Nútsjesmoar: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
nútsjesmoar is in it wurd
No edit summary
 
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:PeanutButter.jpg|thumb|''Nútsjesmoar yn in pot'']]
[[Ofbyld:PeanutButter.jpg|thumb|''Nútsjesmoar yn in pot'']]
'''Nútsjesmoar''' ([[Nederlânsk]]: ''pindakaas'') is in produkt dat foar it earst ûntwikkele waard yn [[1884]] troch in [[Marcellus Gilmore Edson]] út [[Montreal]]. It waard lykwols pas by in breder [[publyk]] bekend troch de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[dokter]] [[John Harvey Kellogg]] ([[1852]]-[[1953]]), dy't it ûntwikkele as [[byprodukt]] fan it meitsjen fan [[apenute-oalje]]. Sa om [[1930]] hinne wie it krisis yn [[Feriene Steaten|Amearika]] en it regear socht om in goedkeap mar streksum produkt om de honger fan de krisisslachtoffers yn ’e mjitte te kommen. It spul krige de namme peanutbutter en yn in soad oare talen wurdt it ek bûter neamd, bygelyks [[Frânsk]]: beurre de cacahuètes, [[Dútsk]]: Erdnussbutter. Mar it Sweedske jordnötssmör liket dan wer op it Fryske nútsjesmoar.
'''Nútsjesmoar''' ([[Nederlânsk]]: ''pindakaas'') is in produkt dat foar it earst ûntwikkele waard yn [[1884]] troch in [[Marcellus Gilmore Edson]] út [[Montreal]]. It waard lykwols pas by in breder [[publyk]] bekend troch de [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[dokter]] [[John Harvey Kellogg]] ([[1852]]-[[1953]]), dy't it ûntwikkele as [[byprodukt]] fan it meitsjen fan [[Apenút|apenute-oalje]]. Sa om [[1930]] hinne wie it krisis yn [[Feriene Steaten|Amearika]] en it regear socht om in goedkeap mar streksum produkt om de honger fan de krisisslachtoffers yn ’e mjitte te kommen. It spul krige de namme ''peanutbutter'' en yn in soad oare talen wurdt it ek bûter neamd, bygelyks [[Frânsk]]: ''beurre de cacahuètes'', [[Dútsk]]: ''Erdnussbutter''. Mar it Sweedske ''jordnötssmör'' liket dan wer op it Fryske nútsjesmoar.


== Namme yn Nederlân==
== Namme yn Nederlân==

De hjoeddeiske ferzje sûnt 29 mrt 2019 om 22.46

Nútsjesmoar yn in pot

Nútsjesmoar (Nederlânsk: pindakaas) is in produkt dat foar it earst ûntwikkele waard yn 1884 troch in Marcellus Gilmore Edson út Montreal. It waard lykwols pas by in breder publyk bekend troch de Amerikaanske dokter John Harvey Kellogg (1852-1953), dy't it ûntwikkele as byprodukt fan it meitsjen fan apenute-oalje. Sa om 1930 hinne wie it krisis yn Amearika en it regear socht om in goedkeap mar streksum produkt om de honger fan de krisisslachtoffers yn ’e mjitte te kommen. It spul krige de namme peanutbutter en yn in soad oare talen wurdt it ek bûter neamd, bygelyks Frânsk: beurre de cacahuètes, Dútsk: Erdnussbutter. Mar it Sweedske jordnötssmör liket dan wer op it Fryske nútsjesmoar.

Namme yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân mocht it nútsjesmoar gjin pindaboter hjitte. Dat hie te krijen mei de Bûterwet út 1889, dêr’t yn beskreaun stie wêr’t bûter oan foldwaan moast. Der waard yn dy tiid nochal omgriemd mei de bûter. Der kaam gauris kofet en oar guod dat net al te suver wie, yn. Der kaam diskusje en bûter moast bûter wêze en al it oare waard margarine. En doe’t yn 1948 it earst potsje nútsjesmoar yn Nederlân op de merk kaam mocht dat dus gjin bûter hjitte, want der siet gjin bûter yn. Kaas wie in goed alternatyf, der wie ommers ek al leverkaas.

Fabrikaazje yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1883 waard yn Delft it ’’Nederlandse Oliefabriek’’ (NOF) oprjochte. It fabryk makke slaadoalje. It gong in fúzje oan mei it Frânske Calvé. Dat waard yn 1928 opkocht troch Van den Bergh & Jurgens. Twa jier letter waard dat wer opkocht troch Lever Brothers, no noch werom te finen yn de namme Unilever. Yn 1948 waard troch it NOF it earste apenutesmarsel makke. Sechstich jier lang kaam dat nútsjesmoar út Delft. Yn 2008 gong de produksje nei Rotterdam, mar op it lid fan de potten stiet noch altiten NOF. Foar it Nederlânske nútsjesmoar wurde apenuten út Argentynje brûkt. Dy geane mei de boat nei Breda. Dêr wurde se skjinmakke en dan yn sekken fan 1000-1200 kilo nei Rotterdam ferfierd. Dêr wurde se brând op in roaster fan 10 meter breed. Sa wurde se gear en krije se kleur. Earst wurde se rûch meald en dêrnei mongen yn in ferhâlding fan 85% apenuten, 15% oalje en in bytsje sâlt. Dêr wurdt noch altyd de apenutemûne fan 1948 foar brûkt. Yn in pot fan 600 gram sitte 600 apenuten. It resept is noch altiten itselde. Wol bestiet der sûnt 1971 in fariant mei stikjes nút en tsjintwurdich binne der ek ‘light’ en ‘creamy’.

Noard-Amearika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Noard-Amearika wurdt oardel kilo peanutbutter de persoan yn it jier brûkt. De peanutbutter moat dêr foar 90% út Amerikaanske apenuten bestean. Der mei net in keunstmjittige stof oan tafoege wurde.

Nijsgjirrich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1872 stie yn de Surinaamske krante ’’De West-Indiēr’’ it wurd pindakaas. It gie oer “4 flesschen pindakaas”. Dat moat dus smardersguod west hawwe. Yn it WNT fan 1882 stiet it wurd ’’pindaboter’’, mar nei alle gedachten wie dat in soarte fan plantebûter makke fan apenute-oalje.

Allinnich yn it Nederlânsk is it kaas. Dat komt nei alle gedachten troch in 18e iuwske Dútske ferbastering. Yn Suriname wie yn it mei de hân skreaune Neger-Englisches Wörterbuch fan C.L. Schuman (1783) al praat fan Pinda-Käse, as oersetting fan pinda-dokunnun. Yn it tsjintwurdige Sranan hjit dat pindadokun, mar dat is wol wat oars as nútsjesmoar. It is in blokfoarmige massa mei stampte apenuten, dêr’t men plakken fan snije kin, krekt as by tsiis. It soe dus wêze kinne dat wy de namme ’’pindakaas’’ te tankjen ha oan mynhear Schuman.

Oare iters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Men kin der goed rotten mei fange. Yn 2016 waard yn Nimwegen in pleach bestriden mei nútsjesmoar as lokkebrea yn ’e fallen.

Fûgels binne der ek sljocht op. Om dy winterdeis by te fuorjen is der spesjale Vogelpindakaas te keap, want it nútsjesmoar foar minsken is net geskikt foar fûgels.