. De rapste klimmer wie it ferske Alwer in Fries fan Bauke en Greetje dy gie mei achtentritich plakken omheech, it ferske Sulveren snie fan Bruno & Judith dat yn 2011 nog de heechst nije binnenkommer wie op nûmmer fjirtjin, sakket dit jier it hurdst mei iensantich plakken.

2014

Nei in ûnderbrekking fan ien jier fiert Cliffs of Moher fan Gurbe Douwstra opnij de Fryske Top 100 oan. Jierren oanien wie Cliffs of Moher de nûmer ien. Ferline jier stiene de Wiko's mei It Bûthúsbankje op it earste plak. It wie it jier neidat Wiko-sjonger Kobus Algra wegens sykte ôfskied naam fan de groep. Dit jier ferstoar Algra.

2015

De Fryske Top 100 fan 2015 hat in ferrassend ein krige. Fûgels fan Die Twa wie de nije nije nûmer ien. It wie in ôfskiedskado foar Krijn en Jacob Dijkstra dy’t der yn 2015 mei opholden. Heechste binnenkommer wie Arnold Postma. Hy stiet op mei Mei ik dan by dy op nûmer 21. It is in Fryske oersetting fan de hit fan Claudia de Breij Mag ik dan bij jou. Troch in grutte kampanje kaam de âldjiersploech fan Marsum mei Marsum ahoy yn de Fryske Top 100 op nûmer trije. Der binne alve nije nûmers yn de list dit jier en dêrneist binne der fiif nûmers weromkaam dy’t al earder yn de top 100 stien hawwe. De grutste stiger fan 2015 wie Libben nei de leafde fan Vangrail. Piter Wilkens is mei alve solo’s en ien nûmer mei SimmerTime de meast notearre artyst.

2016

Der wie dit jier in soad ferjonging mei tweintich nijkommers. Trettjin nûmers kamen nij binnen, fiif ferdwûne nûmers binne werom stimd. De heechste dêrfan wiene Iderien wurdt bekend fan Frerik de Swetser en In groet van Johannes Rypma. De nûmers Jorwert fan Wiebe Kaspers en Skettens fan Rob du Jardin kamen ek heech binnen. It nûmer Do van Weima & van der Werf waard troch de 31000 stimmers ek foar it earst werom keazen yn de list. De Kast stie mei njoggen nûmers it faakst yn de top 100. Oars as oare jierren waard de Top 100 útstjoerd fan 12.00 oere middeis oant middernacht.

2017

Mei 37.570 stimmen waard in rekôr oantal kearen stimd. Der kamen 16 nije nûmers binnen. 14 fan dy 16 stienen net earder yn de list. Heechste binnenkommer wiene de Greidebern ft. Wiebe Kaspers. Mei harren nûmer Nim my mei dy mei woene sy mear omtinken krije foar de greidefûgel. De yn septimber ferstoarne Rients Gratama wie mei it nûmer De bugel van looft den Heer 36 plakken omheech gien. De grutste stiger fan dit jier is it duo Weima & van der Werf mei it nûmer Do; hja stiigden yn totaal fjirtich plakken.

2018

In rekôroantal fan 51.825 stimmen waard dit jier útbrocht.[3] Der waard in opfallend soad aksje fierd om nûmers yn de Fryske Top 100 te krijen.[4] Der wiene achttjin nije binnenkommers, wêrfan twa yn de top 10. Oele Plop stjitte mei syn debútnûmer Ik wie smoar as heechste nije binnenkommer Gurbe Douwstra fan it earste plak. It nûmer Maten fan The Bounty Hunters kaam nij binnen op it achtste plak. De Hûnekop en Piter Wilkens hiene de measte notearrings yn de list, mei elk njoggen.

