Jezus (tradisjoneel-kristlik): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 44: Rigel 44:


===Arrestaasje===
===Arrestaasje===
{{Apart|Arrestaasje fan Jezus}}
[[Ofbyld:Leonardo da Vinci (1452-1519) - The Last Supper (1495-1498).jpg|300px|thumb|It [[Lêste Nachtmiel]]'' fan [[Leonardo da Vinci]]]]
[[Ofbyld:Leonardo da Vinci (1452-1519) - The Last Supper (1495-1498).jpg|300px|thumb|It [[Lêste Nachtmiel]]'' fan [[Leonardo da Vinci]]]]
Nei't Jezus en syn dissipels justjes foar [[Pesach]] (Joadske [[Peaske]]) yn Jeruzalim oankamen, hie Judas Iskariot, ien fan syn dissipels, him foar it beteljen fan tritich sulverlingen, útlevere oan de Joadske hegepreesters. De arrestaasje fûn plak justjes nei it [[Lêste Nachtmiel]], dy't Jezus mei syn dissipels fierd hie en dêr't er harren fuotten waske hie. Dat foarfal wie neffens harren in bysûndere die fan nederigens. Jezus waard midden yn 'e nacht oppakt yn it hôf fan [[Getsémané]], dat in hôf fan [[oliif|olivebeammen]] krekt bûten de muorren fan Jeruzalim wie.
Nei't Jezus en syn dissipels justjes foar [[Pesach]] (Joadske [[Peaske]]) yn Jeruzalim oankamen, hie Judas Iskariot, ien fan syn dissipels, him foar it beteljen fan tritich sulverlingen, útlevere oan de Joadske hegepreesters. De arrestaasje fûn plak justjes nei it [[Lêste Nachtmiel]], dy't Jezus mei syn dissipels fierd hie en dêr't er harren fuotten waske hie. Dat foarfal wie neffens harren in bysûndere die fan nederigens. Jezus waard midden yn 'e nacht oppakt yn it hôf fan [[Getsémané]], dat in hôf fan [[oliif|olivebeammen]] krekt bûten de muorren fan Jeruzalim wie.

De ferzje fan 14 feb 2019 om 05.32

Jezus Kristus ôfbylding yn de Hagia Sophia.

Jezus fan Nazaret, yn it algemien bekend as Jezus Kristus wie de sintrale persoan yn it Kristendom, dêr't "Kristus" ôflaat is. Hy wie ek in wichtich persoan yn ferskate oare leauwen. "Kristus" komt fan it Grykske Χριστός (Christós), dat "salvling" betsjut, en besibbe is oan it fan it Hebriuwsk ôflate Messias. De namme "Jezus" komt fan it Grykske Ίησους (Iesoûs), dat in hellenisearring fan it Hebriuwsk-Arameeske ישוע (Jesjûa of Jesjû) is, en dat "JHWH" betsjut.
Oft der in histoaryske Jezus bestien hat, dêr ferskille de mienings fan skiedkundigen oer. Neffens it kristendom is Jezus Kristus de Soan fan God, de Ferlosser en part fan de Godlike Trije-ienheid; de rêder fan alle minsken. Syn komst waard yn it Alde Testamint fan de Bibel foarsein en hy soe út de dea wei wer opstean.
Jezus sels hat gjin skreaune wurk efterlitten, en de ferneamdste beskriuwings fan syn libben binne de fjouwer kanonike evangeeljes fan Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes en in tal apokrive boeken.
Yn de Islaam wurdt Jezus (Isa) as ien fan God syn leafste en wichtichste profeten beskôge, allyk as in bringer fan hillige skriften, in wûnderwurker en de Messias. Moslims leauwe lykwols net sa lykas kristenen yn it krusigjen en de godlikens fan Jezus, mar leauwe dat it krusigjen in godlike drôch wie en dat er mei lea opnaam waard yn de himel. De measte moslims leauwe wol dat er weromkomme sil nei de ierde.

