Alkalymetaal: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Kneppelfreed hat de side Akalymetaal omneamd ta Alkalymetaal: typfout
 
Rigel 32: Rigel 32:
{{Commonscat|Alkali metals|Alkalymetalen}}
{{Commonscat|Alkali metals|Alkalymetalen}}



[[Kategory:Alkalymetaal]]
[[Kategory:Periodyk systeem]]
[[Kategory:Periodyk systeem]]
[[Kategory:Skiekunde]]
[[Kategory:Gemyske elemintgroep]]
[[Kategory:Metaal]]

De hjoeddeiske ferzje sûnt 4 mai 2019 om 20.01

Alkalymetalen

In alkalymetaal is in elemint út de earste groep fan it periodyk systeem, dêr't litium, natrium, kalium, rubidium, sesium en fransium ta hearre. Wetterstof wurdt lykwols net ta de alkalymetalen rekkene, om't wetterstof mar ien elektron befettet en net de gemyske eigenskippen fan in alkalymetaal hat. Fan Fransium, dat in sterk radio-aktyf elemint mei in healtrochtiid fan 21,8 minuten foar de langst libjende isotoop is, is te min bekend om te bepalen oft it wol of net as in alkalymetaal gedraacht.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurd alkalymetaal komt fan it Arabyske wurd al kalja, dat potjiske betsjut. Potjiske is de âlde namme foar kaliumkarbonaat, dat wûn wurdt út houtjiske. Sir Humphry Davy rette yn 1807 foar it earst it elemint kalium ta, dat er troch elektrolyze fan raande kaliumhydrokside út potjiske krige. It Ingelske wurd foar kalium, potassium (fan pot ash), ferwiist dêrnei.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alkalymetalen hawwe in elektroanekonfiguraasje fan [X]ns1, dêr't X in edelgas is. Hja hawwe yn de bûtenste skyl mar ien elektron yn de s-orbitaal. Dêrom hawwe alkalymetalen in frij lege ioanisaasje-enerzjy, sa't se maklik ienweardige positive ioanen foarmje kinne om yn de edelgaskonfiguraasje te kommen. Hja foarmje ek maklik sâlten mei halogenen, sa as bygelyks keukensâlt. (NaCl). It binne tige goede reduktors en reagearje maklik mei elektronegative eleminten lykas soerstof en joadium.

De eleminten litium, natrium, kalium en rubidium binne sêfte sulverwite metalen mei in typyske metaalglâns. Dy eleminten reagearje maklik mei soerstof en oksidearje dus fluch.

Eleminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjirûnder steane de eleminten, dêr'tljocht pears alle alkalymetalen binne:

1
H
3
Li
11
Na
19
K
37
Rb
55
Cs
87
Fr