Dantumadiel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Webside kloppe net mear
Rigel 41: Rigel 41:
| tiidsône = [[UTC]] +1
| tiidsône = [[UTC]] +1
| simmertiid = UTC +2
| simmertiid = UTC +2
| webside = [http://www.dantumadeel.nl/ www.dantumadeel.nl]
| webside = [http://www.dantumadiel.frl/ www.dantumadiel.frl]
}}
}}
'''Dantumadiel''' (offisjeel [[Frysk]]; [[Nederlânsk]]: ''Dantumadeel'') is in [[gemeente]] yn it noardeasten fan [[Fryslân]], krekt súdlik fan [[Dokkum]], mei 18.896 ynwenners (30&nbsp;april 2017), en in [[oerflak]] fan 87,53 km², wêrfan 2,12 km² wetter. Op [[31&nbsp;desimber]] [[2018]] hie dizze gemeente 18.928 ynwenners.<ref>{{Aut|Bosma, Willem}}, ''Marginale groei naar hoogste inwonertal ooit'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 31 desimber 2018, s. 26.</ref>
'''Dantumadiel''' (offisjeel [[Frysk]]; [[Nederlânsk]]: ''Dantumadeel'') is in [[gemeente]] yn it noardeasten fan [[Fryslân]], krekt súdlik fan [[Dokkum]], mei 18.896 ynwenners (30&nbsp;april 2017), en in [[oerflak]] fan 87,53 km², wêrfan 2,12 km² wetter. Op [[31&nbsp;desimber]] [[2018]] hie dizze gemeente 18.928 ynwenners.<ref>{{Aut|Bosma, Willem}}, ''Marginale groei naar hoogste inwonertal ooit'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 31 desimber 2018, s. 26.</ref>

De ferzje fan 15 jun 2019 om 19.27

Dantumadiel

De Midsiuwske Aleksandertsjerke yn Rinsumageast.
flagge wapen

Wapen fan Dantumadiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
boargemaster Klaas Agricola
sifers en geografy
haadplak Damwâld
grutste plak Damwâld
ynwennertal 18.928 (2018)
befolkingstichtens 221,2 / km²
oerflak 87,53 km²
● wêrfan lân 85,41 km²
● wêrfan wetter 2,12 km²
tal doarpen 11
ferkearsieren N356
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Dantumadiel
oar
netnûmer 0511
postkoade 9104–9114, 9269–9271
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.dantumadiel.frl

Dantumadiel (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Dantumadeel) is in gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, krekt súdlik fan Dokkum, mei 18.896 ynwenners (30 april 2017), en in oerflak fan 87,53 km², wêrfan 2,12 km² wetter. Op 31 desimber 2018 hie dizze gemeente 18.928 ynwenners.[1]

Haadplak fan de gemeente is Damwâld, en de oare plakken yn de gemeente binne: Broeksterwâld, Driezum, De Falom, Feanwâlden, Feanwâldsterwâl, Rinsumageast, Readtsjerk, Sibrandahûs, Wâlterswâld en De Westereen. De gemeente brûkt Fryske plaknammen. Alle strjit- en wetternammen binne ek Frysk, dat de gemeente is folslein Frysktalich.

Skiednis

Dantumadiel, Donthmadeil, wie yn it ferline in grutter gebiet as no. Om 1200 hinne wie it in part fan Wininge, en doe dat om 1250 hinne opsplitte wie Dantumadiel part fan de Noardlike Njoggen. Likernôch 1350 waard lykwols it eastlik part ôfskieden, en opdield ta Eastbroeksterlân en Kollumerlân. Yn 1389 waard ek Driezum in gebiet apart, mar yn 1404 waard it wer by Dantumadiel foege.

De gritenij Dantumadiel waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. Dokkum hat yn de 20e iuw ferskate kearen grûngebiet fan Dantumadiel derby krigen en mei de gemeentlike weryndieling fan 1984 giene it doarp Jannum en in lyts diel fan Burdaard dat yn Dantumadiel lei, oer nei de gemeente Ferwerderadiel.

Yn 2016 en begjin 2017 liek it derop dat Dantumadiel op 1 jannewaris 2019 mei Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân fúzjearje soe ta de nije gemeente Noardeast-Fryslân, mar yn maart en april 2017 waard dúdlik dat Dantumadiel him út dy plannen weromlûke soe, en dat de oare trije gemeenten sûnder Dantumadiel trochgean soene mei de fúzjeplannen.

Haadplak

Op 10 desimber 1999 is yn Damwâld it nije gemeentehús iepene wertroch Damwâld as grutste plak ek wer it haadplak fan de gemeente is. Yn it begjin fan de gemeenteskiednis wie Rinsumageast lange tiid it wichtichste plak fan de gemeente. De gritenijbestjoerders kamen gear yn 'It Rjochthús'. Yn 1881 waard op de krúshoeke yn Moarrewâld in nij gemeentehús boud. Oant en mei 1970 is it gemeentehús hjir bleaun. Dêrnei is it ferhuze nei Rinsma State yn Driezum. Omreden dat Rinsma State te lyts waard en men it gemeentehús ek leaver wer op in sintraal plak hawwe woe is efter it âld gemeentehús yn Moarrewâld, no part fan Damwâld, in nij gebou delsetten.

Untwikkeling ynwennertal

Bekende Nederlanners út Dantumadiel

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bosma, Willem, Marginale groei naar hoogste inwonertal ooit, yn: de Ljouwerter Krante, 31 desimber 2018, s. 26.

 
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)