Top 10

Tabel fan de resultaten út it ferline:

posysje
jier
1 2 3 4 5 6 7 8 9 10
2018 Ik wie smoar
Oele Plop
Cliffs of Moher
Gurbe Douwstra
Fûgels
Die Twa
Marije Maria
Reboelje
In nije dei (live)
De Kast
In groet
Johannes Rypma
As it myn tiid is
Gurbe Douwstra
Maten
The Bounty Hunters feat. Johannes Rypma
It paad werom
Piter Wilkens
Fries om utens
Rolling Home
2017 Cliffs of Moher
Gurbe Douwstra
Fûgels
Die Twa
Marije Maria
Reboelje
As it myn tiid is
Gurbe Douwstra
In nije dei (live)
De Kast
It paad werom
Piter Wilkens
In groet
Johannes Rypma
Nim my mei dy mei
Greidebern ft. Wiebe Kaspers
Iderien wurdt bekend
Frerik de Swetser
Fries om utens
Rolling Home
2016 Cliffs of Moher
Gurbe Douwstra
Fûgels
Die Twa
Iderien wurdt bekend
Frerik de Swetser
As it myn tiid is
Gurbe Douwstra
Marije Maria
Reboelje
It paad werom
Piter Wilkens
It Bûthúsbankje
De Wiko's
In part fan dy
Marcel Smit & Gerbrich van Dekken
In groet
Johannes Rypma
In nije dei
De Kast
2015 Fûgels
Die Twa
Cliffs of Moher
Gurbe Douwstra
Marsum Ahoy
Aldjiersploech Marsum ft. Van Wieren
Marije Maria
Reboelje
In Groet
Johannes Rypma
As it myn tiid is
Gurbe Douwstra
It Bûthúsbankje
De Wiko's
In part fan dy
Marcel Smit & Gerbrich van Dekken
Fries om utens
Rolling Home
In nije dei
De Kast
2014 Cliffs of Moher
Gurbe Douwstra
Fûgels
Die Twa
It Bûthúsbankje
De Wiko's
Marije Maria
Reboelje
In groet
Johannes Rypma
Fries om utens
Rolling Home
In part fan dy
Marcel Smit & Gerbrich van Dekken
In nije dei
De Kast
Op een dag
Gerrit Breteler
It paad werom
Piter Wilkens
2013 It Bûthúsbankje
De Wiko's
Cliffs of Moher
Gurbe Douwstra
Fûgels
Die Twa
Marije Maria
Reboelje
Fries om utens
Rolling Home
Op een dag
Gerrit Breteler
De mem fan Doutzen
Strawelte
In nije dei
De Kast
It paad werom
Piter Wilkens
In part fan dy
Marcel Smit & Gerbrich van Dekken
2012 Cliffs of Moher
Gurbe Douwstra
Fûgels
Die Twa
Marije Maria
Reboelje
De mem fan Doutzen
Strawelte
Fries om utens
Rolling Home
Op een dag
Gerrit Breteler
In nije dei
De Kast
It paad werom
Piter Wilkens
Grutte grize fûgel
Frederike Kleefstra
Gabriella's Liet
Gezina van der Zwaag & De Bazuin
2011 Cliffs of Moher
Gurbe Douwstra
Fûgels
Die Twa
Marije Maria
Reboelje
In nije dei
De Kast
Fries om utens
Rolling Home
Op een dag
Gerrit Breteler
De mem fan Doutzen
Strawelte
It paad werom
Piter Wilkens
Gabriella's Liet
Gezina van der Zwaag & De Bazuin
Grutte grize fûgel
Frederike Kleefstra
2010 Cliffs of Moher
Gurbe Douwstra
Fûgels
Die Twa
Marije Maria
Reboelje
De mem fan Doutzen
Strawelte
In nije dei
De Kast
Fries om utens
Rolling Home
Op een dag
Gerrit Breteler
It paad werom
Piter Wilkens
Gabriella's Liet
Gezina van der Zwaag & De Bazuin
Grutte grize fûgel
Frederike Kleefstra
2009 Cliffs of Moher
Gurbe Douwstra
De mem fan Doutzen
Strawelte
Marije Maria
Reboelje
In nije dei
De Kast
Gabriella's Liet
