Frâns Julius Johan fan Eysinga (1752-1828): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
kt
sjoch ek
Rigel 7: Rigel 7:


Van Eysinga wie yn [[Dronryp]] [[11 augustus]] [[1776]] troud mei Clara Tjallinga Aebinga van Humalda (1756-1830) dochter fan Binnert Philip en fan Catharina Johanna van Sminia. Fan harren sân bern folgen Schelto Hessel Roorda van E., en Idzerd Frans. In tredde soan, jonkhear Tjalling Aedo Johan van E. (1790-1858) wie fan 1816 - 1830 grytman fan Raerderhim. Hy wenne in skoft op [[Jongemastate]] yn [[Raerd]] en ferstoar yn Ljouwert. In oare soan, jhr. Binnert Philip (1785-1835), lid fan de Ridderskip fan Fryslân, wie earst direkteur fan it postkantoar yn Ljouwert, dêrnei houtvester fan it 4e Jachtdistrikt. In dochter, jonkfrou Cath. Joh. van E., troude mei Menno baron Coehoorn van Scheltinga.
Van Eysinga wie yn [[Dronryp]] [[11 augustus]] [[1776]] troud mei Clara Tjallinga Aebinga van Humalda (1756-1830) dochter fan Binnert Philip en fan Catharina Johanna van Sminia. Fan harren sân bern folgen Schelto Hessel Roorda van E., en Idzerd Frans. In tredde soan, jonkhear Tjalling Aedo Johan van E. (1790-1858) wie fan 1816 - 1830 grytman fan Raerderhim. Hy wenne in skoft op [[Jongemastate]] yn [[Raerd]] en ferstoar yn Ljouwert. In oare soan, jhr. Binnert Philip (1785-1835), lid fan de Ridderskip fan Fryslân, wie earst direkteur fan it postkantoar yn Ljouwert, dêrnei houtvester fan it 4e Jachtdistrikt. In dochter, jonkfrou Cath. Joh. van E., troude mei Menno baron Coehoorn van Scheltinga.

== Sjoch ek ==
* [[List fan grytmannen fan Doanjewerstâl]]


{{Boarnen|boarnefernijing=
{{Boarnen|boarnefernijing=

De ferzje fan 17 feb 2019 om 10.08

Jonkhear Frâns Julius Johan fan Eysinga, (De Jouwer, 15 juny 1752 - Ljouwert, 3 augustus 1828), wie de soan fan Skelte Hessel Roorda fan Eysinga en fan C.J. Vegelin fan Claerbergen.

De Fan Eysinga's yn 1784

Waard yn 1773 grytman fan Doanjewerstâl en lid fan de Steaten fan Fryslân, yn 1786 lid fan de Admiraliteit yn Harns en yn 1789 lid fan Deputearre Steaten. Yn dy kolleezjes waard hy achtenearre om syn wiisheid en heitelânsleafde. By de ôfskaffing fan de gritenijen yn 1795 moast ek hy ôfstân fan syn amt dwaan en wenne sûnttiids amteleas op syn Osingastate yn Langwar, dat hy grif erfd hie fan Johan Vegelin fan Claerbergen. Yn 1784 liet hy dizze stins hielendal restaurearje. Yn de Frânske tiid waard der in ferfolging tsjin him ynsteld, nei alle gedachten foar dielnimming oan in oranzjistysk komplot, en is hy útnaaid. Hy ferburch him by ien fan syn pachters, dêr't hy ûnder in skûlnamme wenne, mar kaam letter werom op Osingastate, waard yn 1812 lid fan de Algemiene Ried fan it Departemint Fryslân en yn 1815 lid fan de Provinsjale Steaten. By de werynfiering fan de gritenijen waard hy wer beneamd as grytman fan Doanjewerstâl mar frege en krige yn 1819 as sadanich syn earfol ûntslach.

Doe't as ien fan de resultaten fan it Kongres fan Wenen it keninkryk fan de Nederlannen ûntstie, waarden de ridderskippen yn de ferskillende gewesten opnomd ûnder de Nederlânske adel, wêrby't Hollânske aadlike titels takend waarden, n.l. by langduorjende adeldom de titel fan baron, oars dy fan jonkhear. Omt it laach fan Eysinga mei ta de âldste Fryske adel hearde, waard dus oan Frans Julius Johan fan Eysinga by de yndieling fan syn geslacht yn de adel fan it nije keninkryk de titel fan baron oanbean. Grif mei tsjinsin tsjin dizze nijmoadrichheden - ommers de Fryske adel hie gjin rangen - waard dit oanbod net oannomd. Doe is it laach fan Eysinga by de Nederlânske adel yndield mei de jonkhearstitel, in ûnregelmjittichheid dy't dêrnei bestean bleaun is.

Van Eysinga wie yn Dronryp 11 augustus 1776 troud mei Clara Tjallinga Aebinga van Humalda (1756-1830) dochter fan Binnert Philip en fan Catharina Johanna van Sminia. Fan harren sân bern folgen Schelto Hessel Roorda van E., en Idzerd Frans. In tredde soan, jonkhear Tjalling Aedo Johan van E. (1790-1858) wie fan 1816 - 1830 grytman fan Raerderhim. Hy wenne in skoft op Jongemastate yn Raerd en ferstoar yn Ljouwert. In oare soan, jhr. Binnert Philip (1785-1835), lid fan de Ridderskip fan Fryslân, wie earst direkteur fan it postkantoar yn Ljouwert, dêrnei houtvester fan it 4e Jachtdistrikt. In dochter, jonkfrou Cath. Joh. van E., troude mei Menno baron Coehoorn van Scheltinga.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Nederlânske Adelsboeken 1913, 295;
  • Jierboek Ned. AdelIII, 78, 80;
  • Wapenheraut XV, 452;
  • Vaderl. Hist. ten verv. op Wagenaar VII, 101; XXV, 258;
  • van Sminia Nieuwe Naamlijst van Grietmannen 351, en Ferfolch op dy Namlist 21, 35; Haarlemmer Courant, Maaie 1858; J.C. Overvoorde, Cat. Bibl. Gem. Leiden no. 356.