Jezus yn it Kristlike leauwe

Neffens it kristlike leauwen is Jezus de iennige Soan fan God. Hy wie de Messias dy't troch God yn it Alde Testamint (Tenach) fia de profeten tasein waard (Jesaja 53:3 en fierder), de Salvling fan God, de Ferlosser fan de minsken fan harren sûnden en dy't de ienklang tusken God en de minsken, dy't ferbrutsen wie as gefolch fan de sûndefal fan de earste minsken yn it Paradys, wer ophelpt. Neffems de Bibel waard Jezus berne en rêd de minsken fan harren sûnden. Neffens de evangeeljes makke syn dea de fermoedsoening mei God de Heit mooglik, om't hy de straf foar de sûnden fan de minsken op him naam. Jezus is it Laam fan God dy't de sûnden fan de wrâld fuort hellet. It rjochtfeardigjen yn it leauwen krige dêrtroch in nije betsjuttenis: in elts dy't Jezus folget, sil foar God rjochtfeardige wêze.
Sintraal yn it kristlike leauwen binne de yn it Nije Testamint beskreaune Berte fan Jezus (Kryst), syn dea oan it krús (Goedfreed), de Opstanning út de dea (Peaske), de Himelfeart (Himelfeartsdei), it delkommen fan de Hillige Geast op syn dissipels (Pinkster) en it Weromkommen.
De Opstanning út de dea wurdt troch de measte kristenen letterlik naam, om't dat barren yn it Kristendom in krúsjaal plak ynnimt. It is foar harren de oerwinning op de dea en in libben yn ivichheid. It gânse kristlike leauwen hinget gear mei de Opstanning.

Libbensrin fan Jezus neffens de Bibel

It Alter fan Isenheim mei bylden út it ibben fan Jezus troch Matthias Grünewald (1512-1516)

Foar it libbensferhaal fan Jezus brûke kristenen de boeken, dy't part fan de Nije Testamint fan de Bibel wurden wiene, en dan benammen de fjouwer evangeeljes fan Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes. Elts evangeelje hat syn eigen karakter. It evangeelje fan Jehannes wykt it measte fan de oaren ôf. Hoewol't in tal ferhalen hast letterlik op inoar lykje, benammen by dy fan Mattéus en Markus, komme oare foarfallen mar yn ien of twa fan de evangeeljes foar.
De fjouwer evangeeljes befetsje meiïnoar sa'n 4% oer de berte fan Jezus, sa'n 62% oer it wurk fan Jezus en sa'n 32% oer it krusigjen en opstean. Dêrnjonken binne der noch in tal stikken dy't net oer it libben fan Jezus geane, lykas de beskriuwing fan de foarteam fan Jezus en it wurk fan Jehannes de Doper (it prolooch fan de evangeelje fan Jehannes).

Stambeam

Fan de fjouwer evangeeljes jouwe allinne Mattéus en Lukas in beskriuwing fan Jezus syn stambeam. Lykwols sit der in grut ferskil yn de werjeften fan dy twa evangeeljes. Ferskate kearen waard besocht om dy ferskillen út te lizzen. Beide werjeften beskriuwe dat Jezus in neikomling fan kening David en fan Abraham wie. De genealogy tusken Abraham en David komme yn de beide evangeeljes oerien, mar se ferskille tusken David en Joazef. Mattéus begjint mei Salomo en neamt alle keningen fan Juda oant en mei de lêste kening Jojakin. Nei Jojakin einige de line fan de keningen om't de Babyloanjers Juda ynnamen. Neffens Mattéus is Jezus it wettige erfgenamt fan de troan fan Israël. Lukas syn stambeam is langer as dy fan Mattéus en giet sa fier tebek as Adam en dy jout mear nammen tusken David en Joazef.

Berte fan Jezus

De Oanbidding fan de Hoeders fan de Nederlânske skilder Matthias Stom (om 1635)
De Wikipedy hat ek in side Berte fan Jezus.

