Steven de Jong: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 6: Rigel 6:
== Biografy ==
== Biografy ==
=== Jonge jierren en start filmkarrière ===
=== Jonge jierren en start filmkarrière ===
De Jong is hikke en tein yn Skarsterbrêge. Nei de middelbe reskoalle begûn hy as 18-jierrige in platewinkel op [[de Jouwer]]. Dêr kaam letter in cd-winkel op [[It Hearrefean (plak)|It Hearrenfean]] by. Lettter folge De Jong de "Media Academie" yn [[Hilfertsom]] en makke dêrnei namme mei in soaad ferfilmings fan meast Fryske ûnderwerpen. Hy makke yn 1981 syn debút as akteur yn [[Zeg 'ns Aaa]]. Hy wurke dêrnei mear as tsjien jier foar de produksjemaatskippijen fan [[Joop van den Ende]] en [[John de Mol jr.|John de Mol]], as ûnde mear regisseur en produsint, foar ferskate telefyzjeproduksjes wêrûnder [[Goede Tijden Slechte Tijden]], [[De Erfenis]] en [[Paardenmagazine]].<ref name="biografie">[http://www.stevendejongfilms.nl/steven-de-jong/ Biografy Steven de Jong] op de offisjele webside fan Steven de Jong. Opfrege op 19 novimber 2015.</ref>
De Jong is hikke en tein yn Skarsterbrêge. Nei de middelbe reskoalle begûn hy as 18-jierrige in platewinkel op [[de Jouwer]]. Dêr kaam letter in cd-winkel op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] by. Lettter folge De Jong de "Media Academie" yn [[Hilfertsom]] en makke dêrnei namme mei in soaad ferfilmings fan meast Fryske ûnderwerpen. Hy makke yn 1981 syn debút as akteur yn [[Zeg 'ns Aaa]]. Hy wurke dêrnei mear as tsjien jier foar de produksjemaatskippijen fan [[Joop van den Ende]] en [[John de Mol jr.|John de Mol]], as ûnde mear regisseur en produsint, foar ferskate telefyzjeproduksjes wêrûnder [[Goede Tijden Slechte Tijden]], [[De Erfenis]] en [[Paardenmagazine]].<ref name="biografie">[http://www.stevendejongfilms.nl/steven-de-jong/ Biografy Steven de Jong] op de offisjele webside fan Steven de Jong. Opfrege op 19 novimber 2015.</ref>


=== Selsstannich ===
=== Selsstannich ===

De ferzje fan 10 apr 2019 om 12.19

Perspresintaasje fan Leve Boerenliefde, fan lofts nei rjochts: Marit van Bohemen, Tatum Dagelet, Waldemar Torenstra, ko, Gerard Joling, Cas Jansen, Steven de Jong (rezjy) en Petra Goedings (produsint)
Steven de Jong by de produksje fan Stuk! (2014)
Dizze side giet oer de filmregisseur. Foar de skriuwer en dichter, sjoch: Steven H.P. de Jong.

Steven de Jong (Skarsterbrêge, 26 juny 1962) is in súksesfolle Fryske regisseur en produsint fan (spyl)films. De Jong folge de "Media Akademy" in Hilfertsom en makke dêrnei namme mei ferfilmingen fan meast Fryske ûnderwerpen. As regisseur makke er sawol jeugdfilms as films foar folwoeksenen.

Biografy

Jonge jierren en start filmkarrière

De Jong is hikke en tein yn Skarsterbrêge. Nei de middelbe reskoalle begûn hy as 18-jierrige in platewinkel op de Jouwer. Dêr kaam letter in cd-winkel op It Hearrenfean by. Lettter folge De Jong de "Media Academie" yn Hilfertsom en makke dêrnei namme mei in soaad ferfilmings fan meast Fryske ûnderwerpen. Hy makke yn 1981 syn debút as akteur yn Zeg 'ns Aaa. Hy wurke dêrnei mear as tsjien jier foar de produksjemaatskippijen fan Joop van den Ende en John de Mol, as ûnde mear regisseur en produsint, foar ferskate telefyzjeproduksjes wêrûnder Goede Tijden Slechte Tijden, De Erfenis en Paardenmagazine.[1]

Selsstannich

Yn 1995 sette de Jong in eigen produksjemaatskippij op, Steven Dejong Producties. Hy produsearre, regisearre en skreau it senario foar tsientallen films en telefysyproduksjes, wêrûnder Spijkerhoek, De Hel van ’63, De Scheepsjongens van Bontekoe en Snuf de Hond.

Hy wie dêrnei aktyf as regisseur en as bestjoerder fan syn trije produksjemaatskippijen. Tegearre mei Dick van den Heuvel skriuwt hy faak de senario's. De Jong is ek foarsitter fan de Stichting Frysk Filmfûns.

Prizen

Yn 2000 wûn De Jong de 'Televizierring' foar Westenwind foar syn wurk as regisseur en creative producer. Foar syn rezje- en aktearwurk foar De Fûke krige hy de Stimulânspriis, en ek 2 Gouden Keal-nominaasjes. Mei syn films wûn hy ferskate oare prizen, wêrûnder in platinafilm foar De schippers van de Kameleon, in gouden film foar De Scheepsjongens van Bontekoe, Kameleon 2 en De Hel van '63, en in tal lokale prizen as de Cinekid bêste film foar Penny's Shadow en de titel Best Art & Director op it Bagdad International Film Festival.

Filmografy (as regisseur)

Spylfilms

Telefyzjeriges

Filmografy (as akteur)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Biografy Steven de Jong op de offisjele webside fan Steven de Jong. Opfrege op 19 novimber 2015.