Swevelkopke: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
 
Rigel 21: Rigel 21:
[[Kategory:Poddestoel]]
[[Kategory:Poddestoel]]
[[Kategory:Skimmelsoarte]]
[[Kategory:Skimmelsoarte]]
[[Kategory:Agaricales]]
[[Kategory:Plaatsjesswam (skift)]]
[[Kategory:Lânseigen skimmel yn Belgje]]
[[Kategory:Lânseigen skimmel yn Belgje]]
[[Kategory:Lânseigen skimmel yn Denemark]]
[[Kategory:Lânseigen skimmel yn Denemark]]

De hjoeddeiske ferzje sûnt 23 mai 2019 om 23.46

Swevelkopke

It Gewoane Swevelkopke (Hypholoma fasciculare, earder ek Psilocybe fascicularis) heart ta de plaatsjesswammen en groeit yn tichte groepen oan de foet fan leaf- of nuddelbeammen yn bosken of plantsoenen. De poddestoel is yn Fryslân tige algemien.

De kleur fan it Gewoane Swevelkopke is swevelgiel mei oranjebrún sintrum en faak mei skiergiele oant donkerbrune flues stikjes (velumresten) oan de râne. De plaatsjes dy't oan de ûnderkant fan de hoed sitte binne gielgrienich en by it âlder wurden donkerbrún. De oant 10 sm lange en kwalik 1 sm. brede stâle fan de poddestoel is swevelgiel mei in swakke ringsône en oan de foet oranjebrún. De hoed hat in trochsneed fan 2-6 sm. De spoaren binne poarperbrún fan kleur.

Giftichheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Gewoane Swevelkopke smakket tige bitter en is slim fergiftich en kin maklik ferwiksele wurde mei de ytbere Dinneswevelkop (Hypholoma capnoides) en it Stobbeswamke (Kuehneromyces mutabilis).

Bûtenlânske nammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ingelsk: Sulphur tuft
Dútsk: Grünblättriger Schwefelkopf
Frânsk: Hypholome en touffe, Agaric doré
Italjaansk: Ifoloma fasiculato
Nederlânsk: Gewoon Zwavelkopje

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hypholoma fasciculare fan Wikimedia Commons.