Posttraumatysk stress-syndroom: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Yann (oerlis | bydragen)
Tekst by foto oars
Rigel 1: Rigel 1:
{{Berjocht:Disclaimer medyske side}}
{{Berjocht:Disclaimer medyske side}}
[[File:A mask, painted by a Marine who attends art therapy to relieve post-traumatic stress disorder symptoms, USMC-120503-M-9426J-001.jpg|right|thumb|170px|In terapyprojekt makke troch in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] âld-[[marinier]] mei PTSS.]]
[[File:A mask, painted by a Marine who attends art therapy to relieve post-traumatic stress disorder symptoms, USMC-120503-M-9426J-001.jpg|right|thumb|170px|In masker beskildere troch in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] âld-[[marinier]] mei PTSS yn it ramt fan syn terapy]]
'''Posttraumatysk stress-syndroom''' of '''posttraumatyske stress-steuring''' ('''PTSS'''), ek wol bekend ûnder [[Ingelsk]]e ôfkoarting '''PTSD''' (fan ''posttraumatic stress disorder'') is in [[geastlike steuring]] dy't him by de [[minske]] ûntjaan kin nei't men bleatsteld is oan in [[trauma]]tysk foarfal of in rige traumatyske foarfallen, lykas [[ferkrêfting]] of oare foarmen fan [[seksueel misbrûk]], in gewelddiedige [[dieverij|berôving]] of [[mishanneling]], [[oarloch]]fiering, in slim [[ferkear]]sûngemak of in útslaande [[brân]]. PTSS of soartgelikense geastlike steurings waarden al dokumintearre troch de [[Aldheid|âlde]] [[Griken]]. In spesifike foarm fan PTSS is [[shellshock]], dat foarkomt by [[militêr]]en dy't lange tiid ûnder fjoer lein hawwe. Yn it ferline waard dat net erkend as [[sykte]] en waarden lju dy't deroan litten sjoen as simulanten of lefferts. Under de [[Earste Wrâldoarloch]] waarden in protte shellshockte soldaten [[deastraf|eksekutearre]] as [[ferrie|lânferrieders]]. De term 'posttraumatyske stress-steuring' kaam yn 'e [[1970]]-er yn gebrûk doe't grutte oantallen [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] feteranen út 'e [[Fjetnamoarloch]] mei dizze [[krupsje]] oanhelle rekken. Pas yn [[1980]] waard PTSS as in echte oandwaning erkend.

De ferzje fan 19 mrt 2019 om 22.05

    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
Ofbyld:A mask, painted by a Marine who attends art therapy to relieve post-traumatic stress disorder symptoms, USMC-120503-M-9426J-001.jpg
In masker beskildere troch in Amerikaansk âld-marinier mei PTSS yn it ramt fan syn terapy

Posttraumatysk stress-syndroom of posttraumatyske stress-steuring (PTSS), ek wol bekend ûnder Ingelske ôfkoarting PTSD (fan posttraumatic stress disorder) is in geastlike steuring dy't him by de minske ûntjaan kin nei't men bleatsteld is oan in traumatysk foarfal of in rige traumatyske foarfallen, lykas ferkrêfting of oare foarmen fan seksueel misbrûk, in gewelddiedige berôving of mishanneling, oarlochfiering, in slim ferkearsûngemak of in útslaande brân. PTSS of soartgelikense geastlike steurings waarden al dokumintearre troch de âlde Griken. In spesifike foarm fan PTSS is shellshock, dat foarkomt by militêren dy't lange tiid ûnder fjoer lein hawwe. Yn it ferline waard dat net erkend as sykte en waarden lju dy't deroan litten sjoen as simulanten of lefferts. Under de Earste Wrâldoarloch waarden in protte shellshockte soldaten eksekutearre as lânferrieders. De term 'posttraumatyske stress-steuring' kaam yn 'e 1970-er yn gebrûk doe't grutte oantallen Amerikaanske feteranen út 'e Fjetnamoarloch mei dizze krupsje oanhelle rekken. Pas yn 1980 waard PTSS as in echte oandwaning erkend.

Mooglike symptomen fan PTSS binne: ûntrêstigjende gedachten, gefoelens of dreamen dy't yn ferbân steane mei it trochmakke foarfal; geastlike en/of lichaamlike swierrichheden dy't har foardogge by dingen dy't jin it trauma wer tebinnenbringe; it bewust of ûnbewust mijen fan dingen dy't jin it trauma wer tebinnenbringe; gebrek oan konsintraasjefermogen; strukturele feroarings yn tinkpatroanen; in gruttere agresje; en in gruttere seksuële opwining. Om fan PTSS sprekke te kinnen moatte sokke symptomen langer oanhâlde as in moanne nei it traumatyske foarfal. By bern iepenbierje har sokke symptomen minder troch hâlden en dragen, mar mear yn it boartsjen. Persoanen dy't oan PTSS lije, rinne in folle heger risiko om selsmoard te dwaan as sûne minsken.

De measte lju dy't in traumatysk foarfal trochmeitsje, sille gjin PTSS krije. Minsken dy't it slachtoffer wurde fan in ynterpersoanlik trauma lykas, ferkrêfting, mishanneling of bernemisbrûk, hawwe in folle gruttere kâns om PTSS op te dwaan as lju dy't it slachtoffer wurde fan ûnpersoanlike trauma's, lykas in ferkearsûngemak of in brân. Ungefear de helte fan 'e ferkrêftingsslachtoffers ûntjout in foarm fan PTSS. By bern is de kâns op it opdwaan fan PTSS lytser as by folwoeksenen, benammen as it giet om bern fan ûnder de tsien jier. Yn 'e Feriene Steaten lijt 3,5% fan alle folwoeksenen oan in foarm fan PTSS en kriget 9% fan 'e minsken der op in stuit yn harren libben lêst fan. Yn 'e rest fan 'e wrâld lizze dy persintaazjes folle leger, en hat mar ½-1% fan 'e minsken PTSS. Yn oarlochsgebieten leit dat persintaazje fansels wol wer in stik heger. Wrâldwiid liket PTSS mear foar te kommen by froulju as by manlju.

De wichtichste behannelmetoaden foar minsken dy't lije oan PTSS binne psychoterapy en medikaasje. Op it mêd fan terapy giet it om traumarjochte kognitive gedrachsterapy, wêrby't der ferskate foarmen binne dy't helpe kinne, wêrûnder ien-op-ienpetearen en groepssesjes mei lotgenoaten. Op it mêd fan medikaasje wurde faak antydepressiva, sliepmiddels en eangstremmers foarskreaun. Faak hawwe PTSS-pasjinten ek baat by it medisinaal smoken fan kannabis, wierskynlik om't se in tekoart hawwe oan 'e kalmearjende neurotransmitter anandamide, dat in kannabinoïde stof is (dy't yn kannabis sit).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.