Anne Wadman: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L [[]] better
ûntstie
Rigel 1: Rigel 1:
'''Anne Sybe Wadman''' ([[Langwar]], [[30 novimber]] [[1919]] - [[Snits (stêd)|Snits]], [[6 febrewaris]] [[1997]]) wie in Frysk ([[toaniel]])[[skriuwer]], [[dichter]], [[literatuerkritikus]] en [[letterkundige]] dy't ek yn it Nederlânsk skreaun.
'''Anne Sybe Wadman''' ([[Langwar]], [[30 novimber]] [[1919]] - [[Snits (stêd)|Snits]], [[6 febrewaris]] [[1997]]) wie in Frysk ([[toaniel]])[[skriuwer]], [[dichter]], [[literatuerkritikus]] en [[letterkundige]] dy't ek yn it Nederlânsk skreaun hat.


Hy studearre Nederlânsk, skiednis, Frysk en musikology; en promovearre yn 1955 cum laude op in dissertaasje oer de 19e-iuwske skriuwer [[Hjerre Gjerrits van der Veen]]. As learaar en konrektor stie er oan ferskillende ûnderwiisynstellingen yn Fryslân en Grins. De Fryske skriuwster [[Hylkje Goïnga]] wie syn twadde frou.
Hy studearre Nederlânsk, skiednis, Frysk en musikology; en promovearre yn 1955 cum laude op in dissertaasje oer de 19e-iuwske skriuwer [[Hjerre Gjerrits van der Veen]]. As learaar en konrektor stie er oan ferskillende ûnderwiisynstellingen yn Fryslân en Grins. De Fryske skriuwster [[Hylkje Goïnga]] wie syn twadde frou.


As 15-jierrige kaam Wadman yn de kunde mei de [[Fryske Beweging]]. Dêr lizze de woartels fan syn skriuwerij. Hy begjint him los te meitsjen fan de 'bewegers' tusken 1945 en 1963. Hy wurdt in grut pleiter foar it modernisearjen fan de Fryske literatuer; die moat kwa tematyk net ôfwike fan de Jeropeeske literatuer.
As 15-jierrige kaam Wadman yn de kunde mei de [[Fryske Beweging]]. Dêr lizze de woartels fan syn skriuwerij. Hy begjint him los te meitsjen fan de 'bewegers' tusken 1945 en 1963. Hy waard in grut pleiter foar it modernisearjen fan de Fryske literatuer; die moast kwa tematyk net ôfwike fan de Jeropeeske literatuer.


Hy wurdt algemien erkend as ien fan de grutste figueren yn de [[Fryske literatuer]] fan de [[20e iuw]].
Hy wurdt algemien erkend as ien fan de grutste figueren yn de [[Fryske literatuer]] fan de [[20e iuw]].
Rigel 10: Rigel 10:
Fierders joech er inkelde jierren it ienmanstydskrift [[De Teannewâder]] út. Dêryn ferskynde ûnder oaren syn oersetting fan [[Jean-Paul Sartre|Sartres]] ''La putain respectueuse''.
Fierders joech er inkelde jierren it ienmanstydskrift [[De Teannewâder]] út. Dêryn ferskynde ûnder oaren syn oersetting fan [[Jean-Paul Sartre|Sartres]] ''La putain respectueuse''.


Wadman wie saakkundich yn it werk fan [[Simon Vestdijk]]; wêroan't er ferskate essaybondels wijde. Begjin jierren tachtich ûnstie it plan om mei [[Hans Visser (biograaf)|Hans Visser]] in biografy fan Vestdijk te meitsjen. Dit plan koe net útfierd wurde omdat de widdo fan Vestdijk har meiwurking einige. Doe hat Wadman him tebeklutsen.
Wadman wie saakkundich yn it werk fan [[Simon Vestdijk]]; wêroan't er ferskate essaybondels wijde. Begjin jierren tachtich ûntstie it plan om mei [[Hans Visser (biograaf)|Hans Visser]] in biografy fan Vestdijk te meitsjen. Dit plan koe net útfierd wurde omdat de widdo fan Vestdijk har meiwurking einige. Doe hat Wadman him tebeklutsen.


