Sint-Margryttsjerke (Easterlittens): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = ''Herfoarme tsjerke'' | ôfbylding = Easterlittens, herfoarme tsjerke (Margryttsjerke).jpg | ôfbyldingsbreed..."
 
LNo edit summary
Rigel 32: Rigel 32:
| webside = [https://www.lankmeamert.nl/index.php/historie/de-kerk-van-easterlittens Herf. gemeente Lankmeamert]
| webside = [https://www.lankmeamert.nl/index.php/historie/de-kerk-van-easterlittens Herf. gemeente Lankmeamert]
}}
}}
De '''Herfoarme tsjerke''' yn [[Easterlittens]] is in tsjerkegebou fan de herfoarme gemeente Lankmeamert. Yn de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|roomske]] tiid wie de tsjerke wijd oan de hillige [[Margareta fan Antiochje|Margareta]]. Dêrfandinne wurdt de tsjerke ek wol '''Sint-Margryttsjerke''' neamt.
De '''Herfoarme tsjerke''' yn [[Easterlittens]] is in tsjerkegebou fan de herfoarme gemeente Lankmeamert. Yn de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|roomske]] tiid wie de tsjerke wijd oan de hillige [[Margareta fan Antiochje|Margareta]]. Dêrfandinne wurdt de tsjerke ek wol '''Sint-Margryttsjerke''' neamd.
== Skiednis ==
== Skiednis ==
[[File:Easterlittens, herfoarme tsjerke, Hardorff-oargel.jpg|thumb|left|250px|<center>''Oargel Willem Hardorff''</center>]]
[[File:Easterlittens, herfoarme tsjerke, Hardorff-oargel.jpg|thumb|left|250px|<center>''Oargel Willem Hardorff''</center>]]
De tsjerke waard yn de 12e iuw boud en wijd oan Margareta fan Antiochje. Aldste dielen binne it koer en dielen fan it skip. Yn de 14e iuw waard de tsjerke grutter makke. In tekening út 1722 fan Jacobus Stellingwerf lit sjen dat de toer eartiids in [[sealtek]] hie. Yn 1854 waard de âlde toer fanwegen brekfalligens ôfbrutsen en op 'e nij boud en dêrnei nochris fernijd yn 1902. By de weropbou waard in diel fan de âlde stien wer brûkt, wylst de bûtenkant fan nije bakstien boud waard. Ynstee fan in sealtek krige de tsjerke in spits. De koperen hoanne datearet fan 1763 en hat noch op de sealtektoer stien.
De tsjerke waard yn de 12e iuw boud en wijd oan Margareta fan Antiochje. Aldste dielen binne it koer en dielen fan it skip. Yn de 14e iuw waard de tsjerke grutter makke. In tekening út 1722 fan [[Jacobus Stellingwerf]] lit sjen dat de toer eartiids in [[sealtek]] hie. Yn 1854 waard de âlde toer fanwegen brekfalligens ôfbrutsen en op 'e nij boud en dêrnei nochris fernijd yn 1902. By de weropbou waard in diel fan de âlde stien wer brûkt, wylst de bûtenkant fan nije bakstien boud waard. Ynstee fan in sealtek krige de tsjerke in spits. De koperen hoanne datearret fan 1763 en hat noch op de sealtektoer stien.

Yn de [[Twadde Wrâldoarloch|Twadde Wrâldkriich]] waarden de klokken fan de tsjerke foardere. Op it angelusklokje kamen de klokken nei de oarloch werom. De grutte klok is yn 1650 troch [[Hans Falck]] getten. De lytsere klok is âlder en waard yn 1576 troch [[Willem Wegewart]] getten. It oerwurk stamt út 1902 en ferfong eartiids in oerwurk út 1689.

Rigel 45: Rigel 45:

== Ynrjochting ==
== Ynrjochting ==
De tsjerke besit in geve 18e iuwske ynrjochting fan in Fryske protestantske tsjerke. It ynterieur wurdt oerkape troch in ier 16e-iuwsk tonferwulft. Preekstoel mei doophek, banken en kroanluchters binne allegear 18e iuwsk. De hearenbank stamt út 1604 en wie foar de famylje Sprong. De wapens oan de bank binne yn de [[Frânske tiid]] fernield. Yn de tsjerke hingje roubuorden fan Hettingha (1664) en Albada fan Hettema (1695).
De tsjerke besit in geve 18e iuwske ynrjochting fan in Fryske protestantske tsjerke. It ynterieur wurdt oerkape troch in ier 16e-iuwsk tonferwulft. Preekstoel mei doopstek, banken en kroanluchters binne allegear 18e iuwsk. De hearebank stamt út 1604 en wie foar de famylje Sprong. De wapens oan de bank binne yn de [[Frânske tiid]] fernield. Yn de tsjerke hingje roubuorden fan Hettingha (1664) en Albada fan Hettema (1695).

