Hegewei (Smellingerlân): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 8: Rigel 8:
De Noarderhegewei rûn fanôf de Piip yn de [[Drachtster Feart (wetter)|Drachtsterfeart]] yn'e rjochting fan [[De Kletten]] (ûnder [[De Pein]]) en krúste de [[Burmaniasleat]] dêr't op dat plak yn [[1603]] noch in [[fallaat]] wie. De dyk rûn fierder nei de [[Aldegea (Smellingerlân)|Aldergeasterdyk]].

De Suderhegewei rûn besuden de Piip nei de himrik fan [[Koartehimmen]]. Hjoed de dei hat it stik besuden de [[A7]] noch frijwat fan syn karakter fan foar't de wei autodyk waard beholden.
De Suderhegewei rûn besuden de Piip nei de himrik fan [[Koartehimmen]]. Hjoed-de-dei hat it stik besuden de [[A7]] noch frijwat fan syn karakter fan foar't de wei autodyk waard beholden.

Nei it trochlûken fan de Drachster Feart nei it sintrum fan Drachten waard rûchwei op it plak fan de âlde Pypsterbrêge in nije hege fêste brêge oanlein yn de Hegewei dy't de namme De Piip krige. Dy waard yn oktober 2015 offisjeel iepene.

{{boarnen|boarnefernijing=
{{boarnen|boarnefernijing=

De ferzje fan 2 mai 2019 om 17.36

Fytsbrêge 'De Slinger' oer de rotonde yn de Suderhegewei
Eardere Pypsterbrêge yn de Hegewei

De Hegewei, ferdield yn Noarder- en Suderhegewei, is in noard-súd rinnende dyk foar trochgeand ferkear yn Drachten.

Skiednis

De Noarder- en Suderhegewei waarden troch de Leppa (sjoch Eastergoa) as wetterkearing beskôge. De dyk moast it opwaaide wetter fan de Wide- en Smelle Ie tsjin hâlde. Yn 1453 wurdt de dyk neamd yn ferbân mei de feilichheid fan reizgjende keaplju. Guon binne lykwols fan betinken dat de dyk oardel iuw âlder wêze kin en dat de wettersteatkundige organisaasje om de dyk hinne mei beskiedend west hat foar de ienheid en grutte fan de gritenij. De wei wurdt ek ferskate kearen neamd yn de 17e iuw. De eigeners fan 360 perselen oan de wei wienen doe ferantwurdlik foar it ûnderhâld.

De Noarderhegewei rûn fanôf de Piip yn de Drachtsterfeart yn'e rjochting fan De Kletten (ûnder De Pein) en krúste de Burmaniasleat dêr't op dat plak yn 1603 noch in fallaat wie. De dyk rûn fierder nei de Aldergeasterdyk.

De Suderhegewei rûn besuden de Piip nei de himrik fan Koartehimmen. Hjoed-de-dei hat it stik besuden de A7 noch frijwat fan syn karakter fan foar't de wei autodyk waard beholden.

Nei it trochlûken fan de Drachster Feart nei it sintrum fan Drachten waard rûchwei op it plak fan de âlde Pypsterbrêge in nije hege fêste brêge oanlein yn de Hegewei dy't de namme De Piip krige. Dy waard yn oktober 2015 offisjeel iepene.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Noorder Hogeweg.

  • Oostra, Jolt, Drachster namen. Toponymy van Drachten, 1997
  • Schaik, P. van; Spahr van der Hoek, J. J., Geschiedenis van Smallingerland. De Tille, Ljouwert (1976)