Ferskil tusken ferzjes fan "Marije Magdalena"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Gjin feroaring yn grutte ,  1 jier lyn
L
van >> fan
L (opmaak bytsje oars)
L (van >> fan)
 
== Betizing ==
Oars as yn de [[Eastersk-otterdoksy|ottordokske]] tsjerken krige Marije Magdalena yn it westerske kristendom al yn de 3e iuw in reputaasje fan in beroufolle prostituee. Nearne yn de fjouwer evangeeljes is lykwols in ekplisite ferwizing fan Marije Magdalena nei in sûndich libben te finen. Mooglik waard Marije Magdalena fertiisd mei de sûndige frou dy't yn Lukas 7:36-50 Jezus' fuotten salve. Ek is der betizing mei Marije fan Betanië, de suster fan Marta, dy't yn Jehannes 11:1-2 ek de fuotten fan Jezus salve en lang waarden Marije vanfan Betanië en Marije Magdalena troch guon as ien en deselde persoan sjoen.
 
Oan de betizing is û.o. ek in preek fan [[paus Gregorius I]] yn 591 skuldich. Yn dizze ynfloedrike preek identifisearre de paus Marije Magdalena as de sûnderes sûnder namme dy't Kristus's fuotten mei balsem salve. De sân demoanen dy't Jezus út Marije Magdalena bande waarden sân haadsûnden.<ref>http://www.heiligen.net/heiligen/07/22/07-22-0100-maria.php</ref> Alhoewol't de tsjerke hjir al lang ôfstân fan nommen hat, komme der om de persoan fan Marije Magdalena hinne ek tsjintwurdich noch nije optinksels by. Sa woe de skriuwer [[Dan Brown]] yn de bestseller de [[Da Vinci Code]] ha, dat Marije Magdalena de frou fan Jezus wie. Ek dizze bewearing mist alle grûn.<ref>http://www.feit-of-fabel.nl/magdalena.html</ref>
 
== Oerleverings ==
Ynfloed hie ek in ferhaal oer Marije Magdalena yn de [[Legenda aurea]] ([[Latynsk]] foar "Gouden leginden"), in godstsjinstich folksboek út de lette midsiuwen. Neffens dit ferhaal soe Marije Magdalena mei [[Marije fan Klopas]], [[Marta vanfan Betanië|Marta]] en [[Lazarus]] troch in mennich joaden op in skip sûnder seil setten wêze. It skip kaam úteinliks yn it Frânske Saintes-Maries-de-la-Mer by [[Marseille]] oan en fan dêr út brochten hja it kristendom yn de [[Provence (Frankryk)|Provence]]. Dêr wurdt ek nog in tsjinsfaam fereare, dy't mei de trije Marijes meireizge hie: de swarte Sara, in beskermhillige fan de [[Roma (folk)|Roma]] en Sinti. In oare oerlevering woe ha dat Marije Magdalena nei de opstanning fan Kristus mei de apostel Jehannes en Marije, de mem fan Jezus, nei Efeze reizge en dêr stoar.
 
== Ikonografy ==

Navigaasjemenu