Neffens it evangeelje fan Lukas wennen Joazef en Marije yn Nazaret yn de streek Galiléa yn it noarden fan Israël, mar waard Jezus berne yn Betlehem (de stêd fan David), om't der om dy tiid hinne in Romeinske folkstelling holden waard. Eltse ynwenner fan it gebiet dêr't Herodus de Grutte (37 f.Kr. - 4 f.Kr.), de Romeinske fazalkening, hearske, moast himsels ynskriuwe litte yn de oarspronklike bertestêd fan de foarfaars. Joazef, de oansteande fan Marije, wie fan oarsprong fan Judea en fan wa't kening David de foarfaar fan wie. Hy kaam oarspronklik út Betlehem, dêrom moast er mei Marije, dy't fierhinne swier wie, nei Betlehem reizgje en registrearje him. Hja besochten in sliepplak te finen, mar alle herbergen wiene fol. Einlings waard Jezus berne yn in romte dêr't in foerbak, in krêbe, stie, dat neffens in soad oersettings in feestâl wêze moatten hie. Joazef en Marije krigen dêrnei besite fan pleatslike hoeders, dy't troch in mannichte ingels oer de berte fan de Messias op de hichte steld waarden. Neffems it evangeelje fan Mattéus krigen hja besite fan wizen út it Easten, gelearden, dy't in reis fan fierren makke hiene, troch in nij ûntdutsen stjêr de berte fan in kening fêst te stellen. It tal wizen wurdt yn de Bibel net neamd. Herodus I de Grutte wie de kening fan de fazalsteat Judea fan it Romeinske Ryk. De wizen kamen earst by him op besite, om't hja begrepen hiene oan de stân fan de stjêr dat dat der in kening berne wie. Herodus ûntbea doe in tal skriftgelearden om sekuer nei te gean wêr't it plak wêze koe. Hja koene op grûn fan in tekst yn it boek Micha fan it Alde Testamint oan de kening sjen litte dat it Betlehem wie.
Herodus liet de wizen him tasizze en fertel him wêr't dy kening presiis wie, nei't hja him fûn hiene. Herodus hie noed om syn troan doe't er fernaam dat der in mooglike konkurrint berne wie en woe dat gefaar tefoaren komme. De wizen waarden yn in dream lykwols warskôge dat Herodus kweade bedoelings hie. Dêrom giene hja, nei't hja Jezus en syn âlden opsocht hiene, fia in omwei wer werom nei harren thús. Om wis te wêzen dat de oansteande kening fan de Joaden it net oerlibje soe, liet Herodus alle jonges fan ûnder de twa jier yn Betlehem ombringe. Dat barren stie bekend as de Bernemoard yn Betlehem. Mar Jezus ûntsnapte oan dat moardzjen, om't syn âlden mei him op tiid nei Egypte flechten wiene, nei't hja yn in dream warskôge waarden. Nei de dea fan Herodus kamen hja lykwols net werom nei Judea, mar ferfearen hja nei Galilea yn it plak Nazaret.

It datearjen fan Jezus syn berte

Om't Jezus berne waard doe't Herodus noch libbe (want dy wie yn 4 f.Kr. ferstoarn), moat Jezus berne wêze om 4 f.Kr. hinne. Herodus liet alle jonges fan twa jier en jonger ombringe, dus waard it tradisjonele bertejier fan Jezus tusken 6 f.Kr. en 4 f.Kr. setten.

