Oat: ferskil tusken ferzjes
L red |
sis dat marris in pear kear fluch efter elkoar... |
||
Rigel 6: | Rigel 6: | ||
Oat wurdt 60-120 sm heech en hat woartels oant in meter djip.<ref>Siegmund Seybold (Hrsg.): ''Schmeil-Fitschen interaktiv'' (cd-rom), Quelle & Meyer, Wiebelsheim 2001/2002, {{ISBN|3-494-01327-6}}</ref> De keale raaien hawwe 2-5 knopen. De blêdskie is keal, mar de ûnderste binne faak ferspraat behierre. It [[ligula|tonkje]] is 3-6 mm lang mei in fluezige râne. It blêd is 10-50 sm lang, 4-10 mm breed en sawol oan de basis as oan de râne koart behierre. |
Oat wurdt 60-120 sm heech en hat woartels oant in meter djip.<ref>Siegmund Seybold (Hrsg.): ''Schmeil-Fitschen interaktiv'' (cd-rom), Quelle & Meyer, Wiebelsheim 2001/2002, {{ISBN|3-494-01327-6}}</ref> De keale raaien hawwe 2-5 knopen. De blêdskie is keal, mar de ûnderste binne faak ferspraat behierre. It [[ligula|tonkje]] is 3-6 mm lang mei in fluezige râne. It blêd is 10-50 sm lang, 4-10 mm breed en sawol oan de basis as oan de râne koart behierre. |
||
Oat bloeit fan juny oant augustus. De bloeiwize is in 10-40 sm lange en oant 20 cm brede piramidefoarmige plom mei útsteande tûken en hingjende ierkes. In ierke hat 2-3 blomkes en is sûnder tsjêfnulle 16-25 mm lang. De as fan it ierke is behierre. De ripe fruchten falle ôfsûnderlik ôf. De ûnderste, lansetfoarmige, keale |
Oat bloeit fan juny oant augustus. De bloeiwize is in 10-40 sm lange en oant 20 cm brede piramidefoarmige plom mei útsteande tûken en hingjende ierkes. In ierke hat 2-3 blomkes en is sûnder tsjêfnulle 16-25 mm lang. De as fan it ierke is behierre. De ripe fruchten falle ôfsûnderlik ôf. De ûnderste, lansetfoarmige, keale tsjelktsjêfkes hawwe 7-9 nerven en binne like lang as it ierke. De ûnderste, lansetfoarmige kroankafkes hawwe sân nerven, binne 15-20 mm lang en hawwe oan de top twa koarte tosken. De ûnderste helte is beset mei stive, faak brune hierren. De knikte tsjêfnulle is 15-40 mm lang en yn it ûnderste diel draaid. De [[helmhokje]]s binne 3 mm lang. |
||
<gallery widths=250px heights=250px> |
<gallery widths=250px heights=250px> |
||
Avena sterilis (1).jpg|Bloeiwize |
Avena sterilis (1).jpg|Bloeiwize |
De ferzje fan 23 mrt 2019 om 17.35
Oat[1][2], ile hjouwer[3] of wylde hjouwer[2] (Avena sterilis) is in ienjierrige plant út de gerzefamylje (Poaceae) en is de foarâlder fan hjouwer. Oat komt fan natuere foar yn Europa oant Sintraal-Azië en Noard-Afrika. De soarte is ferspraat nei Noard-Amearika.[4]
Oat komt foar as ûntúch yn nôt, flaaks en koalsiedikkers en yn bjirmen, op diken en stoartplakken. It oantal gromosomen is 2n = 42.
Oat wurdt 60-120 sm heech en hat woartels oant in meter djip.[5] De keale raaien hawwe 2-5 knopen. De blêdskie is keal, mar de ûnderste binne faak ferspraat behierre. It tonkje is 3-6 mm lang mei in fluezige râne. It blêd is 10-50 sm lang, 4-10 mm breed en sawol oan de basis as oan de râne koart behierre.
Oat bloeit fan juny oant augustus. De bloeiwize is in 10-40 sm lange en oant 20 cm brede piramidefoarmige plom mei útsteande tûken en hingjende ierkes. In ierke hat 2-3 blomkes en is sûnder tsjêfnulle 16-25 mm lang. De as fan it ierke is behierre. De ripe fruchten falle ôfsûnderlik ôf. De ûnderste, lansetfoarmige, keale tsjelktsjêfkes hawwe 7-9 nerven en binne like lang as it ierke. De ûnderste, lansetfoarmige kroankafkes hawwe sân nerven, binne 15-20 mm lang en hawwe oan de top twa koarte tosken. De ûnderste helte is beset mei stive, faak brune hierren. De knikte tsjêfnulle is 15-40 mm lang en yn it ûnderste diel draaid. De helmhokjes binne 3 mm lang.
-
Bloeiwize
-
Ier
-
Ierkes
De nôtfrucht is ticht behierre en 7-8 mm lang. Se bliuwe oant 20 jier kymkrêftich.
Nammen yn oare talen
De nammen yn oare talen:
- Dútsk: Tauber Hafer
- Ingelsk: Wild oat
- Sweedsk: Storhavre
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Avena sterilis fan Wikimedia Commons. |