== Bibliografy (ûnfolslein)==
== Bibliografy (ûnfolslein)==

De ferzje fan 22 apr 2019 om 09.32

Anne Sybe Wadman (Langwar, 30 novimber 1919 - Snits, 6 febrewaris 1997) wie in Frysk (toaniel)skriuwer, dichter, literatuerkritikus en letterkundige dy't ek yn it Nederlânsk skreaun hat.

Hy studearre Nederlânsk, skiednis, Frysk en musikology; en promovearre yn 1955 cum laude op in dissertaasje oer de 19e-iuwske skriuwer Hjerre Gjerrits van der Veen. As learaar en konrektor stie er oan ferskillende ûnderwiisynstellingen yn Fryslân en Grins. De Fryske skriuwster Hylkje Goïnga wie syn twadde frou.

As 15-jierrige kaam Wadman yn de kunde mei de Fryske Beweging. Dêr lizze de woartels fan syn skriuwerij. Hy begjint him los te meitsjen fan de 'bewegers' tusken 1945 en 1963. Hy waard in grut pleiter foar it modernisearjen fan de Fryske literatuer; die moast kwa tematyk net ôfwike fan de Jeropeeske literatuer.

Hy wurdt algemien erkend as ien fan de grutste figueren yn de Fryske literatuer fan de 20e iuw. As redakteur en kritikus wie er ferbûn oan literêre tydskriften sa as Podium en De Tsjerne; en oan deiblêden sa as de Ljouwerter Krante, en de Frysktalige edysjes fan De Waarheid en Het Vrije Volk. Polityk wie er links oriïntearre; hy hie goede kontakten mei de skriuwer Theun de Vries en filosoof Lolle Nauta. Wadman publisearre ek yn it Nederlânsk en hat besocht ek bûten Fryslân troch te brekken. Dat slagge him net en guonts tinke dat Wadman doe hast safier wie en jou de skriuwerij deroan.[1] Fierders joech er inkelde jierren it ienmanstydskrift De Teannewâder út. Dêryn ferskynde ûnder oaren syn oersetting fan Sartres La putain respectueuse.

Wadman wie saakkundich yn it werk fan Simon Vestdijk; wêroan't er ferskate essaybondels wijde. Begjin jierren tachtich ûntstie it plan om mei Hans Visser in biografy fan Vestdijk te meitsjen. Dit plan koe net útfierd wurde omdat de widdo fan Vestdijk har meiwurking einige. Doe hat Wadman him tebeklutsen.

Bibliografy (ûnfolslein)

eigen wurk yn it Frysk
  • 1945 – Fan Tsien Wâllen
  • 1945 – Op Koart Front
  • 1948 – Fioele en Faem
  • 1949 – Reedridder
  • 1951 – Kritysk Konfoai (essays)
  • 1960 – Yn 'e Lytse Loege
  • 1960 – Hoe Moat Dat Nou, Marijke?
  • 1962 – De Oerwinning fan Bjinse Houtsma
  • 1963 – De Smearlappen
  • 1964 – Kûgels foar in Labbekak
  • 1966 – By de Duvel to Bycht
  • 1968 – De Feestgongers
  • 1969 – Mei Abraham Fûstkje
  • 1970 – It Rammeljen fan de Pels (yn it Nederlânsk as Een Klein Sadistisch Trekje)
  • 1973 – As in Lyts Baeske
  • 1982 – Yn Adam's Harnas
  • 1990 – De Fearren fan de Wikel
  • 1990 – It Kritysk Kerwei (resinsjes en skôgings 1950-1970)
  • 1994 – Oer Oarmans en Eigen (essays en resinsjes 1972-1994)
  • 1994 – In Okse nei de Slachtbank
  • 2010 – De oarloch fan Wadman (omnibus)
    • Kûgels foar in Labbekak
    • In Bolle yn 'e Reak
    • De Fearren fan de Wikel
eigen wurk yn it Nederlânsk
  • 1949 – Frieslands Dichters (blomlêzing)
  • 1963 – De Smeerlappen
  • 1965 – Handdruk en Handgemeen: Leesavonturen met Simon Vestdijk (essays)
  • 1983 – Een Klein Sadistisch Trekje
  • 1984 – De Verkrachting
  • 1987 – De Terechtstelling
oersettings
tydskrift

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

boarnefernijing+

  1. Joke Corporaal, Grimmig eerlijk, dissertaasje, 2009. Ryksuniversieit Grins / Afûk