Gezina van der Zwaag & De Bazuin
Fries om utens
Rolling Home
Op een dag
Gerrit Breteler
It paad werom
Piter Wilkens
Frysk hynder
Griet Wiersma
Fûgels
Die Twa
2008 Cliffs of Moher
Gurbe Douwstra
Marije Maria
Reboelje
In nije dei
De Kast
Fries om utens
Rolling Home
Gabriella's Liet
Gezina van der Zwaag & De Bazuin
Op een dag
Gerrit Breteler
Frysk hynder
Griet Wiersma
Lit jim gean Friezen
Gurbe Douwstra
It paad werom
Piter Wilkens
Grutte grize fûgel
Frederike Kleefstra
2007 Marije Maria
Reboelje
In nije dei
De Kast
Cliffs of Moher
Gurbe Douwstra
Ave Maria
Rommy
Fries om utens
Rolling Home
Op een dag
Gerrit Breteler
Frysk hynder
Griet Wiersma
Grutte grize fûgel
Frederike Kleefstra
It paad werom
Piter Wilkens
Lit jim gean Friezen
Gurbe Douwstra
2006 Marije Maria
Reboelje
In nije dei
De Kast
Fries om utens
Rolling Home
Frysk hynder
Griet Wiersma
Op een dag
Gerrit Breteler
It paad werom
Piter Wilkens
Grutte grize fûgel
Frederike Kleefstra
De begraffenis fan Omke Wopke
Doede Veeman
Lit jim gean Friezen
Gurbe Douwstra
Knoopkes
Piter Wilkens
2005 Marije Maria
Reboelje
Fries om utens
Rolling Home
Frysk hynder
Griet Wiersma
In nije dei (live)
De Kast
Lit jim gean Friezen
Gurbe Douwstra
Grutte grize fûgel
Frederike Kleefstra
Lik op stik
Ferbean
Op een dag
Gerrit Breteler
De begraffenis fan Omke Wopke
Doede Veeman
It paad werom
Piter Wilkens
2004 Marije Maria
Reboelje
Fries om utens
Rolling Home
Frysk hynder
Griet Wiersma
In nije dei
De Kast
Wêr bisto
Twarres
It paad werom
Piter Wilkens
Knoopkes
Piter Wilkens
Lik op stik
Ferbean
Lit jim gean Friezen
Gurbe Douwstra
De begraffenis fan Omke Wopke
Doede Veeman
2003 Marije Maria
Reboelje
Frysk hynder
Griet Wiersma
Fries om utens
Rolling Home
Lit jim gean Friezen
Gurbe Douwstra
It paad werom
Piter Wilkens
Knoopkes
Piter Wilkens
De begraffenis fan Omke Wopke
Doede Veeman
In nije dei
De Kast
Grutte grize fûgel
Frederike Kleefstra
Lik op stik
Ferbean
2002 Marije Maria
Reboelje
Fries om utens
Rolling Home
It paad werom
Piter Wilkens
In nije dei
De Kast
Knoopkes
Piter Wilkens
Wêr bisto
Twarres
Grutte grize fûgel
Frederike Kleefstra
Frysk hynder
Griet Wiersma
De begraffenis fan Omke Wopke
Doede Veeman
Fûgelfrij
Three-ality
2001 Marije Maria
Reboelje
Wêr bisto
Twarres
In nije dei (live)
De Kast
It paad werom
Piter Wilkens
Knoopkes
Piter Wilkens
Den bugel van Looft den Heer
De Kast & Maaike Schuurmans
Grutte grize fûgel
Frederike Kleefstra
Fries om utens
Rolling Home
De begraffenis fan Omke Wopke
Doede Veeman
Paradys by it dashboardljocht
De Kast & Maaike
2000 Wêr bisto
Twarres
Marije Maria
Reboelje
In nije dei
De Kast
It paad werom
Piter Wilkens
Knoopkes
Piter Wilkens
Simmer 2000
Rients, Piter, Maaike & De Kast
Soan
Adri de Boer
Wa't ik bin
Rients & Maaike
Den bugel van Looft den Heer
De Kast & Maaike Schuurmans
Eltse grins foarby
De Kast

