Doksaal: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Gjin feroaring yn grutte ,  3 jier lyn
L
gjin bewurkingsgearfetting
(→‎Keppeling om utens: 'doksaal' komt neffens wiktionary ek út it Latyn)
LNo edit summary
Yn de ier-kristlike tiid stie de [[ambo]], dêr't de skriftlêzings plakfûnen, yn de [[apsis]]. Mei de ûntwikkeling fan it [[Koer (tsjerke)|koer]] yn de kristlike boukeunst ûnstie der in grutte romte tusken de apsis en it [[Skip (tsjerke)|tsjerkeskip]], dêr't ek de muontsen plak nimme koene. Dêrmei ferskode ek it plak fan de ambo. Om it hillichste diel fan de tsjerke ôf te sluten ûnstie it [[koerhek]] en fanút it koerhek ûnstie yn de romaanske tiid it doksaal.
 
It doksaal is djipper danas in koerhek en hat in tribune, dy't brûkt waard om út de Hillige Skrift te lêzen. Ek koe it doksaal brûkt wurde troch it koar of om it tsjerkefolk te segenjen of om in piipoargel op te setten.
 
As de tsjerke in [[koeromgong]] hie, dan waarden ek dêr de romten tusken it koer en de omgong mei ôffredings fan maaswurk, smei-izer of hout ôfsletten. Sa ûnstieûntstie der in tsjerke yn in tsjerke foar de geastliken, dêr't it [[koerstuolte]], de sit foar de biskop en de abt en it [[heechalter]] stie.
 
It doksaal fûn syn hichtepunt yn de [[gotyk]]. Doksalen waarden fersierd mei byldhoukeunst, hilligen en fresko's en bekroand mei de krusige [[Jezus (tradisjoneel-kristlik)|Kristus]] mei oan wjerskanten [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]] en [[Jehannes (apostel)|Jehannes]]. Somtiden wiene doksalen hielendal ticht mei inkeld in tagong nei it koer en oan wjerskanten alters, mar it kaam ek foar dat in bôgegalery it tsjerkefolk dochs wat sicht joech op it koer.
7.891

bewurkings

Navigaasjemenu