Bedum (plak): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Bedum - Walfriduskerk - schuin van achteren.jpg|thumb|235x235px|De hervormde Walfriduskerk]]
[[Ofbyld:Bedum - Walfriduskerk - schuin van achteren.jpg|thumb|235x235px|De hervormde Walfriduskerk]]
'''Bedum''' ([[Grinslânsk]]: ''Beem'') leit yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. Is wie it haadplak fan de eardere [[Bedum (gemeente)|lykneamde gemeente]]. It doarp leit ûngefear 10 km noardlik fan de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] en leit oan it [[spoar Grins - Delfsyl]] en oan it [[Boterdiep]]. It doarp Bedum hie yn [[2013]] 8.565 ynwenners.
'''Bedum''' ([[Grinslânsk]]: ''Beem'') leit yn de gemeente [[It Hegelân]] yn de provinsje [[Grinslân]]. Is wie it haadplak fan de eardere [[Bedum (gemeente)|lykneamde gemeente]]. It doarp leit ûngefear 10 km noardlik fan de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] en leit oan it [[spoar Grins - Delfsyl]] en oan it [[Boterdiep]]. It doarp Bedum hie yn [[2013]] 8.565 ynwenners.


== Tsjerken ==
== Tsjerken ==

De ferzje fan 5 mai 2019 om 14.18

De hervormde Walfriduskerk

Bedum (Grinslânsk: Beem) leit yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. Is wie it haadplak fan de eardere lykneamde gemeente. It doarp leit ûngefear 10 km noardlik fan de stêd Grins en leit oan it spoar Grins - Delfsyl en oan it Boterdiep. It doarp Bedum hie yn 2013 8.565 ynwenners.

Tsjerken

De hjoeddeiske herfoarme Walfridustsjerke waard yn de 11e iuw stichte as beafeartstsjerke fan Sint-Walfridus, dy't yn Bedum libbe hawwe soe en troch de Noarmannen fermoarde wêze soe. Opfallend oan de tsjerke is de skeane 11e iuwske toer yn romaanske styl. Dizze toer stiet skeaner as dy fan Pisa: hy hinget 4,18°[1] út it lead versus de 3,97° fan Pisa. Hy is yn elts gefal de skeanste fan Nederlân. Yn de 15e iuw waard de tsjerke fergrutte ta in twabeukige goatyske halletsjerke, dy't yn de 16e iuw útwreide waard mei in grut koar mei omgong foar it kapittel fan de tsjerke. Nei de Reformaasje is de tsjerke swier skeind, ûnder mear troch sloop fan it koer en ferleging fan de noarderbeuk. Yn de Midsiuwen hie Bedum noch in beafeartstsjerke, wijd oan Sint Radfridus, de soan fan Walfridus. Fan dy tsjerke is boppe de grûn neat oer. De roomsk-katolike tsjerke Us Leaffrou Himelfeart is in ienbeukige krústsjerke yn neogoatyske styl, boud yn 1880-1881 nei ûntwerp fan Alfred Tepe. De grifformearde Noardertsjerke út 1938 waard ûntwurpen troch arsjitekt Egbert Reitsma yn tradysjonalistyske styl.

Berne yn Bedum

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tan α=2,61m/35,704; α=4,18graden