Jonkheid

Oer de jongerein fan Jezus stiet net in soad fan yn de Bibel. Jezus en syn famylje wennen yn it doarp Nazaret yn de provinsje Galilea. Yn de Bibel stiet dat Jezus, neffens Joadske tradysje, op de achtste dei besnien waard. Nei't de poppe fjirtich dagen âld wie, fûn de Presintaasje fan Jezus yn de Timpel plak. Doe't syn âlden him, yn in besite oan Jeruzalim, út it each ferlearen en him dêrnei wer weromfûn yn de Timpel fan Jeruzalim, dêr't er redendielde mei de skriftgelearden, begrypten hja net wat er sei: Wisten jo net dat ik yn it hûs fan myn Heit wêze moast. Yn it evangeelje fan Lukas is noch te lêzen fan doe't er opwoeks, sterk en kloekmoedich waard, en dat de genede fan God mei him wie. Ek stiet yn dy evangeelje dat er om de tritich hinne wie dat er mei syn wurk úteinsette.
Jezus woeks op mei famylje en waard, doe't er oan it preekjen wie, de "timmerman" neamd. Syn sibben dy't neamd waarden, wiene: Jakob, Joazef, Simeon en Juda en guon froulju, waans nammen net neamd waarden. Hja waarden de bruorren en susters fan Jezus neamd. Men wit net oft it gie om wiere bruorren en susters, healbruorren of fierdere famylje. De evangeeljes fertelle dat Jezus syn bruorren nei syn opstean yn him begûn te leauwen. Om't der fierders neat mear oer Joazef yn de evangeeljes ferneamd stiet, tinkt men dat er foar Jezus syn preekjen al ferstoarn wêze moatten hie. It wurd "timmerman" dat ornaris brûkt waard, koe ek sa as bygelyks "oannimmer" betsjutte.

Doop en fersiking

De Wikipedy hat ek in side Doop fan Jezus.
De Doop fan Jezus troch Andrea del Verrocchio en Leonardo da Vinci om 1475 hinne

It iepenbiere wurk fan Jezus begjint, neffens alle fjouwer evangeeljes, by Jehannes de Doper. Dy hie in soad folgelingen by de Jordaan en ropte de minsken op ta bekrûping fan harren sûnden en ta it bekearen foar it lêste oardiel en it tichterby kommen fan de ein fan de tiden. Guon fan de folgelingen fan Jehannes de Doper waarden letter dissipels fan Jezus. Ek liet Jezus himsels troch Jehannes dope, dêr't er de Hillige Geast fan God ûntfangt yn de stal fan in do, dy't Jehannes op him delkommen seach.
Nei't Jezus doopt wie, late God him ta de woastyn dêr't er fjirtich dagen en fjirtich nachten fêste hie. De deale ferskynde foar him en besocht him trije kear yn fersiking te heljen (Mattéus 4:1-2). Dat wie om 'e nocht, want Jezus ferwiisde nei de boek Deuteronomium. Doe ferdwûn de deale en kamen ingels him fiedsel bringen.

Wurk fan Jezus

Doe't Jehannes de Doper troch kening Herodus Antipas (soan fan Herodus de Grutte) finzennaam en ûnthalze waard, naam Jezus syn wurk oer. Ynstee fan oer it oardiel, dat Jehannes preke, preke Jezus oer de genede fan God. De evangeeljes fertelle dat er troch gâns Palestina reizge. Hy sette dêrmei út ein yn Galilea en preke yn ferskate synagogen en ek op in soad plakken bûtendoar. Hy gie om mei smeulske minsken, lykas prostituees en tolgarders. Hy die in soad wûnders sa as bygelyks: it genêzen fan minsken fan sykten, ferdreau kweageasten, liet minsken út de dea wei wer libje, rûn oer it wetter hinne, bêde in stoarm del, feroare wetter ta wyn en joech fiiftûsen taskôgers iten mei fiif bôlen en twa fisken. Ek ferjage er jildwikselders en keaplju fan it timpelplein. Hy redendielde gauris mei Joadske gelearden. Ek socht er gauris in plak op dêr't er allinne ta syn Heit, God, bidde koe.
Hy reizge lykwols net allinne, mar keas tolve manlju dy't syn dissipels (learlingen) en skielk, nei syn dea (en opstean), apostels (boadskippers) neamd waarden. De measten fan harren wiene fiskers út Galilea. Trije fan harren, Petrus, Jehannes en Jakobus stiene tichter by Jezus as de oaren. Ta oanwizing dêrfan wie it feit dat hja de iennige tsjûgen wiene fan inkelde bysûndere foarfallen. Bygelyks by de Ferhearliking op 'e Berch, dêr't Jezus syn wêzen en klean feroaren en Moazes en Elía oan harren ferskinen en in stim út in himelske glâns harren opropte nei Jezus te harkjen: Dit is Myn Soan, Him haw Ik útkeazen, harkje nei Him. Njonken de tolve disipels folgen der in grut tal oare manlju en froulje Jezus op syn paad troch it lân. De dissipel Judas Iskariot bleau him lykwols net trou.

