Fryske Wâlden: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
De '''Fryske Wâlden''' (meast koartwei ''de Wâlden'' neamd) is in streek yn it easten fan [[Fryslân]] mei in eigen karakter. Ta de Wâlden wurde ornaris it gebiet fan de gemeenten [[Kollumerlân]], [[Dantumadiel]], [[Tytsjerksteradiel]], [[Achtkarspelen]], [[Opsterlân]], [[Smellingerlân]] en it noardlik part fan [[Eaststellingwerf]] rekkene.
De '''Fryske Wâlden''' (meast koartwei ''de Wâlden'' neamd) is in streek yn it easten fan [[Fryslân]] mei in eigen karakter. Ta de Wâlden wurde ornaris de gebieten fan de gemeenten [[Kollumerlân]], [[Dantumadiel]], [[Tytsjerksteradiel]], [[Achtkarspelen]], [[Opsterlân]], [[Smellingerlân]] en it noardlik part fan [[Eaststellingwerf]] rekkene.


* lanskippelijk: De Fryske Wâlden lizze op hege sângrûn. De foar Fryslân sa typyske terpebou ûntbrekt yn'e wâlden. Opfallend is it meast lytsskalige [[kûlisselânskip]] dat foarme wurdt troch houtwâlen om stikjes greide of bouwlân. Fierder falle yn it lânskip de lytse pleatskes op;
* lanskippelijk: De Fryske Wâlden lizze op hege sângrûn. De foar Fryslân sa typyske terpebou ûntbrekt yn'e wâlden. Opfallend is it meast lytsskalige [[kûlisselânskip]] dat foarme wurdt troch houtwâlen om stikjes greide of bouwlân. Fierder falle yn it lânskip de lytse pleatskes op;

De ferzje fan 7 aug 2004 om 20.20

De Fryske Wâlden (meast koartwei de Wâlden neamd) is in streek yn it easten fan Fryslân mei in eigen karakter. Ta de Wâlden wurde ornaris de gebieten fan de gemeenten Kollumerlân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Opsterlân, Smellingerlân en it noardlik part fan Eaststellingwerf rekkene.

  • lanskippelijk: De Fryske Wâlden lizze op hege sângrûn. De foar Fryslân sa typyske terpebou ûntbrekt yn'e wâlden. Opfallend is it meast lytsskalige kûlisselânskip dat foarme wurdt troch houtwâlen om stikjes greide of bouwlân. Fierder falle yn it lânskip de lytse pleatskes op;
  • etnografysk: de befolking fan de Wâlden hat in mear mingd karakter as dy fan de Fryske kuststreken. De grutte en min tagonklike heidefjilden hawwe ieuwenlang ûnderdak bean oan ferskate groepen migranten, wêrûnder Westfalen, Saksen, joaden en sigeuners. Neffens guon docht it temperamint yn'e Wâlden wat 'súdlik' oan;
  • kultureel: de Fryske Wâlden is in streek mei in lytsskalige lânbou-tradysje. Typysk binne de gerniers, keuterboerkes dy't benammen yn it eigen ûnderhâld foarseagen. De streek stie en stiet bekend om syn hannelskarakter;
  • taalkundich: It Wâldfrysk wykt op ferskate punten ôf fan it Frysk fan de Klaaistreek en de Súdwesthoeke.

Bewenners fan de Wâlden wurde wol Wâldpiken, Wâldtsjers of Heidepiken neamd. De befolking fan de eardere heidestreken hawwe by guon noch de namme dat se koart troch de bocht binne en gau mei it mes klear steane. In soad heidsjers hiene oant foar koart as liifspreuk "Myn Herder is myn redder". Dêrmei net referearjend oan 'Usleavenhear mar oan in mes fan it merk Herder dat sa'n bytsje ta harren standertútrissing hearde.