Aseksualiteit: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
L (GR) File renamed: File:Ace-logo4.svgFile:AVEN Triangle.svg Criterion 2 (meaningless or ambiguous name)
Rigel 1: Rigel 1:
'''Aseksualiteit''' (of '''non-seksualiteit''') is it brekme oan [[seksuële oantrekking]] ta lykfolwa, of in tige swakke of gjin belangstelling foar [[geslachtsferkear|seksuële aktiviteit]]. Yn minsken kin it beskôge wurde as it net hawwen fan in [[seksuële oriïntaasje]], of krekt as ien fan 'e fjouwer wichtichste seksuële oriïntaasjes, yn 'e mande mei [[heteroseksualiteit]], [[homoseksualiteit]] en [[biseksualiteit]]. Krekt as dy trije foarmen fan seksuële oantrekking is aseksualiteit oanberne. Ut in ûndersyk út [[2004]] die bliken dat likernôch 1% fan 'e minskheid aseksueel is.

[[File:Ace-logo4.svg|thumb|150px|<small>De 'AVEN' trijehoeke, symboal foar aseksualiteit</small>]]
[[File:AVEN Triangle.svg|thumb|150px|<small>De 'AVEN' trijehoeke, symboal foar aseksualiteit</small>]]
Aseksualiteit moat net betize wurde mei [[seksuële ûnthâlding]] of mei it [[selibaat]], dat oanlearde foarmen fan hâlden en dragen binne dy't oer it algemien motivearre wurde troch faktoaren lykas immens persoanlike of [[religy|religieuze]] oertsjûgings. In seksuële oriïntaasje is yn tsjinstelling ta seksueel hâlden en dragen wat dêr't men mei berne wurdt en dat net feroare wurde kin (al wurdt dat gauris wol besocht). It ûnfermogen om seksuële oantrekking of oanstriid ta seks te fielen wol fansels net sizze dat aseksuële persoanen gjin [[leafde]] fiele kinne of in romantyske relaasje mei in oar persoan hawwe kinne. Yn sa'n relaasje sil de leafde fan harren kant lykwols [[platoanyske leafde|platoanysk]] wêze. Guon aseksuële minsken dogge trouwens wol deeglik oan [[geslachtsferkear|seks]], al hawwe se gjin of frijwol gjin oanstriid ta seks en fiele se gjin of frijwol gjin seksuële oantrekking ta oare persoanen. Dat se dan dochs geslachtsferkear bedriuwe, kin fuortkomme út in ferskaat oan redens, lykas de wil om it in romantyske partner nei it sin te meitsjen of de winsk om bern te krijen.

De ferzje fan 30 mrt 2019 om 16.52

Aseksualiteit (of non-seksualiteit) is it brekme oan seksuële oantrekking ta lykfolwa, of in tige swakke of gjin belangstelling foar seksuële aktiviteit. Yn minsken kin it beskôge wurde as it net hawwen fan in seksuële oriïntaasje, of krekt as ien fan 'e fjouwer wichtichste seksuële oriïntaasjes, yn 'e mande mei heteroseksualiteit, homoseksualiteit en biseksualiteit. Krekt as dy trije foarmen fan seksuële oantrekking is aseksualiteit oanberne. Ut in ûndersyk út 2004 die bliken dat likernôch 1% fan 'e minskheid aseksueel is.

De 'AVEN' trijehoeke, symboal foar aseksualiteit

Aseksualiteit moat net betize wurde mei seksuële ûnthâlding of mei it selibaat, dat oanlearde foarmen fan hâlden en dragen binne dy't oer it algemien motivearre wurde troch faktoaren lykas immens persoanlike of religieuze oertsjûgings. In seksuële oriïntaasje is yn tsjinstelling ta seksueel hâlden en dragen wat dêr't men mei berne wurdt en dat net feroare wurde kin (al wurdt dat gauris wol besocht). It ûnfermogen om seksuële oantrekking of oanstriid ta seks te fielen wol fansels net sizze dat aseksuële persoanen gjin leafde fiele kinne of in romantyske relaasje mei in oar persoan hawwe kinne. Yn sa'n relaasje sil de leafde fan harren kant lykwols platoanysk wêze. Guon aseksuële minsken dogge trouwens wol deeglik oan seks, al hawwe se gjin of frijwol gjin oanstriid ta seks en fiele se gjin of frijwol gjin seksuële oantrekking ta oare persoanen. Dat se dan dochs geslachtsferkear bedriuwe, kin fuortkomme út in ferskaat oan redens, lykas de wil om it in romantyske partner nei it sin te meitsjen of de winsk om bern te krijen.

De akseptaasje fan aseksualiteit as in seksuële oriïntaasje en in fjild fan wittenskiplik ûndersyk is noch relatyf jong, mar der wurdt hjoed de dei almar mear sosjologysk en psychologysk ûndersyk nei dien. Net alle wittenskippers binne it dermei iens dat aseksualiteit as in seksuële oriïntaasje beskôge wurde moat. Aseksuëlen fiele har yn 'e hjoeddeiske Westerske maatskippij, dy't grutdiels op seks en it ferkeapjen fan seks rjochte is, gauris bûtensletten. Yn tradysjonelere kultueren wurde se faak, krekt as homoseksuëlen, mijd of aktyf ferfolge. Yn Súd-Afrika, bygelyks, wurde aseksuële froulju, krekt as lesbiënnes, faak it slachtoffer fan korrektive ferkrêfting. De opkomst fan it ynternet en letter fan 'e sosjale media hawwe in ûnmisbere rol spile by it mei-inoar yn kontakt bringen fan aseksuëlen. Ien fan 'e bekendste en meast foaroansteande fan 'e aseksuële mienskippen dy't har op dy manear foarme hawwe, is it Amerikaanske Asexual Visibility and Education Network (AVEN), dat yn 2001 oprjochte waard troch de aseksuële aktivist David Jay.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.