Arrestaasje

De Wikipedy hat ek in side Arrestaasje fan Jezus.
It Lêste Nachtmiel fan Leonardo da Vinci

Nei't Jezus en syn dissipels justjes foar Pesach (Joadske Peaske) yn Jeruzalim oankamen, hie Judas Iskariot, ien fan syn dissipels, him foar it beteljen fan tritich sulverlingen, útlevere oan de Joadske hegepreesters. De arrestaasje fûn plak justjes nei it Lêste Nachtmiel, dy't Jezus mei syn dissipels fierd hie en dêr't er harren fuotten waske hie. Dat foarfal wie neffens harren in bysûndere die fan nederigens. Jezus waard midden yn 'e nacht oppakt yn it hôf fan Getsémané, dat in hôf fan olivebeammen krekt bûten de muorren fan Jeruzalim wie.

Rjochtsaak

Ecce homo (Sjoch nei dy man). Jezus foar Pontius Pilatus. Antonio Ciseri 19e iuw

Jezus waard ûnderfrege troch de Sanhedrin, de Joadske Rie fan Aldsten, de oerpreesters en Skriftgelearden, mei as foarsitter hegepreester Kajafas. Dêrnei waard er ûnderfrege troch de Romeinske prefekt fan Judea (Praefectus Iudaeae) Pontius Pilatus. Pilatus stjoerde him nei kening Herodus Antipas, om't dy it sizzenskip oer Galilea hie en om't Jezus fan Galilea kaam, dochs dy stjoerde him werom nei Pilatus. Jezus waard doe beskuldige fan godslasterlike útspraken, mar Pilatus seach gjin reden him de deastraf te jaan. Hy joech ta ûnder druk fan de Joadske lieders en feroardielde him ta it krusigjen, dat yn dy tiid in gebrûklike, dochs tige wrede foarm fan deastraf foar dyjingen, dy't sjoen waarden dy't de oarder fersteurden, wie.

It krusigjen

Jezus draacht syn krús. El Greco

It fûnis waard sletten op de heuvel Golgota, krekt bûten Jeruzalim. Tagelyk mei Jezus waarden der ek twa oare feroardielden krusige. Boppe syn holle waard in buordsje befêstige mei de tekst: Iesus Nazarenus Rex Iudaeorum (Jezus fan Nazaret, kening fan de Joaden). Op in soad skilderstikken stiet INRI oanjûn.
Syn ferstjerren duorre seis oere lang, fan moarns om njoggen oere oant middeis om trije oere (yn dy tiid hiet dat it tredde oant it njoggende oere fan de dei). Jezus utere yn dy seis oeren ferskate krúswurden. Om tolve oere middeis hinne waard it oer it gânse lân tsjuster. Nei't Jezus him utere It is dien, sykhelle er foar de lêste kear en doe ferstoar er. Neffens Mattéus fûn der dêrnei in ierdskodding plak.
Neffens Joadske wet mochten liken nachts en op Sabbat net hingjen bliuwe. Op fersyk fan de Joaden waard de dea fan de oare twa feroardielden ferhastige troch harren fuotten te brekken, sa't se dêr net mear op stypje koene. Dat barde net by Jezus, om't dy al ferstoarn wie.