Komsomolsk oan de Amoer: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 56: Rigel 56:


[[Kategory:Plak yn Sibearje]]
[[Kategory:Plak yn Sibearje]]
[[Kategory:Plak stifte yn 1932]]

De ferzje fan 14 mrt 2019 om 19.23

Komsomolsk oan de Amoer
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Territoarium Chabarovsk
Distrikt Komsomolsky
Sifers
Ynwennertal 263.906 (2010)
Oerflak 325,1 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 812 / km²
Hichte 30 m (sintrum)
Oar
Stifting 1932, stedsstatus yn 1933
Tiidsône UTC+10
Webside Offisjeel webstee
It plak fan Komsomolsk o/d Amoer yn Ruslân

Komsomolsk oan de Amoer (Russysk: Комсомольск-на-Амуре, sekuere transliteraasje: Komsomoľsk-na-Amurje) is in Russyske stêd yn it fiere easten fan Ruslân oan de linkerigge fan de Amoer, mei in haven, op 365 kilometer noardeastlik fan Chabarovsk oan it Baikal-Amoerspoar. De stêd is it kulturele sintrum fan de krite mei ynstellingen foar heger ûnderwiis, museä en in teäter.

De omkriten fan de stêd hearden eartiids oan it Sineeske keizerryk. Yn 1858 kaam er by Ruslân troch it Ferdrach fan Aigun.

It plak waard stichte troch leden fan de Komsomol yn 1932. It plak ûnjoech him ta yndustrystêd mei as wichtichste ekonomyske sektoren de izermetallurgy, masinebou, ierdoaljebewurking, lichte yndustry, fiedselproduksje en skipsbou. De stêd hat it fleanmasinefabryk Soechoj en Rosneft, de meast eastlike oaljeraffinaderij fan Ruslân.

Untjouwing befolking

Jier Ynwennertal
1939 70.808
1959 177.278
1970 218.127
1979 263.950
1989 315.325
2002 281.035
2010 263.906

Berne yn Komsomolsk oan de Amoer