Ferskil tusken ferzjes fan "Frankenthal"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
→‎Skiednis: smiden of smidden
L
L (→‎Skiednis: smiden of smidden)
Frankenthal wurdt foar it earst yn 722 yn in dokumint fan it kleaster Lorsch neamd. Yn 1119 waard hjir in Augustynsk kleaster boud. De oerbliuwsels fan dit kleaster binne noch jimmeroan te sjen yn it sintrum fan de stêd en wurde nei de stichter fan it kleaster ''Erkenbertruine'' neamd. It kleaster droech by oan de ûntjouwing fan Frankentahl en de omkriten.
 
De twadde helte fan de 16e iuw brocht Frankenthal flechtlingen út [[Flaanderen]], dy't om harren kalvinistyske leauwen it lân ferlitte moasten en mei help fan karfoarst [[Freark III|Freark III fan de Palts]] de sûnt de reformaasje lege kleastergebouwen krigen. De flechtlingen wiene oer it generaal warber en keunstsinnich en brochten it plak ta fierdere ûntjouwing. In soad flechtlingen wiene hannelslju, wevers, edelsmidtdenedelsmidden en keunstners. Hja stiften in skilderskoalle, dy't bekendheid krige ûnder de namme ''Frankenthaler Malerschule'', wêrby't ferneamde lânskipskilders lykas [[Gillis van Coninxloo]] en [[Pieter Schoubroeck]] oansletten wiene.<ref>http://www.kettererkunst.de/lexikon/frankenthaler-malergruppe.php</ref>. Op 29 oktober 1577 waard de hurd groeiende mienskip beleanne mei stedsrjochten.
 
Yn de 16e en 17e iuw waard Frankenhal útboud ta in fêsting. Dêrmei krige de stêd ek in rol yn de [[Tritichjierrige Oarloch|Tritichjierrige Kriich]] en de [[Njoggenjierrige Oarloch|Njoggenjierrige Kriich]]. Yn septimber 1689 waard de stêd troch de Frânsen yn de brân stutsen en hast folslein ferneatige. Der folge wer in opbou fan de stêd en der ûntstiene yn de 18e iuw mear as 20 fabriken. Fan grut belang wie de yn 1755 oprjochte ''Frankenthaler Porzellanmanufaktur'''. It diggelguod fan dizze fabryk is hjoeddedei yn tal fan musea oer de hiele wrâld te finen.
82.817

bewurkings

Navigaasjemenu