Sweedsk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 14: Rigel 14:


[[Kategory:Sweedsk| ]]
[[Kategory:Sweedsk| ]]
[[Kategory:Sweden (folk)]]
[[Kategory:Noardgermaanske talen]]
[[Kategory:Noardgermaanske talen]]
[[Kategory:Taal yn Sweden]]
[[Kategory:Taal yn Sweden]]
[[Kategory:Taal yn Finlân]]
[[Kategory:Taal yn Estlân]]
[[Kategory:Taal yn de Oekraïne]]

De ferzje fan 18 mrt 2019 om 23.51

It Sweedske taalgebiet

It Sweedsk (svenska) is in Noard-Germaanske of Skandinavyske taal mei ûngefear 9 miljoen sprekkers. It is de grutste taal yn Sweden (8,8 miljoen sprekkers) en ien fan de offisjele talen fan Finlân (300.000 sprekkers). Yn de Finske autonome provinsje Åland is it Sweedsk de ienige offisjele taal.

It Sweedsk is nau besibbe oan de oare beide fêstelân-Skandinavyske talen, it Deensk en it Noarsk. It Sweedsk en it Noarsk, en wat minder it Deensk, binne ûnderling reedlik fersteanber. Grammatikaal binne de talen nau besibbe. De stavering is wol ferskillend.

De wurdskat fan it Sweedsk is hast hielendal Germaansk. Dochs binne der ek in soad lienwurden út foaral it Latyn, Frânsk en it (Neder)Dútsk. Tsjintwurdich wurde der in soad wurden út it Ingelsk oernommen, oanpast as letterlik oersetten.

De standerttaal (ek wol Rykssweedsk (rikssvenska)) is basearre op 'e dialekten fan Stockholm en omkriten en fan it Mälardal. Oare farianten fan it Sweedsk binne it Finlânsweedsk en it Estlânsweedsk.

Keppeling om utens

Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Sweedske ferzje.