Boeing 747: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Alfêst in plaatsje
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
stikje derby
Rigel 7: Rigel 7:
=== 747-100 ===
=== 747-100 ===
De earste 747-100's hiene in boppeferdjipping dy't as salonromte bedoeld wie. Dizze útfiering hie trije ruten oan wjerskanten. Letter, doe't [[loftfeartmaatskippij]]en ek op dizze ferdjipping graach stuollen ha woene, betocht Boeing in útfiering mei tsien ruten. De 747-100 hie motoaren fan it type ''Pratt & Whitney JT9D-3A''. Mei-inoar binne der 168 tastellen boud. It prototype, de ''City of Everett'', hat Boeing sels holden.

=== 747-200 ===
Alhoewol't de 747-100 genôch kapasiteit en in knap berik foar de middellange ôfstannen hie, wie it tastel net sa geskikt foar de langere ôfstannen. De fraach nei in fariant dy't dizze tekoartkommings net hie waard hieltyd grutter en soarge al gau foar de komst fan de 747-200. Dizze hie krêftigere motoaren, in heger maksimaal startgewicht en in grutter berik as de 747-100. Fan de 747-200 wiene der 393 boud doe't yn 1991 de produksje beëinige waard.

=== 747-300 ===
De 747-300 hie in boppeferdjipping dy't mear as 7 meter langer wie as dy fan de 747-200. Ek wie de trep nei boppe ta net langer in spiraaltrep mar in rjochte. Troch inkelde aerodynamyske feroarings koe de 747-300 krekt wat hurder fleane as de eardere farianten. It tastel fleach foar it earst op 5 oktober 1982 en waard foar it earst ôflevere op 23 maart 1983. Yn septimber 1990 waard de lêste 747-300 ôflevere oan [[Sabena]].

[[Kategory:Amerikaanske ferkearsfleanmasine]]
[[Kategory:Amerikaanske ferkearsfleanmasine]]

De ferzje fan 28 feb 2019 om 20.56

In Boeing 747-100 fan British Airways (1976)

De Boeing 747, ek gauris Jumbo-jet of Jumbo neamd, is in ferkearsfleanmasine fan de Amerikaanske fleanmasinebouwer Boeing. Sûnt de earste flecht op 9 febrewaris 1969 wie de 747 krapoan fjirtich jier lang de grutste passazjiersfleanmasine fan de wrâld. Mei syn karakteristike boppeferdjipping is it ien fan de meast ferneamde tastellen yn de loftfeart.

Farianten

De Boeing 747-100 wie it earste model fan de 747-famylje en waard yn 1966 oankundige. Net lang dêrnei, yn 1968, kaam de 747-200. Yn 1980 waard de 747-300 lansearre en nochris fiif jier letter de 747-400. It nijste model, de 747-8, folge yn 2005. Fan alle farianten binne ferskillende útfierings boud.

747-100

De earste 747-100's hiene in boppeferdjipping dy't as salonromte bedoeld wie. Dizze útfiering hie trije ruten oan wjerskanten. Letter, doe't loftfeartmaatskippijen ek op dizze ferdjipping graach stuollen ha woene, betocht Boeing in útfiering mei tsien ruten. De 747-100 hie motoaren fan it type Pratt & Whitney JT9D-3A. Mei-inoar binne der 168 tastellen boud. It prototype, de City of Everett, hat Boeing sels holden.

747-200

Alhoewol't de 747-100 genôch kapasiteit en in knap berik foar de middellange ôfstannen hie, wie it tastel net sa geskikt foar de langere ôfstannen. De fraach nei in fariant dy't dizze tekoartkommings net hie waard hieltyd grutter en soarge al gau foar de komst fan de 747-200. Dizze hie krêftigere motoaren, in heger maksimaal startgewicht en in grutter berik as de 747-100. Fan de 747-200 wiene der 393 boud doe't yn 1991 de produksje beëinige waard.

747-300

De 747-300 hie in boppeferdjipping dy't mear as 7 meter langer wie as dy fan de 747-200. Ek wie de trep nei boppe ta net langer in spiraaltrep mar in rjochte. Troch inkelde aerodynamyske feroarings koe de 747-300 krekt wat hurder fleane as de eardere farianten. It tastel fleach foar it earst op 5 oktober 1982 en waard foar it earst ôflevere op 23 maart 1983. Yn septimber 1990 waard de lêste 747-300 ôflevere oan Sabena.