Keninklik Frysk Hynstestamboek: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
kt
Rigel 9: Rigel 9:
}}
}}
[[Kategory:Frysk hynder]]
[[Kategory:Frysk hynder]]
[[Kategory:Fryske feriening]]
[[Kategory:Fryske stamboekorganisaasje]]
[[Kategory:Fryske stamboekorganisaasje]]
[[Kategory:Fryske kulturele organisaasje]]
[[Kategory:Fryske kulturele organisaasje]]

De ferzje fan 22 feb 2019 om 19.37

De Feriening Keninklik Frysk Hynstestamboek, offisjeel: Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek (KFPS), registrearret Fryske hynders en is fêstige yn Drachten. Ein 19e iuw drigen de Fryske pronkhynders te ferdwinen omdat boeren meast foar de swierdere wurkhynders keazen. Op 1 maaie 1879 waard dêrom it stamboek oprjochte yn kafee 'De Drie Romers' yn Reduzum.

Yn 2010 stienen wrâldwiid mear as 40.000 hynders ynskreaun en telde it stamboek 13.000 leden. Bûten Nederlân binne de leden organisearre yn eigen lanlike ferienings, dy't nauwe bannen ûnderhâlde mei it KFPS. De Nederlânsjke leden binne meast oansluten by fokferienings, dy't jierliks in grut oantal aktiviteiten op tou sette, wêrûnder de eigen fokdei en ferskate stúdzjejûnen.

It Hynstestamboek registrearret en keurt ek hynders, mar jout ek antwurd op foktechnyske fragen oer bygelyks it fokdoel. In soad fan dy ynformaasje ferskynt yn it moanneblêd Phryso, dat alle Nederlânske leden krije.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: