Izaäk (aartsfaar): ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
==== It offer ====
Ien fan de bekendste bibelferhalen is it offer fan Izaäk. God stelt Abraham op de proef en jout him de opdracht om syn soan te offerjen op de berch Moria. Abraham seale syn ezel en naam twa feinten en syn soan Izaäk mei. Ek waard it brânhout mei nommen, dat Izaäk willich mei droech. Nei't Abraham syn feinten gebean hie efter te bliuwen mei de ezel, stelde Izaäk fêst dat der wol fjoer en hout oanwêzich wie, mar gjin brânoffer. Abraham antwurde Izaäk dat God wol foar in laam soargje soe en boude dêrnei in alter, wêrop't er it brânhout lei. Izaäk liet him sûnder protest fêstbine en op de brânstapel lizze. As Abraham dan it mes pakt om syn soan te slachtsjen komt der in ingel tusken en hjit Abraham de jonge neat te dwaan. Ek de reden wêrom't Abraham sa op de proef steld waard wurd no dúdlik: ''... no wit ik dastû God frezest en dyn soan, dyn iennichste soan, My net ûntholden hast'' (Genesis 22).
[[File:James Jacques Joseph Tissot - Rebecca Meets Isaac by the Way - Google Art Project.jpg|thumb|left|250px|Rebekka moetet Izaäk ([[James Tissot]])]]
==== Rebekka ====
Nei de dea fan Sara stjoerd Abraham syn tsjinner, nei alle gedachten deselde man as Eliêzer út Genesis 15:2, nei it lân dêr't Abraham weikaam. Hy krige de opdracht om dêr in frou foar Izaäk te sykjen, om't Abraham leaver net in Kanaänityske frou foar Izaäk hie. By de stêd Haran oankommen, bidde de tsjinner by in wetterput om in teken te jaan hokker frou foar Izaäk ornearre wie. De frou dy't him en syn kamielen te drinken jaan soe, soe dan de frou wêze moatte dy't de Heare oanwiisd hie foar Izaäk. Hy wie noch niet klear mei syn gebed en dêr kaam al in frommiske de stêd út. Hja joech de man te drinken en dêrnei sei se dat se mear wetter helje soe om ek de kamielen te drinken te jaan. Har namme wie Rebekka en it die blieken dat it in pakesizzer wie fan Nachor, de broer fan Abraham. Doe't har heit Bêtuel en har broer Laban begrepen dat de saak "fan de Heare útgyng", joegen hja tastimming om Rebekka mei te nimmen en de frou te wurden fan Izaäk. Nei in lange tocht kaam de karavaan tsjin de jûn oan en Rebekka seach de doe fjirtichjierrige Izaäk al yn it fjild de karavaan yn'e mjitte kommen. Hja die neffens gebrûk in sluier foar en nei't de tsjinner Izaäk op de hichte stelde, naam Izaäk Rebekka mei de tinte fan Sara yn en naam har dêr. Rebekka waard syn frou en hy krige har leaf. Oars as Abraham en Jakob hie Izaäk mar ien frou en fierder gjin byfrouwen (Genesis 24).
70

bewurkings

Navigaasjemenu