De keunstskilder Giovanni Dalessi makke fan de oarspronklike patroanhillige in skilderij foar de tsjerke fan Easterlittens. De Stifting Nije Keunst yn Alde Tsjerken kocht it skilderij foar de tsjerke oan, tegearre mei oar wurk fan de skilder foar tsjerken út de omkriten.<ref>[http://www.lc.nl/friesland/Kunst-van-Dalessi-in-acht-kerken-23352656.html Ljouwert Krante, 09.07.2018]</ref>

In yn 1604 yn opdracht fan de Fryske Steaten ynset brânskilderd raam bleau spitigernôch net bewarre.
In yn 1604 yn opdracht fan de Fryske Steaten ynset brânskildere raam bleau spitigernôch net bewarre.
== Oargel ==
== Oargel ==
It tsjintwurdige oargel waard yn 1867 troch [[Willem Hardorff]] út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] boud. Nei alle gedachten brûkte Hardorff by de bou âlde piipwurk fan it eardere [[Albertus fan Gruisen|Fan Gruisen]]-oargel út 1798 út de tsjerke fan [[Ysbrechtum]], dêr't Hardorff in jier earder in nij oargel boud hie. Yn 2013 oant 2014 restaurearre [[Bakker & Timmenga]] út Ljouwert it ynstrumint, dat foar it measte noch orizjineel is.<ref>[http://www.orgelnieuws.nl/gerestaureerd-hardorff-orgel-oosterlittens-in-gebruik-genomen/ Orgelnieuws, 26.06.2014]</ref>

De ferzje fan 11 apr 2019 om 11.35

Herfoarme tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Easterlittens
adres Huylckensteinstrjitte 4
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Fanôf 12e iuw
boustyl Romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 19521
offisjele webside
Herf. gemeente Lankmeamert

De Herfoarme tsjerke yn Easterlittens is in tsjerkegebou fan de herfoarme gemeente Lankmeamert. Yn de roomske tiid wie de tsjerke wijd oan de hillige Margareta. Dêrfandinne wurdt de tsjerke ek wol Sint-Margryttsjerke neamd.

Skiednis

Oargel Willem Hardorff

De tsjerke waard yn de 12e iuw boud en wijd oan Margareta fan Antiochje. Aldste dielen binne it koer en dielen fan it skip. Yn de 14e iuw waard de tsjerke grutter makke. In tekening út 1722 fan Jacobus Stellingwerf lit sjen dat de toer eartiids in sealtek hie. Yn 1854 waard de âlde toer fanwegen brekfalligens ôfbrutsen en op 'e nij boud en dêrnei nochris fernijd yn 1902. By de weropbou waard in diel fan de âlde stien wer brûkt, wylst de bûtenkant fan nije bakstien boud waard. Ynstee fan in sealtek krige de tsjerke in spits. De koperen hoanne datearret fan 1763 en hat noch op de sealtektoer stien.

Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de klokken fan de tsjerke foardere. Op it angelusklokje kamen de klokken nei de oarloch werom. De grutte klok is yn 1650 troch Hans Falck getten. De lytsere klok is âlder en waard yn 1576 troch Willem Wegewart getten. It oerwurk stamt út 1902 en ferfong eartiids in oerwurk út 1689.

Ien fan de bekendste dûmny's dy't yn de tsjerke fan Easterlittens stien hat wie Balthasar Bekker (1657-1666).

Arsjitektuer

De tsjerke bestiet út in westlike toer, it tsjerkeskip en in healrûn koer. Op it skip is in lytse dakruter mei in klokje. Oan de noardlike kant is in sakristy oanboud (letter yn gebrûk as tsjerkeriedskeamer). De tsjerke is benammen boud fan bakstien, mar der binne yn de noarlike muorre ek grutte dielen fan dowestien. Yn de noardlike muorre is ek noch in moaie tichtmitsele yngong te sjen. De finsters binne foaral spitsbôgich, mar yn it mitselwurk lizze noch heechlizzende âlde, tsjintwurdich tichtmitsele romaanske finsters.

Ynrjochting

De tsjerke besit in geve 18e iuwske ynrjochting fan in Fryske protestantske tsjerke. It ynterieur wurdt oerkape troch in ier 16e-iuwsk tonferwulft. Preekstoel mei doopstek, banken en kroanluchters binne allegear 18e iuwsk. De hearebank stamt út 1604 en wie foar de famylje Sprong. De wapens oan de bank binne yn de Frânske tiid fernield. Yn de tsjerke hingje roubuorden fan Hettingha (1664) en Albada fan Hettema (1695).

De keunstskilder Giovanni Dalessi makke fan de oarspronklike patroanhillige in skilderij foar de tsjerke fan Easterlittens. De Stifting Nije Keunst yn Alde Tsjerken kocht it skilderij foar de tsjerke oan, tegearre mei oar wurk fan de skilder foar tsjerken út de omkriten.[1]

In yn 1604 yn opdracht fan de Fryske Steaten ynset brânskildere raam bleau spitigernôch net bewarre.

Oargel

It tsjintwurdige oargel waard yn 1867 troch Willem Hardorff út Ljouwert boud. Nei alle gedachten brûkte Hardorff by de bou âlde piipwurk fan it eardere Fan Gruisen-oargel út 1798 út de tsjerke fan Ysbrechtum, dêr't Hardorff in jier earder in nij oargel boud hie. Yn 2013 oant 2014 restaurearre Bakker & Timmenga út Ljouwert it ynstrumint, dat foar it measte noch orizjineel is.[2]

Ofbylden

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: