Wylp: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 63: Rigel 63:
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Malta]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Malta]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Man]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Man]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Masedoanje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Monako]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Monako]]

De ferzje fan 13 feb 2019 om 19.32

Wylp

De wylp (Numenius arquata) is in fûgel út de famylje fan de snipfûgels (Scolopacidae). It is in grutte steltrinner (52 sm lang) mei in 9 - 15 sm lange, kromme nei ûnderen bûgde snaffel. It is de grutste steltrinner fan West-Europa. Hy is sûnder mis te werkennen, betizing is allinnich moogklik mei de reinwylp dy't 10 sm lytser is mei in snaffel fan 6 - 9 cm. De wylp hat net folle tekening op de kop, allinnich in skiere ljochte eachstreek. De reinwylp hat in donkere eachstreek en in krúnstreek.

Status yn Nederlân

Yn Nederlân binne wylpen it hiele jier troch te finen. De fûgel briedt yn iepen agrarysk gebiet mar ek yn drûge, iepen natoergebieten. Yn de jierren 1980 groeide it oantal fûgels dat briede yn agrarysk gebiet en naam it oantal dat keas foar natoergebieten ôf. Fûgels dy't yn Nederlân briede, oerwinterje súdliker, bygelyks yn Belgje, Frankryk, Dútslân, Ierlân, Spanje en it Feriene Keninkryk. Yn de winter hâlde hjir fûgels ta út Ruslân en Skandinaavje en mooglik in lyts oantal dat hjir ek briede.

Yn it briedseizoen binne se yn hiel Europa werom te finen, mei útsein inkele lannnen yn Súdeast-Europa.
De wylp stiet net op de Nederlânske reade list, wol op de ynternasjonale IUCN-list as 'gefoelich' (Near Threatened).

Keppeling om utens