F.F.J. Bernlef: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 5: Rigel 5:
Bernlef is oprjochte yn [[1925]] nei in oprop fan Ruerd Heech yn de ''Der Clercke Cronike'', de foargonger fan de notiidske ''UniversiteitsKrant''. De feriening is oprjochte as in Studinteselskip foar [[Frysk|Fryske]] Stúdzje, mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk-eigene ûnder de Fryske studinten yn Grins. De namme ferwiist nei de Fryske bard [[Bernlef (bard)|Bernlef]].
Bernlef is oprjochte yn [[1925]] nei in oprop fan Ruerd Heech yn de ''Der Clercke Cronike'', de foargonger fan de notiidske ''UniversiteitsKrant''. De feriening is oprjochte as in Studinteselskip foar [[Frysk|Fryske]] Stúdzje, mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk-eigene ûnder de Fryske studinten yn Grins. De namme ferwiist nei de Fryske bard [[Bernlef (bard)|Bernlef]].


Troch de jierren hinne hat Bernlef gâns feroaringen meimakke. In konstante is de striid binnen Bernlef tusken de minsken dy't serieus mei it Frysk dwaande wolle en de minsken dy't it leaver wat geselliger mei-inoar hawwe wolle. Yn [[1956]] krige Bernlef in eigen ferieningsblêd, ''De Harpe'', al hiet it earste nûmer noch ''De Klok''. Dit blêd is no it poadium dêr't de minsken de striid tusken Fryske stúdzje en geselligens foartsette. Ek is Bernlef fan in swalkjend bestean yn ôfhierde kroegen of mei jûnen yn oare ferienings har pânen nei in fêst bestean mei in eigen pân gongen. Yn [[1971]] is Bernlef yn it pân ''De Pizel'' oan de râne fan de binnenstêd fan Grins lutsen en tusken al de ferbouwings en oanpassings troch is it it fêste, smûke plak fan de feriening wurden.
Troch de jierren hinne hat Bernlef gâns feroaringen meimakke. In konstante is de striid binnen Bernlef tusken de minsken dy't serieus mei it Frysk dwaande wolle en de minsken dy't it leaver wat geselliger mei-inoar hawwe wolle. Yn [[1956]] krige Bernlef in eigen ferieningsblêd, ''De Harpe'', al hiet it earste nûmer noch ''De Klok''. Dit blêd is no it poadium dêr't de minsken de striid tusken Fryske stúdzje en geselligens fuortsette. Ek is Bernlef fan in swalkjend bestean yn ôfhierde kroegen of mei jûnen yn oare ferienings har pânen nei in fêst bestean mei in eigen pân gongen. Yn [[1971]] is Bernlef yn it pân ''De Pizel'' oan de râne fan de binnenstêd fan Grins lutsen en tusken al de ferbouwings en oanpassings troch is it it fêste, smûke plak fan de feriening wurden.


==Hjoeddeisk==
==Hjoeddeisk==

De ferzje fan 18 sep 2007 om 17.34

Wapen FFJ Bernlef

F.F.J. Bernlef, de Feriening foar Fryske Jongerein Bernlef, is in studinteferiening yn Grins.

Skiednis

Bernlef is oprjochte yn 1925 nei in oprop fan Ruerd Heech yn de Der Clercke Cronike, de foargonger fan de notiidske UniversiteitsKrant. De feriening is oprjochte as in Studinteselskip foar Fryske Stúdzje, mei as doel it behâld en it befoarderjen fan it Frysk-eigene ûnder de Fryske studinten yn Grins. De namme ferwiist nei de Fryske bard Bernlef.

Troch de jierren hinne hat Bernlef gâns feroaringen meimakke. In konstante is de striid binnen Bernlef tusken de minsken dy't serieus mei it Frysk dwaande wolle en de minsken dy't it leaver wat geselliger mei-inoar hawwe wolle. Yn 1956 krige Bernlef in eigen ferieningsblêd, De Harpe, al hiet it earste nûmer noch De Klok. Dit blêd is no it poadium dêr't de minsken de striid tusken Fryske stúdzje en geselligens fuortsette. Ek is Bernlef fan in swalkjend bestean yn ôfhierde kroegen of mei jûnen yn oare ferienings har pânen nei in fêst bestean mei in eigen pân gongen. Yn 1971 is Bernlef yn it pân De Pizel oan de râne fan de binnenstêd fan Grins lutsen en tusken al de ferbouwings en oanpassings troch is it it fêste, smûke plak fan de feriening wurden.

Hjoeddeisk

Tsjintwurdich draait it by Bernlef foaral om de geselligens, ek al binne der noch geregeld aksjes foar it Frysk of Fryslân, mei as meast slagge foarbyld de Fryske Kameleonfilm. It Frysk is de binende faktor foar in grut ferskaat fan soms hiel ferskillende typen fan minsken, ôfkomstich út likegoed Fryslân sels as oare parten fan de wrâld. Bernlef hat dêrmei in iepen karakter krigen, wat ûnder oaren ta útdrukking komt yn it feit dat der gjin ûntgriening is, en ek gjin oare foarm fan ferplichte yntroduksje.

De struktuer fan de feriening hat op it stuit trije ûnderdielen. It bestjoer stiet oan it haad fan de feriening en is ferantwurdlik foar it goed rinnen bliuwen fan de feriening en it behear fan har finânsjes. De kommisjes binne offisjeel troch it bestjoer oanstelde groepkes leden dy't in spesifike taak op har nimme, lykas it organisearjen fan in kamp of it folskriuwen fan De Harpe. De rûnten binne troch leden sels foarme groepkes dy't in mienskiplike ynteresse hawwe en dêr wat mei dogge, lykas fuotbal, keatsen of klaverjassen.

It deistige libben by Bernlef wurdt tsjintwurdich foarme troch de twa of trije soasjûnen yn 'e wike en meastentiids ek wol de ien of de oare 'spesjale' aktiviteit op ien fan de soasjûnen of op in oar stuit.

Federaasje

Bernlef is lid fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings dy't op syn beurt wer oansletten is by de Ried fan de Fryske Beweging. De wichtichste aktviteit fan de Federaasje is de jierlikse organisaasje fan it Krystkongres yn Frjentsjer.

Keppeling om utens