Ferskil tusken ferzjes fan "Blu-ray"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
6 bytes grutter ,  2 jier lyn
L
(nije side)
 
'''Blu-ray''' of '''blu-ray disc''' ('''BD''') is in formaat wêrmei't [[digitaal|digitale]] [[ynformaasje]] op in [[optyske skiif]] opslein wurde kin. It hat de uterlike foarm fan in rûne [[skiif]] mei in [[diameter]] fan 120 [[mm]] en in tsjûkte fan 1,2 mm, dy't oerienkomt mei de ôfmjittings fan [[cd's]] en [[dvd's]]. Blu-ray waard ûntwurpen om 'e âldere [[dvd]]-skiif te ferfangen, en kin ferskate [[oere]]n oan [[fideo]]bylden opslaan mei de [[resolúsje (byld)|resolúsje]] [[high-definitiontelefyzje|high-definition]] (HDTV 720p en 1080p) of [[4K-resolúsje|ultra high-definition]] (2160p). It is benammen bedoeld as [[gegevensdrager|opslachmedium]] foar [[spylfilms]] en foar [[fideospultsje]]s foar [[PlayStation 3]], [[Playstation 4]] en [[Xbox One]].
 
==Technyske gegevensbysûnderheden==
De útlêzing fan blu-ray bart troch middel fan in [[laser]]ljocht mei in [[weachlingte]] fan 405 [[nanometer|nm]], dy't tastiet dat ynformaasje op 'e skiif yn folle gruttere tichtens opslein wurdt as dat op in dvd mooglik is. It [[ljocht]] fan 'e laser wurdt [[blau]] neamd (dêrfandinne de namme 'blu-ray', "blaustriel"), mar is eins [[fiolet]]. Standert-dvd's en cd's brûke in [[read]]e laser mei in weachlingte fan 650 nm, resp. 780 nm. Fan gefolgen is der foar it ôfspyljen fan in blu-rayskiif in spesjale [[blu-raydiscspiler]] nedich, dy't dan wer gjin dvd's of cd's ôfspylje kin.
 

Navigaasjemenu