foar it lêst bywurke op 30-9-2018

Klassemint fan alle Top 100-notearrings

Gurbe Douwstra stiet sûnt 2008 oant en mei 2012 mei syn nûmer Cliffs of Moher boppe oan yn de Fryske Top 100

Understeande tabel is opsteld troch punten te jaan oan de lieten yn alle Fryske Top-100's.
Hjirby jildt: elke notearing op nûmer 1=10 punten, nûmer 2=9 punten, 3=8 punten, 4=7 punten, 5=6 punten, 6=5 punten, 7=4 punten, 8=3 punten, 9=2 punten en in nûmer 10 notearring levert 1 punt op.

posysje liet - artyst punten
1 Marije Maria - Reboelje 169
2 Cliffs of Moher - Gurbe Douwstra 125
3 In nije dei - De Kast 113
4 Fries om utens - John Wright & Rolling Home 101
5 Fûgels - Die Twa 90
6 It paad werom - Piter Wilkens 72
7 Op een dag - Gerrit Breteler 46
8 Frysk hynder - Griet Wiersma 45
9 It Bûthúsbankje - De Wiko's 34
10 De Mem Fan Doutzen - Strawelte 31
11 Wêr bisto - Twarres 30
12 In Groet - Johannes Rypma 29
13 Grutte grize fûgel - Frederike Kleefstra 27
14 Knoopkes - Piter Wilkens 26
15 As it myn tiid is - Gurbe Douwstra 23
16 Lit jim gean Friezen - Gurbe Douwstra 21
17 Gabriella's Liet - Gezina van der Zwaag & De Bazuin 17
18 In part fan dy - Marcel Smit & Gerbrich van Dekken 15
19 De begraffenis fan omke Wopke - Doede Veeman 14
20 Iderien wurdt bekend - Frerik de Swetser 10
21 Ik wie smoar - Oele Plop 10
22 Lik op stik - Ferbean 8
23 Marsum Ahoy - Aldjiersploech Marsum ft. Van Wieren 8
24 Ave Maria - Rommy 7
25 Den bugel van Looft den Heer - De Kast & Maaike Schuurmans 7
26 In part fan dy - Marcel Smit & Gerbrich van Dekken 5
27 Simmer 2000 - Rients, Piter, Maaike & De Kast 5
28 Soan - Adri de Boer 4
29 Maten - The Bounty Hunters feat. Johannes Rypma 3
30 Nim my mei dy mei - Greidebern ft. Wiebe Kaspers 3
31 Wa't ik bin - Rients & Maaike 3
32 Eltse grins foarby - De Kast 1
33 Fûgelfrij - Die Twa 1
34 Paradys by it dashboardljocht - De Kast & Maaike 1

foar it lêst bywurke op 6-1-2019

Nijsgjirrich

Nijsgjirrige feiten (bywurke oant 2018):

  • Piter Wilkens en Gurbe Douwstra binne de ienichste artysten dy't yn ien jier twa nûmers yn de top tsien hân hawwe.
  • Piter Wilkens hat it rekord wat it grutste tal nûmers yn ien edysje fan de Fryske Top 100 oanbelanget. Yn 2007 stie Wilkens mei trettjin nûmers yn de list.
  • De heechste nije binnenkommer ea is Strawelte mei it liet De mem fan Doutzen. Strawelte helle yn 2009 út it neat it twadde plak mei dit ferske.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Stimme Fryske Top 100 dien, OmropFryslân.nl (sjoen op 31 desimber 2010)
  2. 12.000 stimmers foar Top 100, OmropFryslân.nl (sjoen op 31 desimber 2010)
  3. Recordaantal stemmen voor Fryske Top 100 yn: Ljouwerter Krante, 26 desimber 2018
  4. Fryske top 100 nog nooit zo populair bij publiek en artiesten, Omrop Fryslân, 27 desimber 2018